24 juni 2024 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

gymzaal Lekkum

Een raadslid stelde op 24 juni 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (3 vragen).

In het kort

3 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat de gymseal yn Lekkum, dy’t op in terp stiet, oan grut ûnderhâld ta is? → Sa ja, hoe wol it kolleezje dit oanpakke en wannear?
  • Is it kolleezje ree om mooglikheden ta de bou fan in nije sporthal te ûndersykjen en dat dizze plannen oanslute by de bouplannen fan de nije skoalle yn Lekkum, lykas men… → Under it mom: ‘better yntiids keard as folslein doarme’.
  • Fanút de skoalle is der ea oppere om de berneopfang op it huidige plak fan de skoalle te litten en de skoale sels op it nije stik. “Gjin sprake fan” wie it antwurd. “In… → FNP Ljouwert soe graach antwurden krije op de boppesteande fragen.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

FNP Ljouwert wol sporthal net fjirder sakje litte 14 maaie 2024 Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oer de sporthal yn Lekkum oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglement fan oarder fan de gemeente Ljouwert.

Juster kaam by FNP Ljouwert it berjocht binnen dat de gymseal yn Lekkum oan grut ûnderhald ta is.

Der sitte skuorren yn de muorren en doarren slute net goed mear. En dat wylst der alle dagen gebrûk fan makke wurdt. It skynt dat bv SPORT hjirfan op de hichte is en it kolleezje nei alle tinzen dus ek.

No is it sa dat de Professor Wassenberghskoalle, dy’t alle dagen gebrûk makket fan de sporthal ynkoarten in oare lokaasje krije sil. By de bou dêrfan wurdt útgien dat der gjin nije sporthal boud wurde sil. Ienfâldichwei om’t men tocht dat alles noch yn goeie steat wie. Mar dat blykt no net it gefal. Der wurdt dus fanút gien dat ek nei it yn gebrûk nimmen fan de nije lokaasje de âlde gymseal noch brûkt wurde sil foar de gymlessen. Om’t der op de huidige lokaasje fan de skoalle nei alle tinzen wenten komme sille, hat FNP Ljouwert har twifels oer of in sporthal tusken de huzen wol in winsklike situaasje is en of it opknappen fan de âlde seal wol ferstannich is.

Fragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat de gymseal yn Lekkum, dy’t op in terp stiet, oan grut ûnderhâld ta is?

Antwoord van het college

Sa ja, hoe wol it kolleezje dit oanpakke en wannear?

Vraag 2

Is it kolleezje ree om mooglikheden ta de bou fan in nije sporthal te ûndersykjen en dat dizze plannen oanslute by de bouplannen fan de nije skoalle yn Lekkum, lykas men dat yn 1984 dien hat?

Antwoord van het college

Under it mom: ‘better yntiids keard as folslein doarme’. En sa ja, yn hoefiere wurdt de skoalle dêrby belutsen?

Vraag 3

Fanút de skoalle is der ea oppere om de berneopfang op it huidige plak fan de skoalle te litten en de skoale sels op it nije stik. “Gjin sprake fan” wie it antwurd. “In IKC is it stribjen”. In IKC hat ek neiskoals oanbod. Dêrneist soe de pleatslike keatsklup hjir belang by ha: ek harren gebou is oan fernijing ta. De keatsklup traint op it sportfjild en yn de winter yn de gymseal. Is it kolleezje is mei ús iens dat it in logyske keuze wêze soe om opfang en sport as kombinaasje te meitsjen, mei in sportakkomodaasje neist de nije skoalle?

Antwoord van het college

FNP Ljouwert soe graach antwurden krije op de boppesteande fragen.

Mei hertlike groetnis, Bauke Beert Keizer FNP Ljouwert

Bekijk de brief: Schriftelijke vragen FNP inzake gymzaal Lekkum

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden