31 januari 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

het strooibeleid en plaatsen van zoutbakken

Een raadslid stelde op 31 januari 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

Saaknûmer: 2022-275896 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen lykas bedoeld yn kêst 42, earste lid, fan it Reglement van Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan'e gemeente Ljouwert, yntsjinne op 16 desimber 2022. De fragen komme fan FNP en gean oer it struibelied en it pleatsen fan sâltkisten.

Vragen

1. Wy freegje jo, middels bygelyks doarpsbelangen en wykferienings, te ynventarisearjen hokker wiken, buorskippen en doarpen in soad oerlêst fan glêde diken hawwe.

Antwoorden Yn desimber binne d’r in oantal dagen west mei izel en kâns op gledens. Yn it hiele lân en ek yn ús gemeente hawwe minsken yn it ferkear dêr grif oerlêst fan hân. Dat gebeurt faker en is by sok waar yn de praktyk net foar te kommen. It kollezje achtet it net sinfol om dit neier te ynventarisearjen.

2.

Wy freegje jo, middels bygelyks doarpsbelangen en wykferienings, te ynventarisearjen hoefolle wiken, buorskippen en doarpen graach gebrûk meitsje soene fan in sâltkiste.

Oan it gebrûk fan sâltkisten sitte tefolle tûkelteammen en neffens ús sil it yn de praktyk net genoch helpe. Om hiele wenstrjitten te struien mei de hân moate d’r in soad boargers yn it spier.

Dêrby is de feiligens fan de struiers sels ek wichtig.

Boppedat is it bêste momint fan struien faak de jûns fan te foaren of yn de nacht. Nei reinbuien soe it ek werhelle moate wurde, en die garansje op ynset kinne wy net freegje. Ek soe it in soad logistyke organisaasje freegje fan ‘e gemeente om de bakken te foljen, mei derby ek in protte ekstra kosten. Sjoen disse punten achte wy it net sinfol om dit te ynventarisearjen.

3.

En as wichtichste punt ta beslút:

Kinne jo soargje dat der yn it winterskoft sâltkisten foar algemien gebrûk pleatst wurde yn de iepenbiere romte yn de doarpen, buorskippen en wiken? Taheakke fine jo foarbylden fan de ynset fan sâltkisten yn ferskate Nederlânske gemeentes.

Sjoch ek it antwurd op fraach 2.

Wy geane gjin sâltkisten foar algemien gebrúk pleatsen. Wy hawwe d’r seker begrip foar dat glêdens somstiden oerlêst meibringt. Yn de measte gefallen is it mei ekstra foarsichtigens goed te dwaan om op de struide routes te kommen.

Ljouwert, 31 jannewaris 2023, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster, Signed By: Buma, Sybrand 02/02/2023 14:29:50 CET {{Signer1}} Id: bfe29861-72ee-441c-b02e-a9df886fbcfc Auth: Scribble

Blad 2

siktaris.

Signed By: de Jong de, Eelke 02/02/2023 10:03:39 CET {{Signer2}} Id: bfe29861-72ee-441c-b02e-a9df886fbcfc Auth: Scribble

Si *Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

gner2}}

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP over het strooibeleid en plaatsen van zoutbakken

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden