20 augustus 2026 · artikel 35-vragen · gemeente Opsterland

raadsvragen Sinnefjild Waarme Hoeke FR (do, aangepast na BW)

Een raadslid stelde op 20 augustus 2026 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Opsterland.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

Saaknummer: 0086236273 1 / 2 Achte ried, Yn ’e riedsfergadering fan 30 juny 2026 hat de hear Voskuilen fan de FNP mûnling in twatal fragen steld oer it Sinnefjild Waarme Hoeke. Dit nei oanlieding fan ’e beäntwurding fan ’e skriftlike fragen dy’t earder steld wiene troch de hear Voskuilen oer dit ûnderwerp.

Hjirûnder sjogge jo de mûnling stelde fragen, fuort folge troch ús antwurden op dizze fragen.

Fraach 1 - Sinneljedder Yn ’e beäntwurding wurdt oanjûn dat sa’n 10% fan ’e opjefte binnen de earste trije treden opwekke wurde kin. Kin it kolleezje oanjaan op hokker konkrete ûndersiken of gegevens dat persintaazje basearre is? Kinne wy dit ûndersyk ynsjen?

Reaksje kolleezje Wy ferwize jo nei ‘Uitkomsten Zonneladder’ foar in wiidweidich antwurd op dizze fraach.

Begjin 2025 hat de gemeente it bedriuw ROM 3D in data-analyze útfiere litten. De resultaten hjirfan binne opnommen yn it dokumint ‘Uitkomsten Zonneladder’. Dit dokumint is yn de lêste nijsbrief fan Novar dield mei de abonnees.

Fraach 2 – Status fergunningsoanfraach Yn ’e beäntwurding stiet dat de fergunningsoanfraach noch net folslein is. Kin it kolleezje oanjaan oft de fergunningsoanfraach ûnderwilens folslein is? En as dat sa is, kinne de fragen fan ’e skriftlike beäntwurding dy’t noch iepenlitten binne dan noch beäntwurde wurde?

Reaksje kolleezje Op 10 july 2026 binne de ûntbrekkende stikken yntsjinne troch Novar. De oanfraach wurdt no troch ús yn behanneling nommen en beoardiele. Ferskate partijen sille om advys frege wurde. It is wierskynlik dat wy nei beoardieling oan ’e inisjatyfnimmer freegje om de oanfraach op spesifike ûnderdielen oan te foljen. Dy oanfoljende stikken moatte dêrnei ek wer troch ús beoardiele wurde. De beoardieling fan sa’n oanfraach kin dêrtroch inkelde moannen yn beslach nimme. Dat is gebrûklik by dit soarte fan komplekse oanfragen. Nei de folsleine beoardieling kin der in beslút op de oanfraach nommen wurde. Dat is dan ek it momint dat jo ried frege wurdt om in binend advys ôf te jaan. Op dat momint sille wy yn it riedsútstel de iepensteande skriftlike fragen beäntwurdzje en krije jo alle relevante ynformaasje oer de oanfraach en de beoardieling dêrfan.

Pas neidat jo ried in binend advys oer de oanfraach útbrocht hat, kinne wy in beslút op de fergunningoanfraach nimme.

Oan de ried Jo skaaimerk: - Portefúljehâlder:

Marcel van Opzeeland Us skaaimerk: 0086236273 Behannele troch:

Eveline Zech Telefoan: 0512 386 222 Bylagen: - Underwerp:

Beäntwurding riedsfragen Sinnefjild Waarme Hoeke Beetstersweach: 18 augustus 2026 Ferstjoerd op: 20 augustus 2026

Saaknummer: 0086236273 2 / 2 Nim by fragen kontakt op Wy fertrouwe derop dat jo fragen hjirmei beäntwurde binne.

Foar fierdere fragen oer de proseduere kinne jo kontakt opnimme mei Eveline Zech fia [email protected].

Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders, Bylage(n): - de gemeentesekretaris, Sandra van ’t Hooge de boargemaster, Andries Bouwman

Bekijk de brief: Beantwoording raadsvragen Sinnefjild Waarme Hoeke FR (do, aangepast na BW)

Bron: raadsinformatie van de gemeente Opsterland (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Opsterland

Alle artikel 35-vragen in Opsterland