plan voor recreatiewoningen Grou Noord
Een raadslid stelde op 26 maart 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- Pleatslik Belang hat foar It doarp Grou, in doarpsfisy fêsteld, past sa’n grutskalich rekreaasje gebeid yn dizze fisy? → Antwoorden Der wurdt troch de ûntwikkelder mei in oantal fertsjinwurdichjende organen út Grou besjoen oft en hoe’t dizze plannen sa goed as mooglik by de plannen, fisy en winsken fan it…
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2023-255009 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 17 november 2023. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over het plan voor recreatiewoningen Grou Noord.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Pleatslik Belang hat foar It doarp Grou, in doarpsfisy fêsteld, past sa’n grutskalich rekreaasje gebeid yn dizze fisy?
Antwoord van het college
Antwoorden Der wurdt troch de ûntwikkelder mei in oantal fertsjinwurdichjende organen út Grou besjoen oft en hoe’t dizze plannen sa goed as mooglik by de plannen, fisy en winsken fan it doarp oanslúten kinne.
2.
Binne de plannen bekend by Pleatslik Belang Grou? Sa ja, wat is harren reaksje?
De plannen binne (ynmiddels) bekend by, en der binne petearen west mei, fertsjinwurdichjende organen út Grou, wêrûnder de Doarpskoöperaasje en Grou 2030. De reaksjes binne net oerwaagjend posityf. Dat komt ek mei trochdat Kontour in ‘praatplaat’ presintearre hat dy’t net oeral goed del kaam is, hjir en dêr is de praatplaat nammentlik sjoen as concreet plan. Kontour hat oanjoun graach mei alle partijen oer de plannen in petear te gean om safolle as mooglik input meinimme te kinnen.
3.
Kin dit gebied sa’n grut rekreaasjepark oan?
De toeristyske draachkracht en potinsje fan ûnder oaren dit gebiet wurd ûndersocht.
4.
Dir sil ûndersyk plakfine nei 100-150 rekreaasje wenten yn Grou, is it net winsklik om dizze grutskalige rekreaasje plannen earst mei de ynwenners fan Grou te dielen ear’t der ûndersyk dien wirde sil?
De ûntwikkelder hat mids desimber in gearkomste organisearre foar de omwenjenden. Hjir is de by fraach 2 neamde praatplaat presintearre. It doel fan de gearkomste wie it opheljen fan reaksjes fan de omjouwing. Fierder rinne der petearen mei û.o. de doarpskoöperaasje.
5.
Werom wei it nedich as gemeente in konvenant mei de ûntwikkerlder oan te gean?
Sokssoarte plannen lizze in bepaald beslach op it ambtlik apparaat, om hjir hannen en fuotten oan te jaan is it gebrûklik om sa’n konvenant te slúten.
Dit seit op himsels noch neat oer it wol of net troch gean fan de plannen.
6.
Wat is de reden dat de gemeente in fikse finansjele bijdrage leverje moat foar dit ûndersyk?
De gemeente levert gjin finansjele bydrage, it is krekt oarsom: de ûntwikkelder moat de gemeente in fergoeding foar ambtlike ynset betelje.
7.
It giet hjir om 50 hektare agraryske grûn yn it Leeachlân ten noarden fan Grou, is it kolleezje net mei de FNP fan miening dat de kostbere agraryske grûn yn ut Leechlân ten koste giet fan dizze plannen?
At jo dit plan as op himsels steande ûntwikkeling beskôgje kin dat yndie sa sjoen wurde, it giet om goed 50 hektare biologyske lânbougrûn. Yn dit gefal is it sa dat de (biologyske) boer op in oar plak fierder buorkje wol, dit is yn feite de oanlieding
Blad 2
west foar dizze plannen. Dizze agraryske grûn komt dêrmei frij foar mooglik in oar gebrûk. 8.
Wat is de fisy fan de Provinsje Fryslân oangeande dizze plannen?
De plannen binne presintearre oan de Provinsje, de earste reaksje wie neutraal mar it is op dit stuit noch net dúdlik wat formeel de fisy of hâlding fan de Provinsje oangeande dizze plannen is.
9.
Der lizze yn de Wergeasterfeart en omkriten in protte rekreaasje arken.
Hokker gefolgen binne der foar harren? De artkbewenners hawwe der ek grûn by harren arken en parkeergelegenheid. Wurde dizze bewenners ek meinommen yn it ûndersyk?
Dizze arkbewenners binne útnoege (en in grut tal is oanwêzich west) by de ynformaasje jûn heal desimber. De bewenners binne en wurde meinommen en sa’t it no liket kinne mei dizze plannen op ien nei alle arken lizzen bliuwe.
Leeuwarden, 26 maart 2024, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 27/03/2024 12:28:13 CET {{Signer1}} ID: 76793c43-d726-4fc5-90c6-9fbb89054724 Auth: Scribble
secretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 03/04/2024 13:14:07 CEST {{Signer2}} ID: 76793c43-d726-4fc5-90c6-9fbb89054724 Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.