gasleidingen Aldlân
Een raadslid stelde op 4 oktober 2022 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (4 vragen).
In het kort
4 vragen en wat het college antwoordt
- Wie it kolleezje op’e hichte fan boppesteande situaasje yn Âldlân? → Antwurden Wy hawwe ferline jier en yn juny dit jier melding hân fan de ynstallateur neamd yn it artikel fan de LC oer ferrustke liedingwurk yn in wenning yn Aldlân.
- Is de feiligens fan de ynwenners fan Âldlân garandearre is de miening fan it kolleezje? → Sa nee wat sil jimme aksje hjir op wêze ?
- Is de Gemeente earder ek ynformearre troch WoonFriesland oer de minne steat fan de gasliedingen yn Âldlân? → Nee, de gemeente is net earder ynformearre troch de wenningboustichtingen.
- Kin dit probleem harren ek yn oare wyken as dorpen fan de gemeente foar dwaan? → Wat sil de aksje fan de gemeente wêze om dit te ûndersykjen?
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2022-207589 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 2 juli 2022. De vragen zijn afkomstig van de FNP en gaan over de kwaliteit van gasleidingen in woningen in Aldlân.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Wie it kolleezje op’e hichte fan boppesteande situaasje yn Âldlân?
Antwoord van het college
Antwurden Wy hawwe ferline jier en yn juny dit jier melding hân fan de ynstallateur neamd yn it artikel fan de LC oer ferrustke liedingwurk yn in wenning yn Aldlân. Ek hat it ûnderwerp oan de oarder west yn in petear mei it wykpanel begjin dit jier. Wy hiene dêrby lykwols gjin ynsjoch yn de omfang fan it potinsjele probleem kwa feiligens of ûnfeiligens.
Vraag 2
Is de feiligens fan de ynwenners fan Âldlân garandearre is de miening fan it kolleezje?
Antwoord van het college
Sa nee wat sil jimme aksje hjir op wêze ?
Yn in soad wenningen en gebouwen dy't foar 1986 boud binne, binne by de bou stielen gasliedingen brûkt. Dat jildt foar in grut part fan de wyk Aldlân.
Stielen liedingen binne net perfoarst ûnfeilich.
Lykwols, fan 1986 ôf binne stielen gasliedingen net mear tastien yn Nederlân, omdat dy rustkje kinne, bygelyks yn in fochtige (krûp)romte of yn beton. As de liedingen hiel lang rustkje dan kinne se gas lekke.
Yn begjinsel jildt dat goed ûnderhâld, lykas ek fan liedingwurk, by de eigener fan it pân leit. Nei oanlieding fan it berjocht fan de ynstallateur fia de media en by de gemeente hawwe wy yn july lêstlyn, yn oerlis mei it Wykpanel, de eigeners en/of hierders fan wenningen yn Aldlân hûs-oanhûs in ynformearjende brief stjoerd. Dêryn ynformearje wy harren oer de mooglike gefolgen fan de oanwêzigens fan stielen liedingen yn wenningen en advisearje we bewenners har liedingen kontrolearje te litten troch in erkend ynstallateur. Sa kinne eigeners mooglike gebrekken werstelle en dêrmei ûnfeilige situaasjes ferhelpe of foarkomme.
As gemeente wolle we graach mear witte oer yn hokker huzen stielen gasliedingen lizze en wat de ûnderhâldssteat fan dy liedingen is. Dêrom sil de gemeente yn it neijier fan 2022 in stekproef hâlde yn Aldlân. Wy sille dêrby ferskate wenningen yn de wyk kontrolearje.
Mei de ynformaasje út de stekproef en de ynformaasje dy't wy fan bewenners krije kinne wy sjen hoe grut oft it probleem is en bewenners better ynformearje.
Blad 2
Vraag 3
Is de Gemeente earder ek ynformearre troch WoonFriesland oer de minne steat fan de gasliedingen yn Âldlân?
Antwoord van het college
Nee, de gemeente is net earder ynformearre troch de wenningboustichtingen.
De ferhierders WoonFriesland, Elkien en Vesteda hawwe oanjûn dat de liedingen regelmjittich neisjoen wurde of earder al (foar in part) ferfongen binne. Der is op dit momint kontakt mei de ferskate wenningboustichtingen, mar it is noch net dúdlik oft de stielen liedingen oeral ferfongen binnen. Wy nimme dit mei yn de ferfolchoanpak en/of stekproef.
Vraag 4
Kin dit probleem harren ek yn oare wyken as dorpen fan de gemeente foar dwaan?
Antwoord van het college
Wat sil de aksje fan de gemeente wêze om dit te ûndersykjen?
Stielen liedingwurk waard foar 1986 yn wenningen tapast. Dat jildt ek foar oare parten fan de gemeente dêr't wenningen út dy perioade steane.
It is dan ek goed dat bewenners en/of eigeners fan wenningen út dy perioade ekstra alert binne op de steat fan ûnderhâld fan harren liedingen. Op de webside fan de gemeente Ljouwert is dêrom ek mear ynformaasje set oer wat je as eigener/bewenner dwaan kinne.
Om't der op it stuit allinnich meldingen út Aldlân fan ferrustke gasliedingen binne, docht de gemeente earst dêr yn it neijier in stekproef om liedingen te besjen. Sa kin de gemeente ûndersykje hoe grut it probleem is. Ofhinklik fan de befiningen dêrút en fan eventuele meldingen dy't wy binnen krije, sille wy sjen oft wy dat ek yn oare wiken en doarpen dwaan sille.
5. Is de gemeente ree om foar de
Sjoch de beantwurding fan fraach 2.
ynwenners fan Âldlân op koarte termyn in ynformaasje jûn as folder op te stellen oer de aktuele situaasje en de eventuele aksjes as gefolgen om ûnrêst te foarkommen.
6. Is it kolleezje ree de rie fan Ljouwert aktief te ynformearjen oer de foartgong fan dizze saak.
Ja, dat wol it kolleezje.
Blad 3
Leeuwarden, 4 oktober 2022 burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 07/10/2022 11:52:44 CEST {{Signer1}} Id: ca9296a4-bd60-43dd-9abb-d8317b55251f Auth: Scribble
secretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 06/10/2022 11:45:32 CEST {{Signer2}} Id: ca9296a4-bd60-43dd-9abb-d8317b55251f Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP over gasleidingen Aldlân
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.