16 januari 2024 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

meedenkpunt

Een raadslid stelde op 16 januari 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje fan doel mear meitinklokaasjes te kreëarjen? → Antwurden It meitinkpunt is in eksperimint en bedoeld as in foarm fan tsjinstferliening dêr’t ynwenners persoanlik by holpen wurde mei harren fragen of problemen.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Saaknûmer: 2023-280104 ûnderdiel fan 2023-280101 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen as bedoeld yn kêst 42, earste lid, fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne op 1 desimber 2023. De fragen komme fan de FNP en gean oer Mear meitinklokaasjes foar de gemeente Ljouwert.

Fragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje fan doel mear meitinklokaasjes te kreëarjen?

Antwoord van het college

Antwurden It meitinkpunt is in eksperimint en bedoeld as in foarm fan tsjinstferliening dêr’t ynwenners persoanlik by holpen wurde mei harren fragen of problemen. It punt is foar doelgroepen dy’t net goed telâne kinne by besteande kanalen, lykas telefoanysk of op ôfspraak. De gemeente wol mei it eksperimint ûndersykje oft der ferlet is fan in meitinkpunt en oft de hjoeddeistige opset wurket.

Nei trije moanne folget in earste evaluaasje. De gemeente wachtet de resultaten earst ôf en hat gjin plannen om op koarte termyn mear meitinkpunten op te setten.

2.

Wol it kolleezje oerwaagje twa ekstra meitinklokaasjes te iepenjen yn sawol Stiens as Grou?

It leit net foar de hân om lokaasjes yn Stiens en Grou te iepenjen. By de oergongssituaasje fan de gemeentlike weryndieling hawwe wy balys yn de doarpen hân. Ut de evaluaasje die destiids bliken dat der te min oanrin wie om dêrmei fierder te gean. Der binne dan ek gjin plannen om nije gemeenteloketten yn Stiens en Grou te iepenjen.

Ynwenners út de doarpen kinne wol altyd by de buert- en doarpskeamers telâne.

3.

Is it kolleezje it mei FNP Ljouwert iens dat it ferpartsjen fan dizze service oer trije lokaasjes de wurkdruk op it gemeentehûs nei beneden bringe sil?

Nee, want út de earder neamde evaluaasje die bliken dat der yn de doarpen te min oanrin wie.

Meiwurkers dy’t dy punten bemannen, hiene dêrtroch net genôch wurk te dwaan. Dat is just net effisjint en sil de wurkdruk ferheegje.

Ljouwert, 16 jannewaris 2024, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,

boargemaster.

Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 18/01/2024 11:33:41 CET {{Signer1}} ID: 68629146-accf-4132-8416-434dcb34f46f Auth: Scribble

Blad 2

sekretaris.

Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 17/01/2024 10:19:29 CET {{Signer2}} ID: 68629146-accf-4132-8416-434dcb34f46f Auth: Scribble

*Dit dokumint is rjochtsjildich digitaal ûndertekene.

Bekijk de brief: Beantwoording Schriftelijke vragen FNP inzake meedenkpunt

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden