4 maart 2025 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

schriftelijke vragen besluit straatnaam It Konvint

Een raadslid stelde op 4 maart 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • It kolleezje hat it advys oernommen fan de kommisje nammejouwing. → Buurtkomitee Barrahûster Belang liet skriftlik it folgjende witte: “ Us foarkar giet út nei It Konvint.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Signed By: de de Jong, Eelke 05/03/2025 10:18:34 CET ID: 56df8dc0-dfa0-4a40-b87e-67386015edb2 Auth: Scribble

Signed By: van Haersma Buma, Sybrand

Vragen en antwoorden

Vraag 1

It kolleezje hat it advys oernommen fan de kommisje nammejouwing. Yn de iepenbiere gearkomste fan dizze kommisje dêr't dat mooglik wie, wiene der gjin takomstige bewenners oanwêzich. Werom hat it kolleezje fan de gemeente Ljouwert beslúten dizze strjitnamme no op’e nij te brûken wyls sy wisten dat feline jier dit beswier oplevere?

Antwoord van het college

Buurtkomitee Barrahûster Belang liet skriftlik it folgjende witte: “ Us foarkar giet út nei It Konvint.

As twadde kar De Ûthof. Mochten jim wat oars kieze, dan wolle wy it leafst dat de namme "It Konvint" nearne oars brûkt wurdt. Neffens ús is dat it gebiet (faze II) de wichtichste terp, dêr't de oarsprong fan Barrahûs begûn. ” In alternatyf foar konvint is yn 'e kommisje oerwage: Uithof. Yn it Frysk: Úthôf.

Mar redenearjend yn deselde tinktrant as de takomstige bewenners, kin dêr in K foar.

Dan komst fan de rein yn de drip.

In soad oare farianten, dy't as toponym passe by dit plak, binne der net. It kolleezje is fan betinken dat de namme It Konvint prachtich keazen is en rjocht docht oan de skiednis fan Barrahûs.

De namme It Kleaster as alternatyf soe histoarysk sjoen net goed wêze, want der wie hjir gjin selsstannich kleaster ” De strjitnamme KONVINT komt ek foar op oare plakken yn Fryslân: Konvintsdyk yn Warkum, Konvintspaad yn Haskerdiken. Sa ûngebrûklik en laitsjend is de namme kenlik net.

Beliedtsramt foar nammejouwing: * Kies by foarkar foar in namme dy’t past by de omjouwing. Der is yn dit gebiet skiednis makke.

Der wie yn dit gebiet in ûnderôfdieling fan it memmekleaster yn Burgum. De namme fan dit memmekleaster wie it "Barraconvent".

Yn de histoaryske literatuer sjoche wy prof. dr.

J.A. Moll, “ Barrahûs en it Burgumer Kleaster ” yn:

Fryslân 9 (2003), aft. 3, pp. 6 -10. Hjir binne yn it

Blad 2

ferline wichtige útstellen / besluten nommen tusken de Greve fan Holland en de Friezen fan Oostergo.

Worp van Thabor neamt yn boek IV, bls. 2, dat der yn Barrahûs alle jierren de Lândei (in gearkomste) fan Oostergo holden waard dêr't rjochters keazen waarden. Dat wurdt befêstige troch in Ald-Fryske akte út 1480.

It is neffens de Topografyske Wurkgroep Fryslân just in deftich en gaadlike namme foar dit plak. It hat dêrmei in bysûnder moaie ûnderbouwing. * Kies foar in Fryske namme: op dy wize net foar Het Convent mar It Konvint. 2.

Werom hat der earst gjin oerlis west mei de takomstige bewenners fan dizze wyk wylst it kolleezje wist fan dit beswier?

2. Op it momint dat it advys naam is, wiene by de kommisje nammejouwing gjin takomstige bewenners bekend foar dizze strjitte. Nei de foarige beslútfoarming is It Konvint yn oerienkomst mei de takomstige bewenners fan dy strjitte net keazen en op yn de fergadering ferfongen troch De Kapel as strjitnamme.

Yn maart 2024 wie in fertsjintwurdiger fan de bewenners oanwêzich, dy't oanjoech dat der beswieren wiene tsjin It Konvint. Der binne doe troch de kommisje gjin tasizzings dien dat dizze namme net wer brûkt wurde soe, net oars as dat der neigien wurde soe oft der alternativen te betinken wêze soene.

Dy hawwe oan de oarder west yn de twadde ronde (“ Uithof ”), mar om de earder melde reden – en omdat It Konvint histoarysk sjoen it meast krekt is

- binne dy doe ôfwiisd.

Fanwegen boppesteande redenen ûnder nr. 1 is de kommisje nammejouwing en it kolleezje fan miening dat it dochs in prachtiche namme is dêr't op himsels neat mis mei is.

3.

Is it kolleezje ree om tafel te gean mei de beswiermakkers om te sjen foar in oare strjitnamme dy’t gjin beswier opleverje sil? Sa nee werom net?

Ljouwert, 4 maart 2025, boargemaster en wethâlders van Ljouwert,

3. Nee, want sjoen de boppesteande arguminten jouwe dy ús ynsjoch gjin oanlieding om it beslút fan'e strjitnamme op'e nij te besjen.

Blad 3

boargemaster.

sekretaris.

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen besluit straatnaam It Konvint

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden