20 juni 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

milieustraat

Een raadslid stelde op 20 juni 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (6 vragen).

In het kort

6 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje der fan op de hichte dat de reserveringsplicht dy’t ynfierd is yn de koroana perioade om by de “milieustraten van de Omrin“ gjin eksessen ûntstean te… → Ja, it kolleezje is hjir fan op 'e hichte.
  • Is it kolleezje fan miening dat dizze regeling no noch tafoege wearde hat en nedich is? → Ja, it kolleezje sjocht de mearwearde noch hieltyd.
  • Sa nee, wol it kolleezje yn oerlis gean mei Omrin om dizze regeling ôf te skaffen? → Sjoch fraach 2.
  • Kloppet it sa at Omrin seit dat minsken út oare gemeenten sûnder ôfspraak nei “milieustraten” yn de gemeente Ljouwert kinne? → Dat kloppet, de ynwenners fan de gemeente Waadhoeke meie sûnder ôfspraak nei de miljeustrjitte yn Stiens.
  • Wie it kolleezje fan dizze bysûndere foarrangsregeling opè hichte? → It kolleezje is hjirfan op 'e hichte.
  • Is it kolleezje ree dizze bysûndere foarrangsregeling foar minsken fan bûten ús gemeente sa fluch mooglik ôf te skaffen? → (mocht de reserveringsregeling stân hâlde) Ljouwert, 20 juny 2023 Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Oanhingsel nûmer: 2023-109484 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen as bedoeld yn artikel 42, earste lid, fan it Reglemint fan Oarder fan de gearkomsten fan de ried fan de gemeente Ljouwert, ynstjinne op 8 maaie 2023 troch de FNP-fraksje oangeande de reserveringsplicht dy’t ynfierd is yn de koroana perioade by de milieustrjitten.

Fragen

Antwurden

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje der fan op de hichte dat de reserveringsplicht dy’t ynfierd is yn de koroana perioade om by de “milieustraten van de Omrin“ gjin eksessen ûntstean te litten noch hieltyd fan tapassing is?

Antwoord van het college

Ja, it kolleezje is hjir fan op 'e hichte. Nei it ferfallen fan de coronamaatregels is it ferplichte oanmelden ôfskaft. Dat hâldt yn dat as ynwenners ôffal bringe op de miljeustrjitte sûnder dat sy in ôfspraak makke hawwe, sy net wegere wurde. Wol bestiet de kâns dat sy wachtsje moatte (by drokte op de miljeustrjitte) omdat ynwenners dy 't har oanmeld hawwe foarrang hawwe.

Vraag 2

Is it kolleezje fan miening dat dizze regeling no noch tafoege wearde hat en nedich is?

Antwoord van het college

Ja, it kolleezje sjocht de mearwearde noch hieltyd. It foardiel is dat troch de regulearre tagong der hast gjin wachtrigen mear binne.

Om 't de tagongsdiken nei de miljeustrjitten filefrij binne, is it ek feiliger op strjitte en kin der mear begelieding op de miljeustrjitte bean wurde. Hjirtroch wurdt it ôffal ek better skieden. Boppedat docht út in peiling fan ús boargerpanel bliken dat de hjoeddeiske regeling foldocht. Mar 17% wol werom nei it systeem sûnder ôfspraak. De oare ynwenners binne foar in regeling wêrby 't allinne op ôfspraak brocht wurde kin óf wêrby 't ynwenners mei in ôfspraak foarrang hawwe op ynwenners sûnder ôfspraak. It kolleezje is dêrom fan betinken dat de regeling noch hieltyd fan tafoege wearde is.

Vraag 3

Sa nee, wol it kolleezje yn oerlis gean mei Omrin om dizze regeling ôf te skaffen?

Antwoord van het college

Sjoch fraach 2.

Vraag 4

Kloppet it sa at Omrin seit dat minsken út oare gemeenten sûnder ôfspraak nei “milieustraten” yn de gemeente Ljouwert kinne?

Antwoord van het college

Dat kloppet, de ynwenners fan de gemeente Waadhoeke meie sûnder ôfspraak nei de miljeustrjitte yn Stiens.

Vraag 5

Wie it kolleezje fan dizze bysûndere foarrangsregeling opè hichte?

Antwoord van het college

It kolleezje is hjirfan op 'e hichte.

Vraag 6

Is it kolleezje ree dizze bysûndere foarrangsregeling foar minsken fan bûten ús gemeente sa fluch mooglik ôf te skaffen?

Antwoord van het college

(mocht de reserveringsregeling stân hâlde)

Ljouwert, 20 juny 2023 Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,

boargemaster.

Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 23/06/2023 08:27:32 CEST {{Signer1}} ID: ede1624a-5694-4746-9f26-049da8f801f1 Auth: Scribble

siktaris.

Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 26/06/2023 11:18:04 CEST {{Signer2}} ID: ede1624a-5694-4746-9f26-049da8f801f1 Auth: Scribble

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

Omrin is eigener fan de miljeustrjitte yn Stiens en de trije gemeenten hiene alle trije foar in tredde part sizzenskip oer de miljeustrjitte.

Nei de gemeentlike weryndieling hold de gemeente Waadhoeke 2/3 diel sizzenskip. In tredde part fan de sizzenskip bleau by Ljouwerteradiel, letter de gemeente Ljouwert.

By it ynstellen fan it oanmeldsysteem by de miljeustrjitten yn de gemeente Ljouwert, hat de gemeente Waadhoeke derfoar keazen om foar de miljeustrjitte yn Stiens (en yn Frjentsjer) dit net ta te passen foar harren ynwenners. De konsekwinsje fan dit beslút is dat de ynwenners fan de gemeente Waadhoeke harren net oanmelde hoege yn Stiens. By it bepalen fan it maksimaal oantal besikers yn de oere is dêr rekken mei hâlden. It kolleezje kin him goed foarstelle dat dizze regeling, nettsjinsteande dat, net earlik oanfielt.

De miljeustrjitte yn Stiens is foar de ynwenners fan de gemeente Waadhoeke en de gemeente Ljouwert. De ynwenners fan de gemeente Waadhoeke falle ûnder it belied fan de gemeente Waadhoeke. It kolleezje fan Ljouwert kin dêroer gjin beslút nimme. Wy wolle wol yn de breedte it petear mei Omrin opsykje om te sjen at it ferskaat oan rezjyms yn Fryslân harmonisearre wurde kin foar alle gemeenten.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake milieustraat

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden