Meedoen-regeling Sport & Cultuur
Een raadslid stelde op 9 juli 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.
Brief van het college
Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.
Zaaknummer: 2024-128858 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen as bedoeld yn artikel 42, earste lid, fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne op 10 juny 2024. De fragen binne ôfkomstich fan FNP Ljouwert en gean oer de Partisipaasjeregeling Sport en Kultuer.
Vragen
1. Acht kolleezje, As fraksje fan de FNP Ljouwert wiene wy tige ferbjustere doe’t wy dit parseberjocht fan PEL yn it wykblêd Liwwadders stean seagen.
Al is de fraach oan de riedsleden rjochte, sjonge wy leaver in dúdlik antwurd fanút it kolleezje.
Graach wolle wy dan ek in ynhâldike reaksje op ûndersteand berjocht.
Antwoorden Op 14 febrewaris 2024 hat de gemeenteried yn it bywêzen fan de FNP-fraksje besletten om in Partisipaasjeregeling te organisearjen yn de foarm fan it Volwassenenfonds Sport & Cultuur. En om dêr de kommende jierren it folgjende budzjet foar beskikber te stellen: 2024
2025
2026
€ 750.000
€ 975.000
€ 975.000
2027 en fierder € 300.000
Dit beslút is te finen ûnder punt 4.6 ûnder de list fan beslúten fan 14 febrewaris 2024: (https://leeuwarden.bestuurlijkeinformatie.nl/Age nda/Index/eb6d2145-cea3-4631-a5bab29abb88434a).
Der is tiid nedich om dit beslút goed út te fieren, sawol foar de gemeente, it Volwassenenfonds Sport & Cultuur en de partners út it maatskiplik mêd dy't as tuskenpersoan in rol spylje sille by it oanmelden foar it fûns. Dêr wurkje wy hurd oan. Ambysje is dat ynwenners fanôf úterlik 1 septimber ôf, foar it nije sport- en kultuerseizoen, de earste oanfragen yntsjinje kinne by it Volwassenenfonds Sport & Cultuur. Dêrfoar wurde ferskate kommunikaasjeen mediakanalen brûkt om breed berik en bewustwêzen fan de regeling te garandearjen. De regeling komt dêrom ûnder oare op de webside fan de gemeente Ljouwert.
Op de webside fan it Fûns foar folwoeksenen stiet al dat it fûns ynkoarten aktyf is yn de gemeente Ljouwert: https://www.volwassenenfonds.nl/deelnemers/Le euwarden/ Sadree't dat it gefal is, kinne ynwenners mei dizze webside witte hokker regels jilde foar it fûns en by wa't se kontakt opnimme kinne om it fûns oan te freegjen.
Blad 2
Ljouwert, 16 july 2024, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,
boargemaster.
Signed By: Buma, Sybrand 11/07/2024 08:54:47 CEST {{Signer1}} ID: 02796c20-b3d8-47cc-afdb-a6de2e6f1cf4 Auth: Scribble
sekretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke 10/07/2024 16:52:51 CEST {{Signer2}} ID: 02796c20-b3d8-47cc-afdb-a6de2e6f1cf4 Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake Meedoen-regeling Sport & Cultuur
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.