13 augustus 2025 · artikel 35-vragen · gemeente Dantumadiel

309 RB schriftelijke vragen FNP toeristenbelasting FRYSK aug25

Een raadslid stelde op 13 augustus 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Dantumadiel (11 vragen).

In het kort

11 vragen en wat het college antwoordt

  • Hat der sûnt de ynfiering fan de toeristebelesting yn ús gemeente in evaluaasje plakfûn oer de wurking, opbringsten en effekten dêrfan? → Antwurd: Sûnt 2022 wurdt der toeristebelesting heft binnen de gemeente Dantumadiel.
  • Sa ja, kinne jo de útkomsten mei de ried diele? → Antwurd: Sjoch reaksje op fraach 1.
  • Sa nee, binne jo ree op koarte termyn dochs in evaluaasje út te fieren? → Antwurd: It Kolleezje is net foarnimmens om op koarte termyn in evaluaasje út te fieren.
  • Op hokker wize binne rekreaasje-ûndernimmers belutsen of ynformearre oer de eardere ynfiering en de no oankundige ferheging? → Antwurd: Fóár de ynfiering fan de toeristebelesting yn 2022 binne de toeristyske en rekreative ûndernimmers yn in troch de gemeente organisearre gearkomste ynformearre oer de ymplemintaasje…
  • Oerwaget it kolleezje om by takomstige wizigingen earder en mear yn oerlis mei ûndernimmers te kommunisearjen? → Antwurd: It beslút ta ferheging is naam troch de gemeenteried, nei oanlieding fan in yntsjinne moasje.
  • Yn de brief wurdt neamd dat der ynvestearre wurdt yn de feilichheid en berikberens fan fytspaden. → Antwurd: Fan 2022 ôf binne de folgjende fytspaden ferbettere troch it asfalt te ferfangen troch beton en de fytspaden te ferbreedzjen.
  • Hokker oare aktiviteiten of foarsjennings foar rekreaasje en toerisme wurde finansierd út de opbringsten fan de toeristebelesting? → Antwurd: Ut finansjeel perspektyf wei binne der gjin spesifike útjeften direkt keppele oan de opbringsten út de toeristebelesting.
  • Is it kolleezje ree jierliks ynsjoch te jaan yn de ynkomsten en útjeften, spesifyk útsplitst foar toerisme en rekreaasje? → Antwurd: Yn it Programma 4 ‘Wurk, bedriuw en Rekreaasje’ wurde ûnder oare de aktiviteiten oangeande toerisme en rekreaasje beskreaun.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Oan de leden fan de ried fan de gemeente Dantumadiel Postbus 22 9104 ZG DAMWÂLD

Underwerp: Riedsfragen oer de kommunikaasje, evaluaasje en needsaak toeristebelesting

Ons kenmerk:

2025 - 237863

Website:

www.dantumadiel.frl

Behandeld door:

Kolleezje fan boargemaster en wethâlders

Datum brief:

16 septimber 2025

Achte leden fan de ried, Op tiisdei 13 augustus hat de fraksje fan FNP, op grûn fan kêst 35 Reglement van Orde, skriftlike fragen steld oer de kommunikaasje, evaluaasje en needsaak toeristebelesting. Yn dizze brief jouwe wy antwurd op dy fragen.

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Hat der sûnt de ynfiering fan de toeristebelesting yn ús gemeente in evaluaasje plakfûn oer de wurking, opbringsten en effekten dêrfan?

Antwoord van het college

Antwurd: Sûnt 2022 wurdt der toeristebelesting heft binnen de gemeente Dantumadiel. Yn dy perioade hat gjin eksplisite evaluaasje plak fûn.

It Kolleezje ûnderskriuwt it stânpunt fan de VNG:

De VNG is foar it heffen fan de toeristebelesting. Net omdat gemeenten sa graach belestingen heffe, mar omdat belestingheffing needsaaklik is om ynvestearje te kinnen yn lokale foarsjennings. In soad fan dy ynvestearringen komme ek te'n geunste fan toeristen. Gemeenten moatte dêrom de kar hawwe om in part fan dizze kosten mei opbringsten út de toeristebelesting te beteljen. De ynvestearrings fan gemeenten yn toerisme en rekreaasje binne nammentlik noch altyd heger as de opbringst fan de toeristebelesting.

Foar it byld ûndersteande de opbringsten fanút de toeristebelesting yn de ôfrûne 3 jier: 2024: EUR 50k (€ 1 de persoan per nacht) 2023: EUR 39k (€ 1 de persoan per nacht) 2022: EUR 64k (€ 1 de persoan de nacht)

Vraag 2

Sa ja, kinne jo de útkomsten mei de ried diele?

Antwoord van het college

Antwurd: Sjoch reaksje op fraach 1.

Vraag 3

Sa nee, binne jo ree op koarte termyn dochs in evaluaasje út te fieren?

Antwoord van het college

Antwurd: It Kolleezje is net foarnimmens om op koarte termyn in evaluaasje út te fieren. De toeristebelesting is in algemiene heffing, wêrby't it net mooglik is om in direkte ien-op-ien keppeling te meitsjen tusken de opbringsten út toeristebelesting en de útjeften fan de gemeente dy't direkt of yndirekt ta geunste komme foar toerisme en rekreaasje. Dit is yn line mei it stânpunt fan de VNG.

Vraag 4

Op hokker wize binne rekreaasje-ûndernimmers belutsen of ynformearre oer de eardere ynfiering en de no oankundige ferheging?

