16 september 2025 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

Hitteplan gemeente Leeuwarden

Een raadslid stelde op 16 september 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje it mei ús iens dat ekstreme hjitte in grut risiko foar de folkssûnens foarmet, benammen foar âlderen, jonge bern, minsken mei sûnensproblemen en minsken… → Antwoorden It kolleezje is it hjirmei iens.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Zaaknummer: 2025-218339 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen as bedoeld yn artikel 42, earste lid, fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne op 13 augustus 2025. De fragen binne ôfkomstich fan FNP Ljouwert en gean oer it hitteplan.

Vragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje it mei ús iens dat ekstreme hjitte in grut risiko foar de folkssûnens foarmet, benammen foar âlderen, jonge bern, minsken mei sûnensproblemen en minsken mei in geestlike en lichaamlike beheining?

Antwoord van het college

Antwoorden It kolleezje is it hjirmei iens. Beskerming tsjin hjitte is dêrom ek ûnderdiel fan it Programma Volhoudbaar 2.0 en de Sûnensnota 'Samen Gezond' fan de gemeente Ljouwert.

2.

It kolleezje is fan miening dat de gemeente Ljouwert neist it lanlik Nationaal Hitteplan ek in eigen hitteplan hawwe moat. Yn it Programma Volhoudbaar 2.0 stiet dat wy in lokaal hitteplan opstelle om goed taret te wêzen op ús eigen lokale situaasje. De sûnens by hittestress stiet hjirby sintraal. Koartlyn is úteinset mei in ferkenning nei sawol de nedige kapasiteit as de ynhâldlike oanpak. Yn dit ramt binne wy ek yn petear mei de GGD Fryslân om tegearre yn kaart te bringen wat nedich is. De ambysje is om foar de simmer fan 2026 in lokaal hitteplan klear te hawwen.

Dielt it kolleezje de miening dat de gemeente Ljouwert neist it lanlik Nationaal Hitteplan fan it RIVM, ek in eigen lokaal hitteplan hawwe moat? Sa ja: Is it kolleezje fan doel om op koarte termyn in gemeentlik hitteplan te ûntwikkeljen? Sa ja, binnen hokker tiidframe? En sa nee: kin it kolleezje útlizze wêrom?

Ien fan de doelen yn it dit jier fêststelde útfieringsprogramma fergriening 2025-2035 is it beheinen fan de gefolgen fan hjitte, bygelyks troch it oanplantsjen fan ekstra beammen.

3.

Kin it kolleezje útlizze wat har rol is by in lange perioade fan ekstreme hjitte, en hokker partijen dêrby belutsen binne?

Yn (de foarming fan) it lokale hitteplan geane wy mei ferskate partners yn petear oer elts syn rol. Op dit stuit hawwe wy noch gjin oare partijen as GGD Fryslân belutsen, dit wurkje wy noch út. Wy tinke yn elts gefal oan soarch- en wolwêzenspartijen en maatskiplike organisaasjes. Bygelyks Amaryllis, it sikehûs, húsdokters, fersoargings- en ferpleechhuzen en organisaasjes foar dak- en thúsleazen. Ek kin tocht wurde oan wenningboukoöperaasjes, de plysje, brânwacht, sportorganisaasjes en ûnderwiis- en berneopfangynstellingen.

Blad 2

Yn de lanlike hânriking lokaal hitteplan steane de taken fan ferskate partners opnommen. De taken fan de gemeente rjochtsje har benammen op it ûntwikkeljen/aktualisearjen fan it lokaal hitteplan, it fasilitearjen fan it netwurk en kommunisearjen oer hjitte(stress) nei ynwenners en partners. Yn dizze taken kin it kolleezje him fine. Dêrneist sjogge wy in taak foar it útfieren fan oanfoljende maatregels dy't nedich blike. Tink oan it meitsjen fan skaadplakken en it fasilitearjen fan noch mear drinkwetter(tappunten) yn de iepenbiere romte. 4.

Is it kolleezje ree om sa nedich ekstra maatregels te nimmen by ekstreme waarmte, lykas it oanwizen fan ferkoelingsplakken en ekstra wetterfoarsjinnings?

Ljouwert, 16 september 2025, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,

boargemaster.

Signed By: de de Jong, Eelke 24/09/2025 10:20:23 CEST {{Signer1}} ID: 38111e81-131b-4ef7-b942-e28375986c01 Auth: Scribble

sekretaris.

Signed By: van Haersma Buma, Sybrand 24/09/2025 10:42:14 CEST {{Signer2}} ID: 38111e81-131b-4ef7-b942-e28375986c01 Auth: Scribble

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

Hjir is it kolleezje ta ree, sjoch ek it antwurd op fraach 3. Der binne al ferskate aksjes opnommen yn it Programma Volhoudbaar 2.0, it Útfieringsprogramma Fergriening en de Sûnensnota 'Samen Gezond' dy't hjirop oanslute. Sa as it foar elke ynwenner berikber meitsjen fan in koele plak op rinnende ôfstân, it fergrienen fan mear skoalpleinen en it pleatsen fan wettertappunten.

In koele plak kin bygelyks ek in iepenbier gebou wêze dat wy oanwize.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake Hitteplan gemeente Leeuwarden

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden