17 februari 2025 · artikel 35-vragen · gemeente Dantumadiel

190 Raadsbrief beantwoording raadsvragen Wenningbou Dantumadiel FNP

Een raadslid stelde op 17 februari 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Dantumadiel.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

Oan de leden fan de ried fan de gemeente Dantumadiel Postbus 22 9104 ZG Damwâld

Ons kenmerk:

2025-042456

Behandeld door:

College van burgemeester en wethouders 13 maart 2025 18 maart 2025

Datum brief:

Datum college:

Underwerp: Beantwurding skriftlike fragen Wenningbou Dantumadiel - FNP Dantumadiel

Achte ried, Op 17 febrewaris 2025 hat de fraksje fan FNP Dantumadiel, op grûn fan kêst 35 Reglement van Orde, skriftlike fragen steld oer de Wenningbou yn de gemeente Dantumadiel. Yn dizze brief jouwe wy antwurd op dy fragen.

Fraach 1: Hoefolle prosint fan de 400 oant miskien 700 wenningen wurdt dizze riedsperioade noch realisearre?

Antwurd: It wenprogramma fan Dantumadiel rint oant en mei 2030. Oant en mei 2026 ferwachtsje wy yn Dantumadiel ûngefear 366 wenienheden en kavels realisearje te kinnen. Dit betsjut dat in grut part fan de neamde oantallen yn dizze riedsperioade realisearre wurde kinne.

Fraach 2: Neffens de sifers fan it CBS soene der tusken 2019 en 2024 netto sa’n 151 wenningen realisearre wêze. Yn it neamde artikel wurdt der neamd dat der sa’n 230 wenningen en kavels realisearre binne. Werom sit der ferskil yn de sifers?

Antwurd: By de sifers fan it CBS giet it allinne oer de realisearre wenten. Yn dit artikel giet it ek oer de útjûne kavels, fergunnings en projekten dy’t yn ûntwikkeling binne.

Fraach 3: Kin de ried de wenningbousifers ûntfange fan de boppesteande jierren? (Netto oantal bykommen wenningen) Antwurd: De gegevens foar de realisearre kavels en projekten binne te finen yn it gemeentlik wenprogramma en de wentermometer dy’t al yn it besit binne fan de ried. It netto tal realisearre wenten kloppet lykas it CBS dit presintearret.

Fraach 4: Is der mei it realisearjen fan sa’n 21 kavels en in oantal bouwterreinen sprake fan in wenningbou dy’t “behoarlik yn de lift sit”? Hoe sjocht de wethâlder dat?

Antwurd: Tusken 2014 en 2018 hat de krimpgedachte der ta lieden dat de wentebouprojekten yn de gemeente Dantumadiel folslein stil binne kaam te lizzen. Fanôf 2018 naam de wethâlder as bestjoerlik lûker tegearre mei de buorgemeenten it inisjatyf om op ferskate nivo’s petearen mei de provinsje te fieren. Dizze petearen hawwe yn 2020 lied ta nije ôfspraken, wêrtroch’t de ANNO-gemeenten mear romte krije om wenten te bouwen. Dêrnei waard de gemeentlike wenfyzje mei behearrend wenprogramma opsteld en yn 2021 troch de gemeenteried fêststeld. 1

In wichtich part fan de ôfspraken mei de provinsje wie it ûntwikkeljen fan in jierlikse monitor om it ferlet fan wenten te mjitten. Yntusken waard útein set mei it plannen meitsjen yn alle doarpen, wêrby’t earst in partisipaasjeproses en in mjitting nei ferlet dien waard. De ûntwikkeling fan plannen, partisipaasje en prosedueres foar bestemmingsplannen nimme in protte tiid yn beslach. Foarich jier jûch de ôfdieling Romtlike Untwikkeling oan de gemeenteried in trochsjen yn de trochrintiden fan sokke prosessen, wêrby’t bliken die dat 3 oant 4 jier in normale termyn is.

Yn 2023 en 2024 hat de ried meardere plannen fêststeld mei yn totaal goed 200 kavels en wenienheden, wêrnei’t de ferkeap fan kavels opstart waard. Yntusken wurdt der op in protte fan dizze kavels drok bout en wurde de earste wenten al bewenne. De nije organisaasje komt hieltyd mear op stoom en wurket oan nije plannen út it wenprogramma. Under oare troch de ûntwikkeling fan oare wenfoarmen lykas Tiny Houses, pré mantelsoarchwenten en bemetten wenten. De resultaten hjirfan sille de kommende tiid sichtber wurde.

Troch dizze fuortgong is der in dúdlik ferskil mei de stilstân foar 2018. Neffens de wethâlder kin dan ek, yn alle gefallen fan 2023 ôf sichtber foar ús ynwenners, terjochte sprutsen wurde fan ‘’Woningbouw in de lift’’.

Fraach 5: Is de útspraak “behoarlik yn de lift sit” dan ferwizend nei de 'ôfrûne' jierren? (46 wenningen/kavels per jier) (ôfrûne jierren = 5 jier) Antwurd: Dizze útspraak hat te krijen op de ôfrûne 2 jier, de aktuele ûntwikkelings en de kommende jierren.

Wy ferwachtsje nei dizze ‘boost’ op de wenningmerk noch in grutte groei yn de realisaasje fan wenten yn Dantumadiel.

Mei freonlike groetnis,

R.G. Dijksterhuis, Gemeentesekretaris gemeente Dantumadiel

2

Bekijk de brief: 190 Raadsbrief beantwoording raadsvragen Wenningbou Dantumadiel FNP

Bron: raadsinformatie van de gemeente Dantumadiel (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Dantumadiel

Alle artikel 35-vragen in Dantumadiel