propositie F4
Een raadslid stelde op 14 mei 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- Wêrom is de wethâlder net yn oerlis gien nei oanlieding fan dizze brief? → Antwoorden Yn de regionale wenôfspraken tusken it Ryk, de provinsje Fryslân en de gemeenten (april 2023) is ôfpraat om in ferstedelikingsstrategy op te stellen.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2024-085315 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 12 april 2024. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over Propositie F4.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Wêrom is de wethâlder net yn oerlis gien nei oanlieding fan dizze brief?
Antwoord van het college
Antwoorden Yn de regionale wenôfspraken tusken it Ryk, de provinsje Fryslân en de gemeenten (april 2023) is ôfpraat om in ferstedelikingsstrategy op te stellen.
Yn de kontourennotysje fan it Ryk syn Nota Romte (6 oktober 2023) is gjin Frysk Stedlik Netwurk opnaam. De F4 hawwe fanôf oktober 2023 geregeld mei de oare Fryske gemeenten en de provinsje praat oer it feit dat dit in kâns is dy't ferlern giet, en dat it nedich is om de F4 wol as Frysk Stedlik Netwurk op te nimmen. It belang hjirfan wurdt breed stipe troch de Fryske gemeenten. Foar en nei de brief fan 20 maart 2024 fan GS oer de propositie fan it Frysk Stedlik Netwurk is der kontakt west mei de provinsje.
Op 23 april 2024 hawwe wy mei de provinsje ôfpraat om mei-inoar te lobbyjen yn Den Haach foar in plak yn de nota romte. En dit najier sille wy gesamlik in Frysk wenkongres organisearje, dat de start fan it nije Fryske Woonplan foarmje sil.
2.
Wêrom is der net in proposysje foar hiel Fryslan makke?
De proposysje foar alle romtelike opgaven foar hiel Fryslân is de romtelike aginda fan GS; dizze is einde 2023 troch GS fêststeld en oan BZK stjoerd.
De romtelike aginda somt noch te nimmen keuzes op en is yngong foar de Nota Romte. De proposysje fan de F4 is bedoeld as oanbod oan it Ryk om op te nimmen yn de Nota Romte en as oanbod oan GS om op te nimmen yn de POVI en as earste útfiering fan de ôfspraak út de regionale wenôfspraken. De proposysje fan de F4 beklammet dat alle Fryske stêden en doarpen nei aard en skaal krije moatte bliuwe; de propositie jout allinnich oan wat de aard en skaal fan de wenningbou-opjefte yn de F4 is.
3.
Hoe tinkt de wethâlder wer yn goed oerlis te kommen mei de oare 14 gemeenten yn Fryslân?
It oerlis mei de oare gemeenten is trochgeand goed west. De wethâlders fan de oare gemeenten binne in tal kearen ynformearre oer de needsaak en de rjochting fan de propositie F4. Dêrút blykte gjin bestjoerlik ûngemak. De foarsitter fan de kommisje Romte en Wenjen fan de Feriening fan Fryske gemeenten (VFG) wie ek oanwêzich by it bestjoerlik oerlis fan 23 april 2024.
Blad 2
4.
Is de wethâlder him bewust dat troch it solistyske optreden de wenningbou allinnich mar yn de fjouwer grutte kearnen plak fine sil en dat soks it plattelân, ek de doarpen yn de gemeente Ljouwert, net t’n goede komt?
Der is gjin sprake fan allinnich mar bouwen yn de fjouwer grutte kernen; hiel Fryslân hat in grutte bou-opjefte. De propositie ûnderstekket dit troch de bou-opjefte yn de F4 konkreet te meitsjen; de bou-opjefte yn de oare gemeenten is ûnder oaren yn de regionale wenôfspraken fêstlein. De propositie bringt dêrneist allinnich de autonome wenningbou-opjefte fan de F4 foar de perioade nei 2031 yn kaart. It giet om minimaal 15.000 wenningen. Dit is ynklusyf de bou-opjefte yn de doarpen fan de F4. De neamde 15.000 wenningen omfetsje net de wenningbou-opjefte fan de oare 14 gemeenten.
5.
Is de wethâlder him bewust dat it gemeentlike “Bouwen in de Dorpen” faai stiet omdat de eksploitaasje foar wenningbou, û.o. foar de jongerein, dreech rûn te krijen is en dat mei ekstra romte foar de doarpen dit gâns makliker wurdt?
It gemeentlik beliedskader wenjen yn de doarpen skept bouromte yn de doarpen dy’t ferhâldingsgewiis gelyk is oan de bouromte yn de stêd Ljouwert. De propositie feroaret dêr neat oan. De gemeente Ljouwert ynitsjearret en fasilitearret aktyf in soad wenningbouprojekten yn de doarpen.
6.
Is de wethâlder him wol bewust dat de kleau tusken de doarpen en de stêd troch syn solistysk optreden grutter wurdt (yn de stêd kin alles en de doarpen wurdt in woarst foarhâlden)?
Der is gjin sprake fan in kleau tusken stêd en doarp. Sûnder sterke stêden wurde de doarpen ek minder libber. En sûnder in fitaal plattelân kinne de stêden net florearje. Stêd en doarp binne twa siden fan deselde Fryske medalje: se hawwe elkoar nedich. De gemeente Ljouwert set him dêrom maksimaal yn om wenningbou yn de doarpen te fasilitearjen.
Leeuwarden, 14 mei 2024, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 17/05/2024 09:35:02 CEST {{Signer1}} ID: f42b32b9-adb8-4061-8b82-72964f4349fc Auth: Scribble
secretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 15/05/2024 11:25:28 CEST {{Signer2}} ID: f42b32b9-adb8-4061-8b82-72964f4349fc Auth: Scribble
Blad 3
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP over propositie F4
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.