Energiecompensatie voor dorpshuizen en wijkcentra
Een raadslid stelde op 7 maart 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.
Brief van het college
Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.
Zaaknummer 2023-026185 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert, yntsjinne op 1 febrewaris 2023. De fragen komme fan de FNP Ljouwert en geane oer it heger wurden fan de enerzjykosten van buert-, wyk- en doarpshuzen.
Yn ôfstimming mei de FNP-fraksje oer it karakter fan de fraachstelling hat it kolleezje besluten om inkeld de fragen oan it ein fan de fraachstelling te beantwurdzjen. De oare opmerkingen wurde net kwalifisearre as fragen oan it kolleezje om ynformaasje oer oangelegenheden dy’t it foech fan it kolleezje oangean, sa as bedoeld is yn artikel 42 fan it reglemint fan oarder.
Vragen
Antwoorden
Graach wize wy jo noch op it folgjende (sjoch fragen enquête fierderop) foar wat it ferduorsumjen fan doarpshuzen en wyksintra oanbelanget: − Is dizze kennis eins wol oanwêzich binnen de oanbelangjende bestjoeren? − Hoefolle ekstra tiid kostet dit ús kostbere frijwilligers? − Frijwilligers hawwe ek in priveeof wurksitewaasje wêr’t enerzjykosten faaks oandacht freegje. Wêrom beleste wy harren hjirmei? Kin dit ek oars? − Wat is de weromfertsjinnerstiid?
Ferduorsumje is langere termyn, earst moat der mei gauwens kompensaasje komme.
As kolleezje stypje wy wêr nedich de buert-, wyken doarpshuzen. Ek yn de opdracht dy’t se hawwe op it mêd fan it ûnderhâld fan harren gebou en ek de ferduorsuming dêrfan. Mei de buert-, wyk- en doarpshuzen wurdt sjoen wat sy sels dwaan kinne binnen de mooglikheden dy sy hawwe.
De lokaasjes, dy't yn eigendom of eigen behear binne fan de buert-, wyk- en doarpsorganisaasjes, hâlde wy op ‘e hichte fan de mooglikheden ta it oanfreegjen fan ferskate subsydzjes en fûnsen om de ferduorsuming te stypjen. It Mienskipsfonds is hjir in foarbyld fan.
Wat de buert-, wyk- en doarpshuzen oanbelanget dy 't falle ûnder it maatskiplik fêstgoed, wat eigendom en yn behear fan de gemeente is, wurdt wurke oan de ferduorsumingsopdracht neffens de Europeeske BENG-noarm (Hast Enerzjyneutrale Gebouwen). As gemeente hawwe wy ús ta doel steld om foar 2025 dit maatskiplik fêstgoed nei dizze noarm te bringen. De earste ferduorsumingen foar buert-, wyk- en doarpshuzen binne yn opdracht. Foar de oare gebouwen wurdt no trochrekkene hokker ferduorsumingsmaatregels nedich binne en hokker ynvestearring dêrby heart.
De weromfertsjinnerstiid en ynvestearring ferskilt per situaazje en freget per situaazje om in ôfweaging.
Blad 2
Ljouwert, 7 maart 2023, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster.
Signed By: Buma, Sybrand 13/03/2023 12:14:32 CET {{Signer1}} ID: b1c4ef3a-23f4-4ef4-bce4-6147dc7cb05c Auth: Scribble
sikretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke 23/03/2023 11:48:19 CET {{Signer2}} Id: b1c4ef3a-23f4-4ef4-bce4-6147dc7cb05c Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.