22 november 2022 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

laadpalen in de openbare ruimte

Een raadslid stelde op 22 november 2022 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

Saaknûmer: 2022-217081 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert, yntsjinne op 7 oktober 2022. De fragen komme fan de FNP Ljouwert en geane oer laadpeal yn de iepenbiere romte.

Vragen 1.

In iepenbiere laadpeal fregest ek yn gemeente Ljouwert oan fia www.laadpaalnodig.nl, hokker termyn wol gemeente Ljouwert hantearje oangeande reaksjes, goed- of ôfkarren en pleatsen?

2.

Hokker termyn wurdt der op dit stuit werklik hantearre? En komt dit andert net oerien mei it andert fan fraach 1, hoe en wannear giet gemeente Ljouwert hjir wat oan feroarjen?

3.

Hat gemeente Ljouwert sicht op it tal wachtsjenden; hoefolle oanfragen steane der yn de wacht?

4.

FNP Ljouwert wol graach witte hoefolle en wêr yn gemeente Ljouwert dizze iepenbiere laadpeallen te finen binne.

Kin dit ynsichtlik makke wurde op www.leeuwarden.nl? 5.

Is der mei alle doarpen en wiken kontakt oer mooglike lokaasjes oangeande it pleatsen fan iepenbiere laadpeallen? Wat is hjir de stân fan saken?

Antwurden Wy ha foar eagen dat de realisaasje fan de laadpeal in trochrintiid fan 16 oant 20 wiken hat.

Dit is basearre op de wurkwize fan de konsesje laadynfrastruktuer fan de provinsje Fryslân en in grut oantal fan de Fryske gemeenten.

Oanfragen wurde yntsjinne fia it provinsjaal oanfraachportaal (www.laadpaalnodig.nl) en komme by de konsesjehâlder binnen. Realisaasje fan laadynfrastruktuer freget om in fergunningetrajekt by de gemeente, ynklusyf in ferkearsbeslút om parkearplakken by laadynfrastruktuer te reservearjen foar elektryske auto’s.

De trochrintiid dy’t foar eagen leit is noch hieltyd 16 oant 20 wiken. De echte trochrintiden rinne op it stuit op oant mear as 30 wiken (7 moanne).

Benammen de lange levertiden binne hjir de oarsaak fan. Wy ha struktureel oerlis mei de konsesjehâlder en de konsesjebehearder (de provinsje Fryslân) om levertiden en trochrintiden koarter te krijen.

Op dit stuit rinne der binnen de gemeente Ljouwert ûngefear 60 oanfragen foar publike laadpeallen.

Ja, op de gemeentlike webside stiet in ferwizing nei de side oplaadpalen.nl

Nee, oan ‘e foarhân is net eltse lokaasje foarlein oan de wykpanels en doarpsbelangen. As dat frege wurdt fynt dit oerlis wol plak en wurde lokaasjes dy’t útsteld binnen ek wol wizige.

Blad 2

6.

Undersiket gemeente Ljouwert de mooglikheid dat it pleatsen fan laadpeallen, sa’t de Vereniging Elektrische Rijders suggerearret, minder fraachstjoerd wurdt, mar júst mear antisipearjend, foarútrinnend op de fraach, plak hat?

Ljouwert, 22 november 2022, Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster.

Signed By: Buma, Sybrand {{Signer1}} 30/11/2022 13:34:03 CET Id: 1ab17ca7-1c53-40d9-91c7-9003c4c37ee2 Auth: Scribble

sekretaris.

Signed By: de Jong de, Eelke {{Signer2}} 28/11/2022 15:26:57 CET Id: 1ab17ca7-1c53-40d9-91c7-9003c4c37ee2 Auth: Scribble

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

De hjoeddeiske konsesje foar iepenbiere laadpeallen wurdt stjoerd troch de fraach. De konsesje bied wol de mooglikheid om as gemeente strategyske laadobjekten te realisearjen op plakken wêr’t bewenners of forinzen gjin oanfraach dwaan kinne en foaral besikers fasiliteard wurde. Tink dêrby oan toeristyske trekpleisters, logistike knooppunten of stânplakken foar doelgroepeferfier.

Boppedat wurdt it brûken fan alle oplaadpunten byholden. As it gebrûk oprint, wurdt datastjoerd in ekstra laadpeal yn de buert fan de oanbelangjende laadpeal oanfrege.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP over laadpalen in de openbare ruimte

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden