20 juni 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

Julianalaan

Een raadslid stelde op 20 juni 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje it mei ús iens, dat dizze dyk net geskikt is foar swier ferkear? → Nee, it kolleezje is it hjiroer net iens mei de fraksje fan de FNP.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Saaknûmer: 2023-113912 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert, yntsjinne op 12 maaie 2023. De fragen komme fan de FNP Ljouwert en geane oer it ferkear op it Julianaplein.

Antwurden

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje it mei ús iens, dat dizze dyk net geskikt is foar swier ferkear?

Antwoord van het college

Nee, it kolleezje is it hjiroer net iens mei de fraksje fan de FNP. De Julianalaan is ûnderdiel fan de stedsring en hat in ferkearsfunksje dy’t der foar soarget dat it (fracht)ferkear oer de stêd sprieden wurdt. De stedsring ferbynt wiken en bedriuweterreinen; dit is wichtich foar de trochstream en dêrmei berikberens.

De Julianalaan wie en is geskikt foar it ôfwikkeljen fan swier ferkear. Yn 2015 binne – yn it ramt fan it programma Vrij-Baan- ekstra ferkears (feilichheids)maatregels realisearre lykas ferkearsfeilige oerstekplakken foar fuotgongers en fytsers.

2.

Kin it koleezje begripe dat, ûndanks de maatregels dy’t der nommen binne, de ynwenners it gefoel hawwe dat der neat feroare is?

Yn de brief oan jo ried fan 17 jannewaris 2023 stean ferskate maatregels beskreaun. Dêr is û.o. oanjûn dat it de ferwachting is dat de (noch te nimmen) maatregels ta resultaat ha sille dat it ôfnimmen fan de ferkearsbewegings beheind bliuwe sil ta maksimaal 5% oant 10%. Yn de eagen fan ynwenners sil dat oerkomme as in bytsje, sa kinne wy ús yntinke.

3.

De maksimale ynspanning om it frachtverkear fia de heak ride te litten liket net te slagjen.

Kin it kolleezje dit útlizze?

Sjoch it antwurd op fraach 2 en de earder oan jo ried stjoerde brief van 17 jannewaris 2023.

4.

Is de mooglikheid ûndersocht om de Hendrik Algrawei tydlik iepen te stellen foar it bouferkear fan it plan Middelsee, sa net, is it kolleezje ree dit likegoed noch te ûndersykjen?

De Hendrik Algraweg wurdt yn de hjoeddeistige situaasje al brûkt foar it bouferkear fan en nei Middelsee kommende fan de Newtonlaan ôf.

Blad 2

Ljouwert, 20 juny 2023, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,

Boargemaster, Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 23/06/2023 08:28:24 CEST {{Signer1}} ID: f9924d0f-9ec8-4206-8c1a-32d77e905282 Auth: Scribble

Sekretaris.

Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 26/06/2023 11:19:41 CEST {{Signer2}} ID: f9924d0f-9ec8-4206-8c1a-32d77e905282 Auth: Scribble

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP over Julianalaan

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden