buitenbad van It Gryn te Stiens
Een raadslid stelde op 3 juni 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- Kin it kolleezje útlizze wêrom't dit ûnderhâld krekt yn dizze fakânsjeperioade plakfynt en net earder yn it jier? → Antwoorden BV Sport begjint normaal sprutsen elk jier begjin april mei de tariedingen foar de iepening fan it bûten badseizoen.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2025-118472 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 2 mei 2025. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over “it ticht wêzen fan it bûtenbad fan It Gryn yn Stiens yn de maaiefakânsje fanwegen ûnderhâld”.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Kin it kolleezje útlizze wêrom't dit ûnderhâld krekt yn dizze fakânsjeperioade plakfynt en net earder yn it jier?
Antwoord van het college
Antwoorden BV Sport begjint normaal sprutsen elk jier begjin april mei de tariedingen foar de iepening fan it bûten badseizoen. Dêrnij fient normaal sprutsen de ienpening plak op 1 maaie.
In de ôfrûne jieren hat bliken dien dat it swimbad by geunstige waarsomstannichheden en as de tariedings it talitte, by útsûndering earder iepene wurde kin.
Dit jier kamen der lykwols ferskate technyske mankeminten oan it ljocht by de tariedings dy't in earder of sels reguliere iepening ûnmooglik makken. It wurk bliek nedich foar de feiligens fan swimmers en wie foar in grut part ûnfoarsjoen. De beskikberens fan de goede professionals wie ek bepalend foar de planning.
2.
Kin it kolleezje útlizze wa’t ferantwurdlik is foar dizze planning?
En hoe is dizze beslissing ta stân kommen?
Dat slút oan op it antwurd op fraach 1. It momint foar iepening fan it iepenloftswimbad is yn oerlis tusken de gemeente en BV Sport bepaald. Hjir is it optimum socht tusken kosten en baten. Grut ûnderhâld is de ferantwurdlikheid fan de gemeente. Dat wurdt dien yn oerlis mei de eksploitant, BV SPORT.
3.
Dielt it kolleezje ús miening dat dizze kar in negative ynfloed hat op it fertrouwen fan ynwenners yn de gemeentlike planning en foarsjenningen?
Sjoen it moaie waar yn de maaiefakânsje wie it wol spitich dat it bûtenbad net earder as de reguliere datum iepen koe. Lykwols is in iepening earder as 1 maaie útsûnderlik en wie net mooglik yn dit gefal, lykas sketst yn it antwurd op fraach 1.
De waarsituaasje yn maaie is foarôf dreech yn te skatten. Ek op oare tiden yn it swimseizoen kinne situaasjes ûntstean dy't driuwend ûnderhâld nedich hawwe om de feiligens fan swimmers te garandearjen. Fansels is dit teloarstellend foar dyjingen dy't op dat stuit it swimbad brûke wolle.
Mar by útlis is der ek begryp.
4.
Kin it kolleezje in ynskatting meitsje fan it ferlies oan ynkomsten troch it net iepen wêzen fan it bûtenbad yn dizze fakânsjewike?
It is dreech om dêr in konkrete skatting fan te meitsjen. Yn útsûnderlike gefallen is it iepenloftswimbad earder iepene as 1 maaie. Op grûn fan histoaryske gegevens is net fêst te stellen
Blad 2
hoefolle besikers dit lûke soe. Sjoen de kosten dy't belutsen binne by it iepenjen, sil it ferlies oan netto ynkommen beheine blieuwe. 5.
Hokker stappen sil it kolleezje nimme om yn ’e takomst better ôf te stimmen op perioaden mei hege fraach, lykas de maaiefakânsje?
It earder iepenjen fan it swimbad freget om in yntegreare ofweginch fan kosten en baten. Der is foar no gjin reden om foar 1 maaie iepen te gean.
De situaasje om de technyske tekoartkommingen hinne, ûnderstreket it belang fan strukturele karren en ynvestearrings. Wy binne dêrom bliid dat wy it beliedskader Sport oan jo as ried foarlizze kinnen hawwe en troch jo fêststeld wurden is.
Leeuwarden, 3 juni 2025, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: de de Jong, Eelke 04/06/2025 10:16:57 CEST {{Signer1}} ID: ae918782-3741-40a6-bb06-95ac7bcd7f48 Auth: Scribble
secretaris.
Signed By: van Haersma Buma, Sybrand 04/06/2025 16:16:07 CEST {{Signer2}} ID: ae918782-3741-40a6-bb06-95ac7bcd7f48 Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake buitenbad van It Gryn te Stiens
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.