11 juli 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

onveilige verkeerssituaties Koarnjum

Een raadslid stelde op 11 juli 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje op de hichte fan de situaasje en dat dy op dit stuit ûndúdlik en dêrmei ûnfeilich is? → Antwoorden Ja.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Zaaknummer: 2023-126609 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 31 mei 2023. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over onveilige verkeerssituaties in Koarnjum.

Vragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje op de hichte fan de situaasje en dat dy op dit stuit ûndúdlik en dêrmei ûnfeilich is?

Antwoord van het college

Antwoorden Ja. De gemeente hat wurksumheden útfierd yn Koarnjum. Dat gie ûnder oare om grut ûnderhâld fan it asfalt en der binne maatregels om de faasje te remjen naam, lykas by de komgrinzen. De wurksumheden binne noch net klear. De betoneleminten dy 't soargje foar fersmellingen moatte noch komme en de belijning moat noch oanbrocht wurde. Wy hawwe dêrom op 1 juny by de Skeltedyk in tydlike weifersmelling makke om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. Dat hie tagelyk barre moatten mei it oprêden fan it materieel fan de oannimmer. Dat is yn de ôfstimming net goed gien.

2.

De wurksumheden by de entrees fan Koarnjum oan de Skeltedyk en Joussenwei binne noch net klear.

By de entree oan de Skeltedyk wurdt noch in definitive fersmelling oanbrocht. Dêrneist wurdt oan wjerskanten fan de fytsoerstek markearring op de Skeltedyk oanbrocht om de fytsoerstek te ferdúdlikjen. By de oansluting fan it fytspaad op de Skeltedyk wurde haaietosken oanbrocht en it boerd B06 (ferlien foarrang oan bestjoerders op de krusende dyk) pleatst. By de entree oan de Joussenwei wurdt de oanbrochte drompel noch foarsjoen fan in fersmelling. Dêrnjonken wurdt op de drompel noch de byhearrende belijning oanbrocht. De fersmellingen wurde 20 juny pleatst.

De markearring folget sa gau mooglik nei it oanlizzen fan de fersmellingen.

Wat wol it kolleezje dwaan om de feilichheid fan alle dykgebrukers te garandearjen op de krusing Spoardyk-Skeltedyk en kin it kolleezje hjirfan in tiidsyndikaasje jaan?

Blad 2

3.

Kin it kolleezje útlizze wêrom nije ferkearssituaasjes (lykas in dykfersmelling en in sebrapaad) net dúdlik oanjûn binne?

Yn de nije situaasje is der gjin fuotgongersoerstekplak (sebrapaad) mear. De buorden dy 't foarhinne it fuotgongersoerstekplak oanjoegen, binne yn tussentiid fuorthelle. By de lokaasje Martenawei - De Wier wurde noch de buorden pleatst dy 't de foarrang regelje. De krúspunten Skeltedyk – Giele Anemoanstrjitte en Martenawei – De Wier wurde noch foarsjoen fan markearring foar lieding fan it ferkear.

4.

Beide dykblokkades foarmje in drege situaasje foar grut ferkear. Is it kolleezje fan tinken dat dit oars moat of falt dit ûnder in nij ûntmoedigingsbeleid?

Nee. Der is foldwaande rekken hâlden mei de berikberens fan it lange ferkear (bus, frachtwein en trekker mei oplizzer ). Dat it ferkear in inkelde kear op inoar wachtsje moat kin en mei foarkomme yn in 30 km/ oere sône.

Leeuwarden, 11 juli 2023, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,

burgemeester.

Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 12/07/2023 22:12:28 CEST {{Signer1}} ID: 7e47ceb6-363c-4c92-8417-4c70c0057d06 Auth: Scribble

secretaris.

Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 12/07/2023 09:57:09 CEST {{Signer2}} ID: 7e47ceb6-363c-4c92-8417-4c70c0057d06 Auth: Scribble

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP over onveilige verkeerssituaties Koarnjum

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden