dat aanleunbewoners niet meer welkom zijn bij activiteiten van Leeuwarder zorgcentrum
Een raadslid stelde op 20 december 2022 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (7 vragen).
In het kort
7 vragen en wat het college antwoordt
- Wie de gemeente op de hichte brocht troch de KwadrantGroep oer dizze situaasje? → sa ja per wanneer?
- Yn It Skilhiem yn Stiens is op 1 moarn nei dizze situaasje ek, mar falt ûnder Palet die is ek ûnderdiel fan de KwadrantGroep út makket, is it kolleezje ek troch Palet… → Nee.
- Spilet dit ek by oare soarchoanbieders yn ús gemeente bygelyks yn Friesma State mei “Noorderbreedte”? → Nee, der binne by ús gjin signalen bekind dat dit ek by oare soarchoanbieders spilet.
- KwadrantGroep jout oan dat der budzjet oerhevele is nei Amaryllis, is dit de oarsaak fan it probleem? → Nee, dat is net de oarsaak fan it probleem.
- Wit it kolleezje ek dat Amaryllis hjir fan op de hichte wie? → Sa ja hat Amaryllis it ek bekind makke by de gemeente?
- Hat it ferlies fan budzjet oan de KwadrantGroep ek soarge foar ûntslagen fan aktiviteitenbegelieders? → Dat witte wy net.
- Is het kolleezje ree dit probleem per direkt mei beide hannen oan te pakken sadat foar de krystdagen elts wer mei dwaan kin oan aktiviteiten en net yn iensumens hoecht… → De gemeente is al in tiid belutsen by dit probleem.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2022-251316 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen sa as bedoeld yn artikel 42 earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne op 18 novimber 2022. De fragen binne steld troch de FNP oangeande “aanleunbewoners niet meer welkom bij activiteiten zorgcentrum”.
Vragen
Antwoorden
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Wie de gemeente op de hichte brocht troch de KwadrantGroep oer dizze situaasje?
Antwoord van het college
sa ja per wanneer?
De gemeente wie op de hichte brocht troch de bewenners/aktiviteitenkommisje fan de apparteminten by de Hofwijck. Dat wie op 23 maaie 2022. De gemeente is de wike dernei mei harren yn petear gien. De kommisje fertelde dat sy troch de oergong fan de Hofwijck fan foarsoarchingshús nei ferpleechhús op syk wiene nei in romte om gruttere aktiviteiten te halden. Sy fregen oan de gemeente of wy hjir yn meitinke woene. Dat hawwe wy dien tegearre mei Amaryllis en Elkien. Om te praten oer de hier fan in romte yn de Hofwijck en fierdere mooglikheden by de Hofwijck hiene wy yn oktober in petear mei de Kwadrantgroep. Wy hawwe ús fersyk dien. Op 7 novimber krigen wy ta ynformaasje de brief fan de Kwadrantgroep dy’t sy nei de bewenners stjoere soene. Nei it ferstjoeren fan de brief hawwe wy, Amaryllis en Elkien wer mei de Hofwijck om tafel sitten. Der komt no in nije, rektifisearre brief mei mear ynformaasje en mear mooglikheden foar de bewenners.
Vraag 2
Yn It Skilhiem yn Stiens is op 1 moarn nei dizze situaasje ek, mar falt ûnder Palet die is ek ûnderdiel fan de KwadrantGroep út makket, is it kolleezje ek troch Palet benadere oer dizze situaasje ?
Antwoord van het college
Nee.
Vraag 3
Spilet dit ek by oare soarchoanbieders yn ús gemeente bygelyks yn Friesma State mei “Noorderbreedte”?
Antwoord van het college
Nee, der binne by ús gjin signalen bekind dat dit ek by oare soarchoanbieders spilet.
Vraag 4
KwadrantGroep jout oan dat der budzjet oerhevele is nei Amaryllis, is dit de oarsaak fan it probleem?
Antwoord van het college
Nee, dat is net de oarsaak fan it probleem. Yn de brief waard de Wmo oanbesteding as ien fan oarsaken fan gjin aktiviteiten mear foar de wenningen neist de Hofwijck jûn. Dit kloppet net en Kwadrant sil dit ek rektifiseare yn de nije brief nei de bewenners. Der binne in lyts tal minsken út de wenningen west dy’t Wmo deibesteding fan Kwadrant krigen. Sy hawwe dat nei de oanbesteding fan Amaryllis krigen.
Blad 2
Vraag 5
Wit it kolleezje ek dat Amaryllis hjir fan op de hichte wie?
Antwoord van het college
Sa ja hat Amaryllis it ek bekind makke by de gemeente?
Nee, Amaryllis wie net op de hichte fan de brief nei de bewenners.
Vraag 6
Hat it ferlies fan budzjet oan de KwadrantGroep ek soarge foar ûntslagen fan aktiviteitenbegelieders?
Antwoord van het college
Dat witte wy net. Kwadrant hat sich net ynskreaun foar de oanbesteding. Se binne wol ûnderoannimmer fan Windkracht058.
Vraag 7
Is het kolleezje ree dit probleem per direkt mei beide hannen oan te pakken sadat foar de krystdagen elts wer mei dwaan kin oan aktiviteiten en net yn iensumens hoecht troch te bringen?
Antwoord van het college
De gemeente is al in tiid belutsen by dit probleem. Lokkich is der in aktife bewenners/aktiviteitenkommisje. Sa oarganisearje sy eltse dei aktiviteiten foar lytse groepen in it wenningenkompleks. Derneist organisearje se mei kryst in midzje foar de bewenners tegearre mei Amaryllis.
Ek geane der bewenners nei de kofjemoarnen fan Amaryllis yn de bernebuorkerij.
Derneist kinne bewenners ek in oanfraach dwaan foar Wmo deibesteding.
Leeuwarden, 20 desimber 2022 Burgemeester en wethouders van Leeuwarden, burgemeester.
Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> {{Signer1}} 23/12/2022 11:00:34 CET ID: d143bd40-6e56-426d-83eb-8c315bf1569f Auth: Scribble
secretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> {{Signer2}} 21/12/2022 14:18:07 CET Id: d143bd40-6e56-426d-83eb-8c315bf1569f Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.