17 februari 2025 · artikel 35-vragen · gemeente Dantumadiel

210 Raadsbrief beantwoording raadsvragen Wenningbouplan De Frosk - FNP Dantumadiel deel 2.1 FRYSKE OERSETTING (1)

Een raadslid stelde op 17 februari 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Dantumadiel.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

Oan de leden fan de ried fan de gemeente Dantumadiel Postbus 22 9104 ZG Damwâld

Ons kenmerk:

2025-042474

Behandeld door:

College van burgemeester en wethouders 02 april 2025 08 april 2025

Datum brief:

Datum college:

Underwerp: Beantwurding skriftlike fragen Wenningbouplan De Frosk - FNP Dantumadiel, diel 2 Achte ried, Op 17 febrewaris 2024 hat de fraksje fan FNP Dantumadiel, op grûn fan artikel 35 Reglement van Orde, skriftlike fragen steld oer it wenningbouplan de Frosk yn De Westereen en ek oer de dêr lizzende passantehaven. Yn in eardere reaksje is antwurd jûn op de fragen oangeande de Frosk. Yn dizze brief jouwe wy antwurd op de fraach oer de passantehaven.

Ut de FNP wei is oanjûn:

Yn it ferline is der bygelyks by “ Passantehaven De Westereen ” ek foar keazen om de proseduere ferrinne te litten troch útjefte fan it terrein fia in priisfraach. Oer de status hjirfan is it folgjende te lêzen op'e gemeentlike webside: "It is noch net bekend wannear't it plan realisearre wurdt." Dit is sûnt 2021 oan'e gong.

Fraach 2:

Kin de portefúljehâlder oanjaan hoe't it proses nei de priisfraach 'Passantehaven' gien is. Binne alle partijen posityf? Graach krije wy in wiidweidich ferslach mei tiidline hoe't dizze priisfraach nei it winnen oant no ferrûn is.

Antwurd:

It antwurd op de fraach begjint mei it, foar safier noch bekend, yn line setten fan de ûnderdielen yn de tiid. "Foar safier bekend", omdat meiwurkers dy't oan dit dossier wurke hawwe net mear wurksum binne by de gemeente Dantumadiel.

It proses is útein set nei it beëinigjen fan de ynskriuwtermyn foar de priisfraach. Dit wie op 15 april 2021.

Op 11 maaie 2021 hat it kolleezje it beslút naam oer de winner fan de priisfraach. De gemeenteried hat op 25 maaie 2021 dit beslút bekrêftige.

Inisjatyfnimmer hat nei de simmer fan 2021 in sketsplan yntsjinne. Dizze wike lykwols ôf fan de priisfraach.

De beoardieljende kommisje hat it plan toetst. De ôfwiking is as akseptabel beoardiele.

Dêrnei is op 4 novimber 2021 de Keapoerienkomst tekene mei inisjatyfnimmer, wêryn't ferskate ôfspraken fêstlein binne.

Ein jannewaris 2022 is n.a.v. it sketsplan it earste konsept bestimmingsplan (BP) ûntfongen ta beoardieling.

Op 29 juny 2022 hat der dêrnei oerlis west mei it Wetterskip en op 21 -07 -2022 hawwe wy it earste Foarûntwerp BP krigen.

Op 31 augustus 2022 is it foarûntwerp bestimmingsplan, yn it ramt fan it wetlik foaroerlis, ferstjoerd nei de oerlispartners mei in gebrûklike termyn fan 6 wiken om te reagearjen. Hjirop hat de brânwacht reagearre op 6 septimber 2022 en op 10 novimber 2022 kaam de provinsje mei har reaksje. 1

De perioade desimber 2022 - juny 2023 stie yn it teken fan oanpassen fan it bestimmingsplan nei in ûntwerp plan. Nei oanlieding fan de amtlike reaksjes en dy fan de oerlispartners hat it advysburo yn opdracht fan inisjatyfnimmer it foarûntwerp oanpast nei it ûntwerp plan.

