herinrichting Nieuwestad en Ruiterskwartier en betrokkenheid ondernemers
Een raadslid stelde op 13 januari 2026 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- Is it kolleezje fan tinken dat de ûndernimmers fan sawol it Ruiterskwartier as de Nijstêd genôch belutsen binne by de plannen foar weryndieling? → Antwoorden Ja. 2.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2025-307849 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 27 november 2025. De vragen zijn afkomstig van de FNP en gaan over Harkje nei ús ûndernimmers!”
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Is it kolleezje fan tinken dat de ûndernimmers fan sawol it Ruiterskwartier as de Nijstêd genôch belutsen binne by de plannen foar weryndieling?
Antwoord van het college
Antwoorden Ja.
2.
Hoe ferklearret it kolleezje dat de presintaasje op 26 novimber 2025 delset waard as in proses mei brede draachkrêft ûnder ûndernimmers, wylst dy belutsenheid neffens de ûndernimmers sels ûnfoldwaande wie?
Foar it projekt Nieuwestad is yn de gearkomste begjin desimber troch belutsen ûndernimmers yn mearderheid oanjûn dat se de oanjûne rjochting foar it byldkwaliteitsplan stypje. Underwilens wurkje wy dit út yn in konsept byldkwaliteitsplan en beprate wy dat yn jannewaris mei ûndernimmers. Foar it Ruiterskwartier is yn de gearkomste fan 26 novimber oanjûn dat der wol konsensus is oer it ûntwerp mar noch net oer it gebrûk. Ek is útlis jûn oer wa't yn de wurkgroep partisipearje, hoe faak oft dizze groep byinoar west hat en dat dêr neist de wurkgroep gearkomsten ek petearen west hawwe mei fertsjintwurdigers fan sawol de (hoareka)ûndernimmers en it wykpanel. Yn de wurkgroep wurde dizze petearen beneamd en ek oanjûn wat de ynhâld wie fan de petearen.
3.
Der hearsket ûnfrede by in soad ûndernimmers. Begrypt it kolleezje dizze ûnfrede? Sa ja, is it kolleezje ree om op ‘e nij mei de ûndernimmers om tafel te gean?
Foar it projekt Nieuwestad is yn de gearkomste begjin desimber troch belutsen ûndernimmers yn mearderheid oanjûn dat se de oanjûne rjochting foar it byldkwaliteitsplan stypje. Underwilens wurkje wy dit út yn in konsept byldkwaliteitsplan en beprate wy dat yn jannewaris mei ûndernimmers.
4.
Kin it kolleezje útlizze wat harren fyzje is wat de ynrjochting fan it Ruiterskwartier oanbelanget en hokker ôfwagings dêrby makke binne by de weryndieling? Bygelyks: as de fyzje wêze soe dat it Ruiterskwartier in brûzjende útgeanstrjitte wêze/bliuwe moat, hoe giet it kolleezje dan om mei saken as terrassen en crowd management?
Foar it Ruiterskwartier is yn de gearkomste fan 26 novimber oanjûn dat der wol konsensus is oer it ûntwerp mar noch net oer it gebrûk. Ek is útlis jûn oer wa't yn de wurkgroep partisipearje, hoe faak oft dizze groep byinoar west hat en dat dêr neist de wurkgroep gearkomsten ek petearen west hawwe mei fertsjintwurdigers fan sawol de (hoareka)ûndernimmers en it wykpanel. Yn de wurkgroep wurde dizze petearen beneamd en ek oanjûn wat de ynhâld wie fan de petearen.
Blad 2
It kolleezje is fan betinken dat der gjin ûnfrede is oer it proses om te kommen ta in ûntwerp foar Nieuwestad en it Ruiterskwartier. Spesifyk foar it Ruiterskwartier wolle ûndernimmers graach mear frijheid fan it gebrûk fan de fleksibele strook yn it ûntwerp. Lykas oanjûn by fraach 2 is der wol konsensus oer it ûntwerp mar noch net oer it gebrûk. 5.
