265 Raadsbrief beantwoording raadsvragen Tiny Houses De Westereen
Een raadslid stelde op 16 mei 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Dantumadiel.
Brief van het college
Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.
Oan de leden fan de gemeenteried fan Dantumadiel Postbus 22 9104 ZG Damwâld
Ons kenmerk:
2025-042474
Behandeld door:
College van burgemeester en wethouders 30 maart 2025 10 juni 2025
Datum brief:
Datum college:
Underwerp: Beantwurding skriftlike fragen – Tiny Houses De Westereen Achte gemeenteried, Op 16 maaie 2025 hat de fraksje fan FNP Dantumadiel, op grûn fan kêst 35 Reglement fan oarder, skriftlike fragen steld oer “Tiny Houses De Westereen’. Yn dizze brief jouwe wy antwurd op dy fragen.
Fraach 1: Hat der eartiids kontakt of oare foarmen fan kommunikaasje west mei de direkte buertbewenners fan de foarstelde lokaasjes foar Tiny Houses yn De Westereen?
Antwurd: Foardat de riedsfragen steld wiene, is der noch gjin kontakt west mei de direkte buertbewenners.
Fraach 2: Sa ja, kinne jo oanjaan op hokker wize en op hokker mominten dy kommunikaasje plakfûn hat?
Antwurd: Yn de tariedingsfaze fan de beslútfoarming oer it plan ‘Lyts Wenjen’ is in kommunikaasjeplan opsteld, omdat wy ús derfan bewust binne dat kommunikaasje en partisipaasje fan krúsjaal belang binne foar de ûntwikkeling fan it plan en foar it krijen en hâlden fan draachflak. De earste stappen yn de kommunikaasje hiene wêze moatten it ynrjochtsjen fan de projektwebside https://www.dantumadiel.frl/lyts-wenjen en in útnûging foar in ynformaasjejûn, rjochte oan belanghawwenden, wêrûnder de omwenners. Oars as yn it kommunikaasjeplan opnommen, is nei de beslútfoarming in ynterview jûn. Omwenners hawwe oanjûn dat dit ynterview harren oerfallen hat. Op inisjatyf fan de wethâlder hat op 28 maaie in petear plakfûn mei omwenners en fertsjindwurdiging fan doarpsbelang. Dit wie in konstruktive gearkomste dêr’t de oanwézigen harren soargen uterje koene en alfêst meitinke koene oer it ferfolch fan it ûndersyk. Tenei sille wy ús sa folle mooglik hâlde oan it kommunikaasjeplan.
Fraach 3: En hoe is dit ûntfongen? Hoe wiene de earste reaksjes?
Antwurd: De omwenners fan lokaasje Keimpe Sikkemawei jûgen yn it petear fan 28 maaie allegear oan dat se leaver gjin wenningbou op dizze lokaasje sjuche. Dernjonken hawwe se meitocht oer át it dan wol bart, wat der dan wol komme kin en wat perfoarst net. Alle oanwézigen hawwe harren wurdearring útsprutsen foar it petear op 28 maaie 2025.
1
Fraach 4: As der noch gjin kommunikaasje west hat: wêrom is dit net dien, wylst der earder in riedsfoarstel oannaam is dêr’t yn steld waard dat de lokaasjes ûndersocht wurde soene?
Antwurd: Fanút it eachpunt fan soarchfâldigens is yn it kommunikaasjeplan opnaam dat omwennenden nei beslútfoarming troch de rie ynformeare wurde soene.
Fraach 5: Kinne jo taljochtsje hoe’t it kolleezje it proses fan partisipaasje en ‘fan ûnderen op’ belutsenens fan buertbewenners yn dizze kwestje foarmjaan wol?
Antwurd:
It kolleezje hat it foarnimmen om tenei it kommunikaasjeplan, lykas beskreaun yn it Plan fan Oanpak Lyts Wenjen, te folgjen. Ek sil de gemeente in wurkgroep oprjochtsje om de omwenners en ynteressearren aktyf te belûken by it projekt.
Fraach 6: Hat it kolleezje al ferfolchstappen pland om de belutsenens fan de buertbewenners te garandearjen foardat der fierdere besluten nommen wurde? Sa ja, hokker binne dat?
Antwurd: Ja, it kolleezje hat ferfolchstappen pland, wêrûnder de oprjochting fan in wurkgroep om yn te stean foar de belutsenens fan de omwenners. Dy wurkgroep sil in wichtige rol spylje yn it belûken fan de buertbewenners en ynteressearren by it fierdere proses. Op 1 juli sil der in petear plakfine mei omwenners en op 9 juli foar minsken dy’t ynteresseare binne yn it tema lyts wenjen en doarpsbelang.
Fraach 7: Is it kolleezje fan doel om de buertbewenners dochs noch skriftlik op ’e hichte te stellen?
Eventueel mei in ekskús foar de minne kommunikaasje?
Antwurd: Yn it petear fan 28 maaie 2025 hawwe wy ús út namme fan it kolleezje ferskuldige foar de ûnrést dy’t yn ‘e buert ûntstean wie. Dernei binne kontaktgegevens útwiksele en wy hawwe ôfspraken mei-inoar makke oer de kommunikaasje yn ’e takomst.
Freonlik groetsjend,
G. van Oudenaarden Lokosiktaris gemeente Dantumadiel
2
Bekijk de brief: 265 Raadsbrief beantwoording raadsvragen Tiny Houses De Westereen
Bron: raadsinformatie van de gemeente Dantumadiel (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.