netcongestie en zonnepark Stiens
Een raadslid stelde op 16 juli 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- Koartlyn hawwe wy lêze kinnen dat minsken mei sinnepanelen op it dak boete betelje moatte oan Liander foar de stroom dy’t dy minsken op it net bringe. → Antwoorden Der is koartlyn ferslachjouwing west oer de kosten dy’t enerzjybedriuwen (dus net netbehearder Liander) yn rekken bringe sille by klanten mei sinnepanielen.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2024-117071 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 25 mei 2024. De vragen zijn afkomstig van de FNP en gaan over de netcongestie in Stiens en de plannen van de Stienzer energykoöperaasje voor een zonnepark.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Koartlyn hawwe wy lêze kinnen dat minsken mei sinnepanelen op it dak boete betelje moatte oan Liander foar de stroom dy’t dy minsken op it net bringe. Ferline wike is bekend wurden dat it nije Ryksregear de boeten ôfskaffe wol; ien en oar sil wol betsjutte dat der wer mear sinnepanelen pleatst wurde, ta gefolch dat de “congestie” op it net grutter wurde sil. Fraach: Is it by it Kolleezje bekend dat der yn Stiens no al ris problemen binne mei de stroomfoarsjenning omdat Liander it der út klapt?
Antwoord van het college
Antwoorden Der is koartlyn ferslachjouwing west oer de kosten dy’t enerzjybedriuwen (dus net netbehearder Liander) yn rekken bringe sille by klanten mei sinnepanielen. Dêrop is yn de Twadde Keamer in moasje oannaam dy’t it kabinet opropt nei ôfskaffing fan de saldearringsregeling yn 2027 sokke kosten net mear mooglik te meitsjen.
De swierrichheden op it hiele stroomnet fan Liander binne bekend by it kolleezje, sa ek dy fan Stiens. It is trouwens net sa dat Liander sels in part fan de stroomfoarsjenning útset. It kin wol sa wêze dat op hiele sinnige mominten in omfoarmer fan in sinnepanielynstallaasje om feilichheidsredenen himsels útskeakelt, om by hege spanning op it stroomnet foar te kommen dat de elektryske apparatuer yn hûs skansearet.
Om de spanningsproblemen te ûnderfangen, giet Liander ek yn Stiens it stroomnet ferswierjen. Dat gebeurt dit jier en folgjend jier al yn it kader fan it projekt NuLelie en ek dernei sille der noch mear ynvestearringen yn en rûnom Stiens folgje. Dizze ûntwikkeling wurdt net rekke troch de fertraging dy’t Liander resintelike berjochte hat oer it projekt NuLelie.
2.
Wy witte dat de enerzjykoöperaasje Stiens op in stik lân fan in ûndernimmer mei agraryske bestimming sinnepanelen oanbringe wol en dat dit útwreide wurde sil mei sinnepanelen op tsjerkegrûn dat ek in agraryske bestimming hat; dit is yn it bûtengebiet fan Stiens. Yn de Stienzer koenen wy lêze dat der noch in omjouwingsoanfraach by de gemeente ynlevere wurde moat. Fraach: Is it by it kolleezje bekend dat der mei yngong fan 1 jannewaris 2024 der gjin fergunnings ferliend wurde meie foar sinneparken op lânbou- en natuergrûn?
Yn de brief wêr’t jo nei ferwize (Keamerbrief oer de oanskerpe foarkarsoarder sinne fan 26 oktober 2023) skriuwt minister Hugo de Jonge dat de ‘voorkeursvolgorde zon’ fan ôf 1 jannewaris 2024 ferwurke wêze moat yn de provinsjale omjouwingsferoarderingen. De provinsje Fryslân hie dit earder al dien troch de ‘sinneljedder’ yn de feroardering Romte op te nimmen en dizze sinneljedder sit ek yn de oanpassing fan de feroardering Romte dy’t krekt lyn foar ynsjoch lein hat. Dêryn stiet dat it pleatsen fan sinnepanielen op lânbougrûn allinnich ûnder betingsten tastien is. Dit nei oanlieding fan in oannommen moasje hjiroer yn Provinsjale Steaten op 27 septimber 2023.
Blad 2
(ien en oar stiet yn de brief dy’t demisjonêr De Jong nei de Twadde Keamer stjoerd hat) 3.
Hoe ferhâldt it plan yn Stiens him mei boppeneamde brief?
It plan fan de Stienzer Enerzjykoöperaasje falt binnen de betingsten fan de sinneljedder sa’t dy opnommen is yn de feroardering Romte en yn de foarnommen oanpassing. It is in lytsskalich lokaal inisjatyf wêryn streeft wurdt nei 50% lokaal besit en wêryn mearfâldich romtegebrûk realisearre wurdt troch op it plak sels it bioferskaat te fersterkjen. De omfang fan it plan is ôfstimd op de enerzjyneed fan it doarp, de sinneljedder is trochrûn en it slút romtlik goed oan by de bebouwing fan de doarpskearn. Wy sjogge by romtlike plannen altyd nei de rigels yn de hjoeddeiske omjouwingsferoardering.
4.
De útsûnderingsregel yn dy brief lit ien en oar ek net ta of soe it sa wêze kinne dat it Kolleezje linich omgean kin mei de foarkarregels yn dy brief of mei de datum yn de brief?
It plan fan Stiens falt binnen de betingsten fan de feroardering Romte, wêryn de foarkarsoarder sinne ferwurke is. Sjoch ek it antwurd by fraach 3.
5.
Mocht it sinnepark by Stiens, yn wat foar foarm dan ek, al realisearre wurde wat sille de gefolgen dan wêze sjoen al it boppesteande? Allinnich noch mar stroom yn de nacht? Twaspjalt by de ynwenners fan Stiens?
It foarstelde sinnepark sil in aparte oansluting krije op it middenspanningsnet fan Liander, mar net foardat it stroomnet yn Stiens swierder makke is. De leveringswissichheid fan de wenningen en bedriuwsgebouwen yn Stiens komt dêrmei net yn it geding, sawol oerdeis as nachts. Oer de stipe yn it doarp: sjoch it antwurd by fraach 6.
6.
Hoe tinkt it Kolleezje dat it partisipaasjetrajekt by in mooglik sinnepark by Stiens der út sjen sil omdat it sinnepark wol it hele doarp oangiet?
It partisipaasjetrajekt foar dit sinnepark is al opstart en rint al. It plan is al meardere kearen besprutsen mei it doarp, it doarp hat ynfier jaan kinnen en it is presintearre yn de jiergearkomste fan it pleatslik belang. Ek hat der in gearkomste west om mei te tinken oer it ûntwerp fan de sinnegreide en hoe’t de natuerlike wearden yn it plangebiet ferhege wurde kinne. Dit past binnen de sinnetafelmetoade fan de provinsje. Yn oanrin nei it yntsjinjen fan de oanfraach omjouwingsfergunning sille der ek noch ynrinmominten organisearre wurde yn it doarp.
Leeuwarden, 16 juli 2024, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> {{Signer1}} 02/09/2024 12:55:54 CEST ID: 818157b9-a7c6-4c69-8602-69c2c9f194a9 Auth: Scribble
Blad 3
secretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 02/09/2024 10:03:50 CEST {{Signer2}} ID: 818157b9-a7c6-4c69-8602-69c2c9f194a9 Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording raadsvragen FNP over netcongestie en zonnepark Stiens
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.