Concept-Huisvestingsverordening Leeuwarden
Een raadslid stelde op 10 januari 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- Is it kolleezje it mei de FNP iens dat de wenningmerk noch wakker ûnder druk stiet? → Antwoorden De grutte opjeften fan de wentemerk binne noch hieltyd it tekoart oan wenten (yn keap en hier), betelberens en konservearring. 2.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Saaknûmer: 2022-230322 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert, yntsjinne op 20 oktober 2022. De fragen komme fan de FNP Ljouwert en geane oer de konsept húsfestingsferoardering gemeente Ljouwert.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Is it kolleezje it mei de FNP iens dat de wenningmerk noch wakker ûnder druk stiet?
Antwoord van het college
Antwoorden De grutte opjeften fan de wentemerk binne noch hieltyd it tekoart oan wenten (yn keap en hier), betelberens en konservearring.
2.
Kin it kolleezje útlizze werom de gemeente Ljouwert noch gjin húsfestingsferoardering hat?
15 desimber 2021 hat op grûn fan it agindainistatyf Ynstruminten Wentemerk in technyske briefing troch de amtlike stêf west. Hjir is it meast geunstige tiidpaad sketst, wêrby om de simmer fan 2022 hinne de húsfestingsferoardering fan krêft wêze kinne soe.
By it besprekken fan de jierrekken 2021 hat wethâlder De Haan oanjûn dat de nije yngongsdatum nei alle gedachten begjin 2023 wurdt. Begjin 2022 binne de feitlike tariedings foar de húsfestingsferoardering útein setten. De húsfestingswet ferplichtet ta in yngeande ûnderbouwing, foardat de ynstruminten fan dizze wet ynsetten wurde kinne. Dêrom is sekuer yn kaart brocht hoe grut it probleem is, wêr’t de problemen him konsintrearje en hokfoar regeling hjir it beste by passet. Dit ûndersyk wie yn de maitiid klear, dêrnei is yn de simmer de konsept húsfestingsferoardering opsteld. Dizze is dit neijier oan de ried oanbieden om te besprekken.
3.
Hoefolle wearde hechtet it kolleezje noch oan in tasizzing fan in wethâlder?
In tasizzing fan in wethâlder is altyd út namme fan it kolleezje.
4-
Is it kolleezje it mei de FNP iens dat in húsfestingsferoardering in goed ynstrumint wêze kin ( seker op de doarpen) om de wenningmerk te stjoeren?
De húsfestingswet kin allinnich brûkt wurde as dat needsaaklik en geskikt is foar it bestriden fan ûnlykwichtige en ûnrjochtfeardige effekten fan krapte oan wenromte.
Oangeande de opkeapbeskerming en it ferbod op twadde wentegebrûk yn Grou is de needsaak dêrta objektyf fêststeld.
5-
Is it kolleezje it mei de FNP iens dat de folsleine rie fan Ljouwert giet oer it foljen fan san húsfestingsferoardering?
In húsfêstingsferoardering wurdt troch de gemeenteried fêststeld. It omfiemet dêrmei alle aspekten dy’t in mearderheid fan de gemeenteried yn sa’n feroardering regelje wol.
Blad 2
6-
De FNP is fan miening dat guon minsken no al neidiel ûnderfûn hawwe ôfrûne jier om’t sei gjin gebrûk meitsje koene fan ynstrumenten út de húsfestingsfeeroardering, is it kolleezje it hjir mei iens?
In húsfestingsferoardering jout de gemeenten allinnich ynstruminten om by oantoande needsaak yn te gripen yn de gearstalling fan de wentefoarried en it tawizen fan wenten yn de (sosjale) hier.
Brûkte ûndersiken rinne oant it jier 2021; de ympakt fan buy-to-let en twadde wentegebrûk yn Grou foar 2022 binne net bekend.
7-
De fnp wol graach in datum hawwe wanneer de húsfestingsferoardening fan de gemeente Ljouwert yn gean sil. Kin it kolleezje dizze jaan?
It kolleezje kin gjin datum jaan wannear’t de húsfestingsferoardening yn gean sil. Nei de ferplichte perioade foar ynspraak en it fêststellen troch de ried wurdt de húsfestingsferoardering fan krêft. De yngongsdatum is ôfhinkelik fan hoe’t dat proses ferrinne sil.
Ljouwert, 10 jannewaris 2022, Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,
boargemaster.
Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 11/01/2023 19:57:06 CET {{Signer1}} ID: 6d478c25-8578-4406-afd3-d367905a0266 Auth: Scribble
sekretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 12/01/2023 09:56:27 CET {{Signer2}} Id: 6d478c25-8578-4406-afd3-d367905a0266 Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.