plannen Defensie vliegbasis Leeuwarden
Een raadslid stelde op 26 maart 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (3 vragen).
In het kort
3 vragen en wat het college antwoordt
- Is it kolleezje op de hichte fan de befinings fan dhr. → Sa ja, kin it kolleezje fertelle om hoefolle en hokker huzen út ús gemeente it hjir giet?
- FNP Ljouwert fynt it bizar dat der yn in tiid fan wenteneed mooglik huzen (dy’t isolearre en yn faaks yn prima steat binne) sloopt wurde sille en dat bewenners nei… → Sa ja, kin/wol it kolleezje alles deroan dwaan om dit tsjin te hâlden?
- De ôfstân tusken de Jelsumer Tsjessingawei en de beëage lokaasje om asylsikers en flechtelingen op te fangen, is himelsbreed noch gjin kilometer. → FNP Ljouwert freget ha ôf hoe’t it mooglik is dat der huzen sloopt wurde moatte mar dat der 900 meter fjirderop wol in nij ûnderkommen foar asylsikers boud wurde kin.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Is it kolleezje op de hichte fan de befinings fan dhr. Veldman en dhr. Verf en fan it feit dat der mooglik huzen sloop wurde moatte?
Antwoord van het college
Sa ja, kin it kolleezje fertelle om hoefolle en hokker huzen út ús gemeente it hjir giet? Sa nee, is it kolleezje hjirfan net op de hichte brocht troch Definsje Ja, wy kinne de befinings fan de hearen Veldman en Verf. Wy kinne no net sizze oft en hoefolle wenten der mooglik sloopt wurde moatte. It kolleezje hat allinnich it Nationaal Programma Ruimte voor Defensie. Op grûn fan dat programma kin no noch net oanjûn wurde hokker gefolgen dat mooglik hawwe kin foar wenten yn de omjouwing fan de fleanbasis. Wy hawwe yn us sjenswize wol frege om dat dúdlik te meitsjen. Wy diele de soarch fan de bewenners.
Vraag 2
FNP Ljouwert fynt it bizar dat der yn in tiid fan wenteneed mooglik huzen (dy’t isolearre en yn faaks yn prima steat binne) sloopt wurde sille en dat bewenners nei jierren mooglik har fertroude plakje ferlitte moatte. Dielt it kolleezje dizze miening fan de FNP?
Antwoord van het college
Sa ja, kin/wol it kolleezje alles deroan dwaan om dit tsjin te hâlden? Sa nee, kin it kolleezje útlizze wêrom net? It kolleezje begrypt en dielt de soarch fan omwenners. Wy hawwe dat ek yn ús sjenswize set. It kolleezje begrypt lykwols ek de winsken van Definsje yn de hjoeddeistige tiid. As alle plannen van Definsje útfierd wurde, dan sil dat konsekwinsjes hawwe foar omwenners. Om’t details noch net dúdlik binne, kin it kolleezje net sizze hokker gefolgen it hawwe sil. Wy hawwe derom Definsje frege om dat dúdlik te meitsjen nei de bewenners.
Vraag 3
De ôfstân tusken de Jelsumer Tsjessingawei en de beëage lokaasje om asylsikers en flechtelingen op te fangen, is himelsbreed noch gjin kilometer. Kin it kolleezje útlizze hoe’t it mooglik slope fan 50 wenten him ferhâldt ta de plannen fan de ROL?
Antwoord van het college
FNP Ljouwert freget ha ôf hoe’t it mooglik is dat der huzen sloopt wurde moatte mar dat der 900 meter fjirderop wol in nij ûnderkommen foar asylsikers boud wurde kin. Kin it kolleezje dit útlizze? De opfanglokaasje foar asylsikers en flechtlingen leit op dit stuit bûten de 35 Ke sône. Dêr is wentebou tastien. Der is gjin ferbân tusken mooglike sloop fan wenten en de plannen foar de ROL. Blêd 2 Ljouwert, 26 maart 2024, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster, siktaris. *Dit dokumint is rjochtsjildich digitaal ûndertekene.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP over plannen Defensie vliegbasis Leeuwarden
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.