Neffens de ûndernimmers wiene der earder ôfspraken makke oer de saneamde wikselstrook. Neffens de ûndernimmers is tasein dat sy dizze strook op tongersdei, freed en sneon fan 18.00 oere ôf nei eigen ynsjoch meie ynfolje. No docht bliken dat de strook om 22:00 oere ôfsletten wurde mei. Kin it kolleezje útlizze wêrom't der dochs foar in letter tiid keazen is?
Ien fan de útgongspunten sa't troch de gemeenteried is bepaald, is dat it Ruiterskwartier in brûzende útgeansstrjitte is en bliuwe moat. Der binne lykwols mear kritearia, wêrûnder benammen de fergriening, wêrby't yn it ûntwerp rekken hâlden wurde moat. It sketsûntwerp dat no foarleit is dêr de útkomst fan. It Ruiterskwartier is 14 oant max 15 meter breed en binnen dizze ôfmjitting wol elkenien maksimaal gebrûk fan romte. Op fersyk fan bygelyks de hoareka-ûndernimmers is der skood mei de bakken foar de beammen en de ferljochting ten faveure fan it crowd-management. It brûken fan de fleksibele strook grinzjend oan de terrassen oan de noardkant is om de hoareka-ûndernimmers sa folle mooglik temjitte te kommen yn sawol harren funksje op dit stuit, as meibewege kinne mei mooglike feroaringen by de hoareka.
6.
De wikselstrook is no 4 oeren letter beskikber as earder tasein wie, neffens de ûndernimmers. Dielt it kolleezje de soarch fan de FNP mar benammen dy fan de ûndernimmers dat de hoareka hjirtroch in soad omset misrint? Sa ja, is it kolleezje ree om dit werom te draaien of bygelyks om yn de simmermoannen wol de tiid fan 18:00 o. hantearje?
Sa nee, kin it kolleezje útlizze wêrom net?
Yn'e riedsgearkomste fan 26 novimber is besprutsen dat de hoareka-ûndernimmers de winsk hawwe om de fleksibele strook te brûken sa't jo oanjouwe yn jo fraach. Derneist is der oan de ûndernimmers frege hoe't sy de ynfolling sjogge en is ek oanjûn dat der wol regels wêze moatte of komme sadat der ek hanthavene wurde kin. Dit is ek sa bepraat yn de wurkgroep. It wykpanel hat oanjûn de winsk te hawwen dat de fleksibele strook allinnich fleksibel wêze moatte soe yn de hjoeddeistige drokke mominten yn it wykein en dat is dan allinnich op de freed - en sneontejûn fan 22.00 oere ôf of 23.00 oere. Ferskil fan miening betsjut net dat de winsk fan it wykpanel in beslút is fan it kolleezje. Sa is dit ek bepraat mei de hoarekaûndernimmers yn oanwêzichheid fan de riedsleden en dat der ek romte wêze moat foar fleksibiliteit en sels it mooglik dwaan fan in proef om te sjen wat der kin, moat en mooglik is.
Der is dus noch gjin tasizzing dien oer de tiden dat de wikselstrook foar de hoareka beskikber is; mar de winsken binne dúdlik en dêrmei ek de ferskillen tusken de ferskate belangegroepen. Dat freget dus noch in (bestjoerlike) kar.
Blad 3
7.
Kin it kolleezje útlizze wat de reden is dat de ynformative sesje yn de Harmonie op 26 novimber 2025 mear as in healoere útrûn is wêrtroch der amper tiid oerbleau foar de riedsleden om op it Ruiterskwartier en de Nijstêd te sjen, sa as dat yn de planning stie?
Leeuwarden 13 januari 2026, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester. {{Signer1}}
secretaris. {{Signer2}}
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
De planning fan de gearkomste wie sa opset dat der earst in ynformatyf part wêze soe foar sawol it terrasseplan foar de Nieuwestad as de werynrjochting fan it Ruiterskwartier. It lêste ûnderdiel wie in blik op it Ruiterskwartier. Der siet gjin rûnlieding yn de planning foar de Niewestad.
De tiid dy ’t oan ’e ein fan ’e gearkomste oerbleau wie ûnder mear krap troch alle fragen fan riedsleden út ’e seal.
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.