25 april 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

oorlogsmonument in Stiens

Een raadslid stelde op 25 april 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

Skriftlike fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Ljouwert oangeande it oarlochsmonumint yn Stiens sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert.

Achte kolleezjeleden, Respektfol plak foar oarlochsmonumint yn Stiens De fraksje fan de FNP Ljouwert fynt it plak wert no it oarlochsmonumint stiet oan de Langebuorren yn Stiens net mear kinnen, it tsjûget fan in lyts bytsje respekt is ús miening.

Yn de simmer by moai waar steane de fytsen der tsjinoan, de merk op tiisdei hawwe harren keapweinen der deun tsjinoan stean. De hûnen pisje der tsjinoan en no yn de winter hawwe se der de oaljekoekenkream njonken setten.

Litte wy wol foarop stelle dat wy as FNP benammen de ambulante handel ( de merkkeaplju) hjir net de skult fan jaan wolle. De gemeente Ljouwert hat fergunningen oan harren jûn foar dizze plakken en net sjoen nei it oarlochsmonumint.

As fraksje fan de FNP Ljouwert wolle wy it oarlochsmonumint in respektfol plak jaan en dat kin yn ús betinkst by de ST. Vitustsjerke yn Stiens op it betegele stikje ûnder oan de súdkant fan it tsjerkhôf, tjinoer it St. Vitushûs.

Krekt nei de 2e wrâldoarloch siet dizze selde betinkstien oan de west kant yn de toer fan de St.Vitustsjerke bemitsele.

Wy binne fan tinken dat dit plak goed wêze sil omdat ek de betinking op 4 maaie yn Stiens altyd yn de St. Vitustsjerke is. It kin mekoar fersterkje at it sawat op ien plak is.

De Fraksje fan de FNP Ljouwert hat nei oanlieding fan boppesteande inkele fragen oan it kolleezje. 1- Is it kolleezje it mei ús as FNP iens dat it hjoeddeistige plak net in goed plak is foar it oarlochsmonumint yn Stiens ?

2- Is it kolleezje ree om te sjen at it mooglik is it oarlochsmonumint by de St. Vitustsjerke te pleatsen sa as boppe omskreaun stiet sadat it in respektfol plak krije sil? 3- Soe dit alles yn de maaitiid fan 2023 kinne sadat de betinking op 4 maaie op it nije plak plakfine kin ?

Jan-Willem Tuininga Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

Bekijk de brief: Schriftelijke vragen FNP over oorlogsmonument in Stiens

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden