243 Collegebrief beantwoording schriftelijke vragen FRYSK
Een raadslid stelde op 22 april 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Dantumadiel.
Brief van het college
Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.
Aan de leden van de raad van de gemeente Dantumadiel Postbus 22 9104 ZG Damwâld
Onderwerp:
Ons kenmerk:
2025-104835
Behandeld door:
College van burgemeester en wethouders
Datum college:
Bijlagen:
20 mei 2025
Kavel prizen eksklusyf BTW
Geachte raad, Op 18 april 2025 hat de fraksje fan de FNP, op grûn fan artikel 35 Reglement van Orde, skriftlike fragen steld oer de BTW yn relaasje ta de kavelprizen. Yn dizze brief jouwe wy antwurd op dy fragen.
Vraag 1: Is de wethâlder it mei de FNP iens dat in situaasje lykas by Feanwâlden De Bosk, ûnder oare foarkommen wurde kin troch net mear te advertearjen mei m²-prizen eksklusyf BTW?
Antwurd: Ja, en dit sille wy tenei op dizze wize yn 'e merk sette. Rinsumageast is lykwols hast tagelyk mei Feanwâlden op de merk brocht. Nijsadvertinsjes binne yndertiid klearset, ek foar in pear wike letter.
Vraag 2: Wêrom advertearret ús gemeente eins mei m²-prizen sûnder BTW, wylst dizze bedoeld binne foar partikulieren?
Antwurd: Dit komt omdat it yn de fêstgoedbrânsj gebrûklik is dat der mei prizen excl. BTW wurke wurdt. Yn 'e offisjele stikken fan'e kavelferkeap steane prizen ynklusyf én eksklusyf BTW.
Vraag 3: Op basis fan it taheakke Beslút: meie wy as gemeente kavels sûnder BTW-prizen advertearje?
Antwurd: Wy hawwe dat juridysk hifkje litten en yn offisjele stikken mei dat net. Dat binne bygelyks de brosjuere en de prizen op de webside. De tastjoerde skermôfbylding is in nijsberjocht dêr't de prizen eksklusyf btw steane, mar dêr't ek yn ferwiisd wurdt nei dizze projektside. Dit makket dat it juridysk sjoen net ferkeard is wat der dien is. Mar it hie better west om allinnich prizen ynklusyf BTW te kommunisearjen.
Vraag 4: As it antwurd ja is: op grûn wêrfan meie wy dat dan dwaan?
Antwurd: Omdat wy dúdlik ferwize nei de offisjele siden en stikken, wêrtroch't der transparânsje is en de minsken genôch ynformaasje hawwe oer de kavelpriis.
Vraag 5: As it antwurd nee is: hat dit dan gefolgen foar ús gemeente (bygelyks finansjeel, reputaasje, ensfh.)?
Antwurd: Nee, dit hat gjin gefolgen, mar troch tenei ien dúdlike line mei allinnich prizen ynklusyf btw te kommunisearjen, foarkomt dat faaks wol ûndúdlikheid yn 'e takomst.
Freonlik groetsjend, Ut namme fan it kolleezje van boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel,
R.G. Dijksterhuis Siktaris
–2–
Bekijk de brief: 243 Collegebrief beantwoording schriftelijke vragen FRYSK
Bron: raadsinformatie van de gemeente Dantumadiel (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.