locatie Lunatokermis
Een raadslid stelde op 14 juni 2022 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.
Brief van het college
Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.
Skriftlike fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn kêst 41, earste lid. Fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomste fan de ried fan de gemeente Ljouwert.
Oangeande: FNP wol Lunatokermis werom nei it Cambuurplein Datum
: 12 april 2022
Achte kolleezje, De Lunatokermis yn Ljouwert bestiet dit jier 70 jier. It hie in pracht jubileum moatte wurde, mar is op in fiasco útdraaid yn de eagen fan de FNP. Dit hat mei meardere faktoaren te meitsjen fansels wêrûnder it waar (it wie ien grutte drek bende) mar ek de lokaasje (sportfjild efter it Cambuurstadion) die troch de gemeente is oanwiisd foar it jier 2022.
De reden foar de Lunatokermis fan it Cambuurplein nei de sportfjilden efter it Cambuurstadion skynt te meitsjen hawwen mei klachten fan ûndernimmers oan it Cambuurplein. De FNP Ljouwert fynt dit in reden fan neat !.
Kermisexploitanten binne ek ûndernimmers en moatte harren brea ek gewoan mei hurd wurkjen fertsjinje !.
Mar ek hawwe wy fernommen dat der in breed draachflak ûnder de Ljouwerter befolking leit om de Lunatokermis wer nei it Cambuurplein te bringen. Lytse bêrn stiene oant de knibbels ta yn de drek.
Derom hat de FNP Ljouwert de folgjende fragen oan it kolleezje:
Is it kolleezje it iens mei de FNP dat de sportfjilden efter it Cambuurstadion net geskikt binne om in kermis op te hâlden ek sjoen in gewicht fan it ridende materieel?
Kin it kolleezje ús bekind meitsje wat it kost om de sportfjilden te herstellen?
Is it kolleezje it mei ús iens dat kermisexploitanten ek gewoan ûndernimmers binne?
Is it kolleezje op,e hichte dat der op dit stuit in petysje hâlden wurdt ûnder de Ljouwerter befolking om de Lunatokermis wer op it Cambuurplein te krijen?
Wol it kolleezje harren ynsette om te soargjen dat de 71e edysje fan de Lunatokermis yn 2023 wer op it Cambuurplein hâlden wurde kin?
Groetnis, Jan-Willem Tuininga Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert
Bekijk de brief: Schriftelijke vragen FNP inzake locatie Lunatokermis
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.