Yn juny 2023 is de brief ûntheffing Feroardering Romte Fryslân 2014 (VRF) rjochting provinsje ferstjoerd. Op 27 july 2023 hat de provinsje it fersyk om ûntheffing ûntfongen en op 21 novimber 2023 hat de gemeente de ûntheffing fan de provinsje ûntfongen.

Hjirnei is op 20 desimber 2023 it ûntwerp bestimmingsplan publisearre. De termyn op besjen rint oant en mei 31 jannewaris 2024. Binnen de stelde termyn binne sjenswizen ûntfongen fan de provinsje en buorman.

De perioade desimber 2023 oant ca septimber 2024 stie yn it ramt fan de ûntflechting en opbou fan Dantumadiel yn ferliking mei Noardaast Fryslân. Systemen, prosessen en argivearring wurde oerset en binne yn opbou. Ek is der grutte efterstân by de oerdracht oan it ljocht kaam en hearsket der ûnderbesetting by team RO. Dêrtroch is prioritearring needsaaklik. Dizze kaam te lizzen by de wenningbouprojekten.

Dêrtroch is it ôfhanneljen fan de sjenswizen fan ûnderhavich plan stil kommen te lizzen. Dit is mei de ûntwikkelder kommunisearre.

Tagelyk ûntstiet yn de rin fan 2024 in konflikt tusken inisjatyfnimmer en de buorman. Inisjatyfnimmer wol ûnder oare it rjocht fan oerpaad fan de buorman oer de passantehaven út de oerienkomst helje.

Op 29 july 2024 hat de gemeente in pro forma ynfersomstelling krigen foar it útbliuwen fan fêststelling fan it bestimmingsplan. Underbesetting is noch hieltyd oan de oarder fan de dei.

Fan novimber 2024 ôf wurdt it dossier wer oppakt. Der is kontakt lein mei inisjatyfnimmer en binne juridysk adviseur. Inisjatyfnimmer is bliid dat it dossier wer oppakt wurdt. Op 29 novimber 2024 folget dochs noch de ynfersomstelling foar it útbliuwen fan fêststelling.

Ek hat de gemeente in hanthaveningsfersyk krigen fan inisjatyfnimmer foar it iepenstellen fan de Swemmerloane. Hjir leit, neffens inisjatyfnimmer, in relaasje mei it bestimmingsplan en de lizzende sjenswize fan de buorman.

Fanút de gemeente wei moat ûndersocht wurde oft de dyk om de passantehaven hinne in iepenbiere dyk is, oft dat hjir in rjocht fan paad fêstige wurde moat. Hjir giet tiid yn sitten en is fan ynfloed op de fuortgong fan it bestimmingsplan. It beäntwurdzjen fan de sjenswizen en fêststelling fan it bestimmingsplan wurdt op fersyk fan inisjatyfnimmer útsteld.

It ûndersyk hanthavening blokkade Swemmerloane en de beslútfoarming hjiroer wurdt apart oanbean oan it kolleezje.

Ein maart 2025 hat de gemeente berjocht fan inisjatyfnimmer krigen dat beslútfoarming oer it bestimmingsplan wer oppakt wurde kin. Ynkoarten kin de gemeenteried it foarstel dêrta ferwachtsje.

Konklúzje:

Sjoen de ynfersomstelling en it fersyk om hânhavening kin konkludearre wurde dat net alle partijen like posityf binne oer it ferrin fan dizze kasus.

Freonlik groetsjend, R.G. Dijksterhuis, Gemeentesekretaris gemeente Dantumadiel

2

Bekijk de brief: 210 Raadsbrief beantwoording raadsvragen Wenningbouplan De Frosk - FNP Dantumadiel deel 2.1 FRYSKE OERSETTING (1)

Bron: raadsinformatie van de gemeente Dantumadiel (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Dantumadiel

Alle artikel 35-vragen in Dantumadiel