Antwoord van het college

Antwurd: Fóár de ynfiering fan de toeristebelesting yn 2022 binne de toeristyske en rekreative ûndernimmers yn in troch de gemeente organisearre gearkomste ynformearre oer de ymplemintaasje dêrfan.

De oankundige ferheging fan € 0,50 is it gefolch fan it riedsbeslút dat op 7 july 2025 nommen waard, nei oanlieding fan de troch Gemeentebelangen yntsjinne moasje. Dizze ferheging sil definityf syn beslach krije yn de Feroardering op de heffing en ynfoardering Toeristenbelasting 2026 Dantumadiel. Dizze feroardering wurdt yn it neijier fêststeld (ferline jier op 12 novimber). Yn de begrutting 2026 nimme wy de ferheging wol alfêst mei.

Nei it riedsbeslút fan 7 july binne de toeristyske en rekreative ûndernimmers sa gau as mooglik oer dit beslút ynformearre. Op 16 july is in brief (sjoch taheakke 1) mei in foaroankundiging fan dit foarnimmen nei alle belutsen ûndernimmers ferstjoerd.

Vraag 5

Oerwaget it kolleezje om by takomstige wizigingen earder en mear yn oerlis mei ûndernimmers te kommunisearjen?

Antwoord van het college

Antwurd: It beslút ta ferheging is naam troch de gemeenteried, nei oanlieding fan in yntsjinne moasje.

Hjirtroch wie it foar it kolleezje net mooglik om earder te kommunisearjen mei de ûndernimmers.

Vraag 6

Yn de brief wurdt neamd dat der ynvestearre wurdt yn de feilichheid en berikberens fan fytspaden. Hokker konkrete projekten binne hjirút oant no ta realisearre?

Antwoord van het college

Antwurd: Fan 2022 ôf binne de folgjende fytspaden ferbettere troch it asfalt te ferfangen troch beton en de fytspaden te ferbreedzjen.

De folgjende projekten binne oppakt:

Koekoekspaad Feanwâlden: sa'n 2 km beton en ferbrede Rinewâl De Falom: ûngefear 800 m beton en ferbrede Melkemawei Rinsumageast: ûngefear 135 m beton nij oanlis Haadfytsrûte Damwâld- Feanwâlden: sa’n 3 km beton en ferbrede Dizze projekten hiene in totale ynvestearringsomfang fan sirka € 2.101.500, -.

Vraag 7

Hokker oare aktiviteiten of foarsjennings foar rekreaasje en toerisme wurde finansierd út de opbringsten fan de toeristebelesting?

Antwoord van het college

Antwurd: Ut finansjeel perspektyf wei binne der gjin spesifike útjeften direkt keppele oan de opbringsten út de toeristebelesting. De toeristebelesting is in algemiene heffing, wêrtroch in direkte ien-op-ien keppeling tusken de opbringsten út toeristebelesting en de útjeften dy't de gemeente docht foar toerisme en rekreaasje net mooglik is.

De gemeente Dantumadiel jout sawol subsydzjes as ko-finansiering oan ferskate (merk)partijen dy't belutsen binne by toeristyske en rekreative aktiviteiten.

Vraag 8

Is it kolleezje ree jierliks ynsjoch te jaan yn de ynkomsten en útjeften, spesifyk útsplitst foar toerisme en rekreaasje?

Antwoord van het college

Antwurd: Yn it Programma 4 ‘Wurk, bedriuw en Rekreaasje’ wurde ûnder oare de aktiviteiten oangeande toerisme en rekreaasje beskreaun. Yn de P&C-syklus wurdt de fuortgong fan de útfiering en de dêrby byhearrende budzjetten evaluearre, en as dat nedich is wurde de doelstellings oanpast. De finansjele stikken, keppele oan de P&C-syklus, wurde ek foar ynformaasje en beslútfoarming dield mei de gemeenteried.

–2–

Vraag 9

Binne der neist fytspaadynvestearrings noch oare plannen yn tarieding dy’t deposysje fan ús rekreaasje-ûndernimmers fersterkje?

Antwoord van het college

Antwurd: Lykas oanjûn yn fraach 7, jout de gemeente Dantumadiel sawol subsydzjes as ko-finansiering oan ferskate (merk)partijen dy't belutsen binne by toeristyske en rekreative aktiviteiten.

Vraag 10

Hoe wurde dizze plannen ôfstimd mei de ûndernimmers sels?

Antwoord van het college

Antwurd: De gemeente Dantumadiel organisearret twa kear yn it jier (yn it foar - en neijier) in oerlis mei toeristyske en rekreative ûndernimmers, wêrby't de ûndernimmers foarôf ûnderwerpen oandrage kinne dy't yn it oerlis behannele wurde. Ek wurdt nijs fanút de organisaasje mei harren dield. Dêrneist is der in ôffurdiging fan de toeristyske en rekreative ûndernimmers oansletten by it ekonomysk platfoarm.

Vraag 11

Is it kolleezje ree om yn petear te gean mei de ûndernimmers en te werbeskôgjen oft it heffen fan toeristebelesting oer it algemien wol needsaaklik is yn ús gemeente?

Antwoord van het college

Antwurd: It al of net heffen fan dizze belesting is oan de gemeenteried.

Freonlik groetsjend, Ut namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel,

R.G. Dijksterhuis Sekretaris

Taheakken:

Brief verhoging toeristenbelasting DAN

–3–

Bekijk de brief: 309 RB schriftelijke vragen FNP toeristenbelasting FRYSK aug25

Bron: raadsinformatie van de gemeente Dantumadiel (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Dantumadiel

Alle artikel 35-vragen in Dantumadiel