7 februari 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

aanleg glasvezel in de gemeente Leeuwarden

Een raadslid stelde op 7 februari 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Wa betellet it herstraten fan de strjitten en stoepen fan gemeente Ljouwert dy’t der, nei oanlieding fan dizze wurksemheden, fan ’t simmer tige min by lizze sille? → Antwoorden Dizze kosten binne foar rekken fan de telecom oanbieder. 2.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Saaknûmer: 2023-013534 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen lykas bedoeld yn kêst 42, earste lid, fan it Reglement van Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan'e gemeente Ljouwert, yntsjinne op 17 jannewaris 2023. De fragen komme fan de FNP en gean oer de oanlis fan glêsfezel.

Vragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Wa betellet it herstraten fan de strjitten en stoepen fan gemeente Ljouwert dy’t der, nei oanlieding fan dizze wurksemheden, fan ’t simmer tige min by lizze sille?

Antwoord van het college

Antwoorden Dizze kosten binne foar rekken fan de telecom oanbieder.

2.

Wa is ferantwurdlik foar dizze kosten achterôf?

De telecom oanbieder is hjir ferantwurdlik foar.

Der is by dit wurk in ferlingde garânsje ôfpraat mei in opname fan 'e tastân fan strjitwurk en berms by ein garânsjetermyn. As de tastân te koart sjit, binne de herstelkosten foar rekken fan de telecom oanbieder.

3.

Hjir sille rjochtlinen foar opnaam wêze yn de kontrakten, fan dy rjochtlinen soene wy graach op ‘e hichte brocht wurde.

Op basis fan de oanfraach wurdt in ynstimmingsbeslút ôfjûn dêr 't de generyke ‘Leidraad kabels en leidingen’ fan tapassing is. De projekt spesifike ôfspraken binne omskreaun yn de tekene gearwurkingsoerienkomsten.

4.

Wy wolle jo oantrúnje om te bemiddeljen tusken oanbieders om harren ynvestearje te litten yn 1 netwurk mei tagong foar alle ynternetoanbieders.

Op basis fan de telekommunikaasje wetjouwing kinne wy dit as gemeente net easkje. Wy binne allinne mar ' gedoogplichtige '.

5.

Wy wolle jo oantrúnje om te bemiddeljen tusken oanbieders sadat de stoepen en diken mar 1 kear iepen hoege.

As gedoogplichtige (sjoch antwurd fraach 4) hawwe wy dêrta beheinde mooglikheden. Dêr wêr 't dit spilet besykje wy dit seker, yn Grou is dit diels slagge. Nei oanlieding fan dizze ûnderfining wurdt fan no ôf troch de gemeente in perioade fan 6 moannen graafrêst oplein tusken de wurksumheden fan ferskate oanbieders yn in doarp.

Ljouwert, 7 februaris 2023, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster, Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 09/02/2023 09:50:36 CET {{Signer1}} Id: afd88cd6-13d2-4f05-a7e8-f2dcbf92e89e Auth: Scribble

siktaris.

Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 16/02/2023 15:18:35 CET {{Signer2}} ID: afd88cd6-13d2-4f05-a7e8-f2dcbf92e89e Auth: Scribble

*Dit dokumint is rjochtsjildich digitaal ûndertekene.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake aanleg glasvezel in de gemeente Leeuwarden

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden