Bewennersoerlis Grou
Een raadslid stelde op 22 september 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (2 vragen).
In het kort
2 vragen en wat het college antwoordt
- Is it kolleezje ree, om wannear der wer in bewennersoerlis is, in ûnofhinklik foarsitter te beneamen? → Antwoorden 1.
- It kolleezje dielt dizze opfetting net. → 3.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2025-248200 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 22 september 2025. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over Bewennersoerlis Grou flechtelingen opfang.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Is it kolleezje ree, om wannear der wer in bewennersoerlis is, in ûnofhinklik foarsitter te beneamen?
Antwoord van het college
Antwoorden
1. By it bewennersoerlis is it gebrûkelik dat it oerlis laat wurdt troch de ynstânsje dy't de Opfanglokaasje beheart en eksploitearret. Foar de Gemeentlike Opfanglokaasjes Oekraïne is dat de gemeente; it kolleezje wol dat op dizze wize trochsette.
2.
De bewenners tinke mei oer oplossings, mar de gemeente meiwurkers tinke oan problemen, is it kolleezje ree om hjir in rol yn te nimmen?
Vraag 2
It kolleezje dielt dizze opfetting net. It kolleezje hat de algemiene ûnderfining dat elkenien oan tafel by in omjouwingspetear de romte krijt om syn/har punten yn te bringen en dat der gearwurke wurdt om nei oplossingsrjochtingen te sjen en dêrnei dêr oerienkomsten oer te meitsjen. 3. Is it kolleezje ree om mear frijwilligers te werfen en om mear aktiviteiten foar de bewenners te organisearjen?
Antwoord van het college
3. Ja. Mei de ketenpartners dêr’t de gemeente in oerienkomst mei sletten hat, is koartlyn ôfpraat om mear yn te setten op it werven fan frijwilligers, it aktyf nei bûten treden en it fersterkjen fan de ferbining mei it doarp. Dêrneist wurde der wykliks aktiviteiten organisearre foar alle doelgroepen fan de opfang, wêrfoar ôfpraat is dat der yn de fakânsjeperioade ekstra omtinken jûn wurdt oan it organisearjen fan aktiviteiten.
4.
Is it kolleezje ree om in dei of in jûn te organisearjen om de ( tydlike) bewenners en de ynwenners fan Grou elkoar te moetsjen en aktiviteiten te organisearen en om sa mear begrip te krijen op elkoars wen- en libbenssituaasje.
4. Ien fan de ketenpartners dêr’t de gemeente mei gearwurket, is fan doel om foar de ein fan dit jier in buertdei op de lokaasje te organisearjen. Foar dizze dei wurde de ynwenners fan Grou útnoege.
De dei stiet yn it teken fan moetsjen en ferbinen, mei as doel om op in positive wize de kennismakking tusken ynwenners en (tiidlike) bewenners te befoarderjen, frijwilligers oan te lûken en bewenners te entûsjasmearjen foar frijwilligerswurk yn it doarp. Njonken dizze buertdei set de gemeente ek wer aktyf yn op sporten spulaktiviteiten. Dizze wurde tagonklik makke foar sawol de ynwenners fan Grou as de bewenners fan de opfanglokaasje, mei as doel om op in leechdrompelige en positive wize moetsjen en ferbining te stimulearjen.
5.
Der binne in protte bewenners fan de opfang dy’t oerdei neat om hannen hawwe en harren doelleas
5.It is net sa dat bewenners neat om hannen hawwe. De bewenners dy't opfongen wurde yn de gemeente Ljouwert wurde aktyf begelaat nei
Blad 2
fiele en oare aktiviteiten ûndernimme dy’t net troch de beugel kinne en wer troch oerlêst ûntstiet yn Grou. Bewenners drigje om sels it heft yn hannen te nimmen om sa de oerlêst te foarkommen.
Soe it kolleezje ree wêze, binnen de wetlike mooglikheden, om dizze flechtelingen binnen de gemeentlike organisaasje op te nimmen en der in oplossing foar te sykjen, troch harren bygelyks by de grienfoarsjennings of by oare aktiviteiten yn te setten?
betelle wurk of frijwilligerswurk fia Projekt Wurk.
Der binne lykwols ek ûntheemde Oekraïners dy't traumatisearre nei Nederlân kommen binne, wêrtroch wurkjen (noch) net mooglik is. Dizze minsken wurde begelaat nei psychososjale help, en der wurdt yn oerlis mei harren, de psycholooch, de húsdokter en/of de wenbegelieders sjoen nei passende dei-bêsteging. Fierder geane alle bern dy’t ûnderwurpen binne oan ferplichte ûnderwiis oerdeis nei skoalle.
6.
Is it kolleezje ree om de flechtelingen út te lizzen hoe it ôffalbelied yn de gemeente regele is en om de grutte hoeveelheid ôffal te ferminderjen?
6.As in ûntheemde Oekraïner binnenkomt by ien fan de opfanglokaasjes, wurdt der neist in intakepetear ek in petear holden oer de húsregels.
Yn dit petear wurdt ek ôffalskieding besprutsen.
De wen-begelieders hâlden deistich tafersjoch op it neilibjen fan ‘e hûsregels. De gemeente herkent har net yn it byld dat der grutte hoemannichten ôffal op strjitte lizze. Yn de strjitte dêr’t ek de opfang leit, is in ferbouwing geande. Logyskerwize komt dêrby sloopôffal frij, en dat is soms sichtber op strjitte.
7.
Is it kollezje ree om kamera’s te pleatsen by de yngong fan de jeugdherberch yn Grou, it parkeerterrein efter de Hema en op en nabij it stasjon fan Grou?
7.De gemeente mei allinnich in kamera pleatse, mei as doel tafersjoch te hâlden op ’e iepenbiere oarder. Yn de gemeente Ljouwert hingje dizze kamera’s yn de binnenstêd fan Ljouwert. It gebiet yn Grou is fan in hiel oare sitewaasje. Der is gjin sprake fan in ferhege risiko op oertredingen fan ’e iepenbiere oarder, strukturele oerlêst, geweld of drugshannel, sa’t omskreaun stiet yn artikel 151c fan ’e Gemeentewet. It pleatsen fan in kamera is dan in te swiere maatregel yn ferliking mei de ynbreuk op ‘e privacy fan (alle) foarbygongers.
Leeuwarden, 28 oktober 2025, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester. {{Signer1}}
Blad 3
secretaris. {{Signer2}}
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP over Bewennersoerlis Grou
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.