24 juni 2024 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

gymzaal Lekkum

Een raadslid stelde op 24 juni 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat de gymseal yn Lekkum, dy’t op in terp stiet, oan grut ûnderhâld ta is? → Sa ja, hoe wol it kolleezje dit oanpakke en wannear?

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Zaaknummer: 2024-108511 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 14 mei 2024. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over Gymzaal Lekkum.

Vragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat de gymseal yn Lekkum, dy’t op in terp stiet, oan grut ûnderhâld ta is?

Antwoord van het college

Sa ja, hoe wol it kolleezje dit oanpakke en wannear?

Antwoorden De gymseal yn Lekkum is eigendom fan de gemeente Ljouwert. Binnen de mearjierren ûnderhâldsplanning fan de ôfdieling Vastgoed wurde der standert middels reservearre foar it ûnderhâld fan gymsealen. De kommende moannen wurdt der grut ûnderhâld dien oan de gymseal fan Lekkum ûnder oare it dak en de foegen wurde ferfongen / oanpakt. BV SPORT koördinearret de wurksumheden.

2.

Hâldt it kolleezje rekken mei de beswieren fan de buurtbewenners oangeande de sportseal en de oerlêst dy’t de gymseal mei him meibringt?

De gymseal yn Lekkum stiet njonken de hjoeddeiske Professor Wassenberghskoalle oan it skoalplein. Der binne by de gemeente gjin klachten binnenkaam rûnom (lûds)oerlêst spesifyk feroarsake troch de gymseal. Yn de nije situaasje sil de skoalle op it hjoeddeiske plak ferdwine wêrtroch 't de lûdsbelesting bot sakje sil yn dizze buert om 't ek it skoalplein dus ferdwynt. Boppedat sille de buertbewenners gjin hinder mear ûnderfine fan bring - en helmominten.

3.

De nije skoalle sil boud wurde oan de oare kant fan de dyk. De bern moatte dus alle dagen de drokke strjitte Buorren oerstekke om by de gymseal te kommen. Is it kolleezje it mei ús iens dat dit ûnnedich foar ûnfeilige situaasjes soarget?

Mei de nijbou fan IKC Professor Wassenberghskoalle wurdt ek de ferkearssituaasje by de Buorren oanpakt. It is krúsjaal om in feilige oerstek te kreëarjen foar bern en âlden, ek ûnder de hel - en bringmominten. Op dit stuit wurkje de projektarsjitekt fan Proloog en ferkearskundigen fan de gemeente Ljouwert oan in ûntwerp.

4.

Is it kolleezje fan miening dat de baten en de lasten yn ferhâlding binne as de âlde gymseal bliuwt, wittende it feit dat grut ûnderhâld nedich is, dat der mooglike nije omlizzende wentebou komt en it feit dat der mooglik in nij tagongspaad realisearre wurde moat?

De opjefte oangeande ûnderwiishúsfêsting foar de gemeente Ljouwert is de kommende jierren foars.

Mei in beheind budzjet moatte der grutte projekten realisearre wurde en knyppunten oanpakt wurde. Dat betsjut ek dat der karren makke wurde moatte.

It bouwen fan in nije gymseal kostet op syn minst € 1.500.000, -. De rûsd kosten fan it ûnderhâld binne in fraksje fan de nijboukosten. Boppedat meie de middels dy 't reservearre steane foar ûnderhâld, net brûkt wurde foar nijbou fan de akkountant.

Dêrneist stiet de âlde gymseal aanst op mar 200 a 300 meter fan de nije lokaasje en kin de gymseal aanst wer hiel wat jierren mei. Ek wurdt de

Blad 2

gymseal allinnich brûkt troch de Professor Wassenberghskoalle. Yn guon dielen fan Ljouwert is de ôfstân tusken gymseal en skoalle yn folle gefallen mear as in kilometer en knypt it bytiden wat beskikbere kapasiteit oanbelanget. De beheinde middels kinne op oare plakken dus doelmjittiger ynset wurde. 5.

Is it kolleezje ree om mooglikheden ta de bou fan in nije sporthal te ûndersykjen en dat dizze plannen oanslute by de bouplannen fan de nije skoalle yn Lekkum, lykas men dat yn 1984 dien hat? Under it mom: ‘better yntiids keard as folslein doarme’. En sa ja, yn hoefiere wurdt de skoalle dêrby belutsen?

De gemeente hat as tarieding op de nijbou fan de Professor Wassenberghskoalle in lokaasjeûndersyk útfiere litten tegearre mei Proloog. Proloog hat belutsen west by elke kar dy 't de gemeente makke hat. By it lokaasjeûndersyk is ek, sjoen de boppesteande oerwagings, de ôfwaging makke om de gymseal net mei te nimmen. De kavel dy 't oankocht is, is dus ek net direkt berekkene op de gymseal. Boppedat wurdt it fergunningferlingingsproses foar de nije Wassenberghskoalle komplekser foar Proloog sjoen de omfang fan in nije gymseal.

6.

Fanút de skoalle is der ea oppere om de berneopfang op it huidige plak fan de skoalle te litten en de skoale sels op it nije stik. “Gjin sprake fan” wie it antwurd. “In IKC is it stribjen”. In IKC hat ek neiskoals oanbod. Dêrneist soe de pleatslike keatsklup hjir belang by ha: ek harren gebou is oan fernijing ta. De keatsklup traint op it sportfjild en yn de winter yn de gymseal. Is it kolleezje is mei ús iens dat it in logyske keuze wêze soe om opfang en sport as kombinaasje te meitsjen, mei in sportakkomodaasje neist de nije skoalle?

As gemeente Ljouwert fasilitearje wy IKC-foarming safolle mooglik mar de fraach komt by de partijen sels wei. Sawol Proloog as Stichting Kinderopvang Friesland ûnderskriuwe IKC-foarming foar de folle 100%. Bern wurde it bêste betsjinne as der sprake is foar trochrinnende learllinen en in dielde fyzje op de ûntwikkeling fan it jonge bern. De ûnderfining leart dat dit it bêste slagget as bern en meiwurkers fysyk yn itselde gebou sitte en ien team foarmje. De hieltyd fierdere wetlike lykskeakeling tusken basisûnderwiis, berne-opfang (fergees yn 'e takomst?) en bûtenskoalske opfang makket dat boppedat in duorsume kar foar de takomst.

Leeuwarden, 24 juni 2024, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,

burgemeester.

Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 24/06/2024 16:51:01 CEST {{Signer1}} ID: 6c27a9d9-9327-44c4-91e8-fecb84dfad93 Auth: Scribble

Blad 3

secretaris.

Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 26/06/2024 11:56:16 CEST {{Signer2}} ID: 6c27a9d9-9327-44c4-91e8-fecb84dfad93 Auth: Scribble

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake gymzaal Lekkum

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden