11 juli 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

onveilige verkeerssituatie Koarnjum

Een raadslid stelde op 11 juli 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Beide dykblokkades foarmje in drege situaasje foar grut ferkear. → FNP Ljouwert soe graach antwurd wolle op de boppesteande fragen en dat dizze ûndúdlike ferkearssituaasjes oanpast wurde sille om de feiligens foar de doarpsbewenners en ferkeersdielnimmers…

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Fragen ûnfeilige ferkearsituaasje Koarnjum Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oangeande de ferkearsfeiligens yn Koarnjum oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglement fan oarder fan de gemeente Ljouwert.

Acht kolleezje, achte rieds- en fraksjeleden, Yn april is de gemeente úteinset mei wurksumheden oan de Skeltedyk, Martenawei en De Wier yn Koarnjum. Dat wie nedich en de diken binne moai opknappe. Mar mei dizze wurksumheden ûntstean ek ûnfeilige ferkearssituaasjes.

In opsomming:

•

•

•

By binnenkomst yn it doarp oer de Skeltedyk krúset it ferkear op it plak wêr’t it âlde spoar sitten hat, in fytspaad (Spoardyk). Foar fytsers stiet der in foarrangsboerd en binne der ôfrimjende maatregels (2 stekken oan wearskanten) mar foar automobilisten binne der gjin ôfrimjende maatregels. Ek wit de automobilist nei alle tinzen net dat sy/hy foarrang hat op dit punt om’t dat net oanjûn stiet.

Automobilisten soene der dus fan útgean kinne dat fytsers fan rjochts hjir foarrang hawwe. Dat liket ús net handich;

Sa’n 50 meter fjirder it doarp yn (te hichte fan de Giele Anemoanstrjitte) is der in dykfersmelling pleatst. It is goed dat der ferkearsôfrimjinde maatregels kaam binne mar grut ferkear (bus, frachtwein, trekkers mei oanhinger) hat oan beide kanten fan de blokkade in soad meters nedich om de bochten te meitsjen. En ferkear dat fanôf de Bredyk komt moat, sjoen de blokkade, foarrang ferliene oan ferkear dat fan de Martenawei ôf komt. Mar ferkear fanôf de Martenawei moat wer foarrang ferliene oan ferkear dat fanôf de Giele Anemoanstrjitte komt. In ûnhandige situaasje. Ek binne der jit gjin boerden pleatst wêrtroch dizze ferkearssituaasje min te oersjen is;

Tusken de ôfslach nei de Martenawei/Boarnsylsterwei en De Wier/Aldlânsdyk siet foarhinne in sébrapaad op de dykfersmelling. De dykfersmelling is der wol wer mar it sébrapaad is ferdwûn wylst de boerden dêrfan der noch wol stean. Ek dizze dykfersmelling wurdt net oankundige troch boerden. Boppedat is de nije dykfersmelling grutter as de âlde. Troch dizze langere dykfersmelling kin grut ferkear de bocht nei De Wier/Aldlânsdyk mar kwalik meitsje.

Fragen:

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Beide dykblokkades foarmje in drege situaasje foar grut ferkear. Is it kolleezje fan tinken dat dit oars moat of falt dit ûnder in nij ûntmoedigingsbeleid?

Antwoord van het college

FNP Ljouwert soe graach antwurd wolle op de boppesteande fragen en dat dizze ûndúdlike ferkearssituaasjes oanpast wurde sille om de feiligens foar de doarpsbewenners en ferkeersdielnimmers te ferbetterjen.

Mei hertlike groetnis, Bauke Beert Keizer Fraksjelid FNP Ljouwert

Bekijk de brief: Schriftelijke vragen FNP inzake onveilige verkeerssituatie Koarnjum

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden