28 mei 2024 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

entreegeld Leeuwarder Muziekplein (Frysk)

Een raadslid stelde op 28 mei 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (4 vragen).

In het kort

4 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje op de hichte dat de organisaasje op it lêste momint besletten hat om yntree te freegjen om’t it oars net út kin? → De gemeente hat tiisdei 23 april jl. berjochten ûntfangen fan ynwenners oer it foarnimmen fan de eveneminteorganisaasje om yntreejild by dit evenemint te freegjen.
  • It freegjen fan yntreejild is foar in soad minsken om de festiviteiten op it Wilheminaplein net te besykjen. → Sa ja, wat sil it kolleezje dwaan oan dizze minsken/húshâldings te mjitte te kommen?
  • Hat it kolleezje ynsjoch yn om hokfoar “Stijgende kosten” it giet? → Sa ja, is it kolleezje ree om de organisaasje finansjeel te stypjen sadat alle ynwenners/besikers fan Ljouwert fan it Leeuwarder Muziekplein genietsje kinne?
  • Yn it parseberjocht dat wy hjoed ûntfongen oer de Midterm Review seit Hein Kuiken dat de gemeente Ljouwert der finansjeel sterk foar stiet. → It Kolleezje ûnderskriuwt it belang fan eveneminten yn ús Gemeente.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje op de hichte dat de organisaasje op it lêste momint besletten hat om yntree te freegjen om’t it oars net út kin?

Antwoord van het college

De gemeente hat tiisdei 23 april jl. berjochten ûntfangen fan ynwenners oer it foarnimmen fan de eveneminteorganisaasje om yntreejild by dit evenemint te freegjen.

Vraag 2

It freegjen fan yntreejild is foar in soad minsken om de festiviteiten op it Wilheminaplein net te besykjen. Dield it kolleezje de miening dat minsken mei in lytse beurs de dupe binne fan it feit dat der yntree frege wurdt op in festiviteit dy’t earder altyd fergees wie?

Antwoord van het college

Sa ja, wat sil it kolleezje dwaan oan dizze minsken/húshâldings te mjitte te kommen? Sa nee, wêrom net? Op Keningsdei binne der meardere eveneminten yn de gemeente. In oantal dêrfan binne mei yntree en in oantal binne fergees te besykjen. It al of net freegjen fan yntreejild foar in evenemint is it ôfwagen fan de eveneminteorganisaasje en it fertsjinmodel dat hja dêrby hantearje. Dit is gjin ûnderdiel fan de evenemintefergunning.

Vraag 3

Hat it kolleezje ynsjoch yn om hokfoar “Stijgende kosten” it giet?

Antwoord van het college

Sa ja, is it kolleezje ree om de organisaasje finansjeel te stypjen sadat alle ynwenners/besikers fan Ljouwert fan it Leeuwarder Muziekplein genietsje kinne? Yn de ‘quickscan Evenementen’ lykas koartlyn bepraat mei de ried, binne de faktoaren neamd dêr 't de evenemintebrânsj yn it algemien tsjin oanrint. Oft al dy faktoaren ek spylje by dit spesifike evenemint is ús net bekend. Wy moatte jo dêrfoar ferwize nei de organisator fan dit evenemint.

Vraag 4

Yn it parseberjocht dat wy hjoed ûntfongen oer de Midterm Review seit Hein Kuiken dat de gemeente Ljouwert der finansjeel sterk foar stiet. Ek skriuwt it kolleezje dat se 9,5 miljoen euro ynsidinteel ekstra yn de begrutting fan 2025 opnimme wolle. Soe it net in moai gebaar/moaie geste wêze foar de ynwenners fan Ljouwert om in lyts part fan dit bedrach te brûken sadat de yntree fan dit feest foar elkenien tagonklik is?

Antwoord van het college

It Kolleezje ûnderskriuwt it belang fan eveneminten yn ús Gemeente. It ûnderwerp is dêrom ek opnaam yn de Midterm Review. It petear mei de ried oer de Midterm Review stiet op koarte termyn op de aginda en dêr sil besletten wurde hoe 't de middels fan de gemeente ynset wurde. Blad 2 Leeuwarden, 28 maaie 2024, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster. Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 31/05/2024 10:24:20 CEST {{Signer1}} ID: 1a029aed-3da6-4498-8791-ffe78e825214 Auth: Scribble sekretaris. Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 29/05/2024 12:36:22 CEST {{Signer2}} ID: 1a029aed-3da6-4498-8791-ffe78e825214 Auth: Scribble *Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP Ljouwert inzake entreegeld Leeuwarder Muziekplein (Frysk)

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden