schriftelijke vragen 'Blauwtje lopen Snekertrekweg' - FNP - Fries
Een raadslid stelde op 6 mei 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- FNP Ljouwert fynt dizze situaasje ûndúdlik en dêrom ûnfeilich. → Sa nee, wêrom net?
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2025-082751 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen lykas bedoeld yn artikel 42, earste lid, fan it Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, yntsjinne op 26 maart 2025. De fragen komme fan FNP en gean oer Blauwe markearring Snekertrekwei.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
FNP Ljouwert fynt dizze situaasje ûndúdlik en dêrom ûnfeilich. Ek op sosjale media wurdt fernuvere reagearre op de blauwe diken. Dielt it kolleezje de miening dat de blauwe strepen op de wize wêrop se no skildere binne in soad lykje op parkearfakken en dat de keazen kleur dêr oan bydraget?
Antwoord van het college
Sa nee, wêrom net?
Antwoorden It Europeeske projekt Active Cities is bedoeld om fuotgongers en fytsers mear positie te jaan yn it ferkear om dermei in actieve wize fan ferfier te stimulearjen.
Neist in tal fan oare projecten is der foar keazen om yn de tidelike situasje fan it Spoordok-gebiet op in relatyf ienfâldige wize romte te kreëarjen foar fuotgongers. Hoe't dit ûnderfûn wurdt, wurdt út it projekt wei wiidweidich yn'e gaten hâlden.
Op sosjale media is no suggerearre dat de markearring liket op parkearfakken. De tuskenromte tusken de blauwe streken is lykwols lytser as in parkearfak. Ek lizze de skeane streken mei opsetsin tsjin de ynridende rjochting yn, wêrtroch't se foar it ferkear net as parkearfakken brûkt wurde. Hoewol't de blauwe kleur yndied liket op markearringen yn in blauwe parkearsône, is it ferskil út de kontext dúdlik.
Wy hawwe it brûken no ek in pear dagen monitoarje kinnen. Yn de praktyk hawwe wy gjin auto's parkearre stean sjoen op de blauwe markearring of tusken dizze blauwe streken. De kommende tiid bliuwe wy de situaasje monitoarjen. As it nedich is sille wy oanfoljende maatregels treffe.
2.
Yn de nijsbrief wurdt neamd dat de blauwe strepen automobilisten attendearje moatte op plakken om oer te stekken. De Snekertrekwei rint lâns it wetter. Kin it kolleezje útlizze wêr de oerstekplakken hinne liede?
Op it stik fan de Snekertrekwei tusken de Heliconwei en de rotonde mei de Marshallwei is op beide úteinen blauwe markearring oer de hiele rydbaan oanbrocht. Op dizze plakken stekke fuotgongers oer. Oan de útein by de Heliconwei is de oerstek bedoeld foar fuotgongers fan de Snekertrekwei (fuotgongers rinne oan de súdkant fan de strjitte) yn de rjochting fan de Tesselschadestrjitte / WTC en v.v. Oan de útein by de rotonde Marshallwei sjogge wy in soad fuotgongers de foarkar jaan oan it passearjen fan de rotonde oan de noardkant, om dêrnei fia it eastlike sebrapaad de rotonde te krusen. Sjoch taheakke 1.
Blad 2
3.
4.
Yn it midden fan de Snekertrekwei leit in rotonde (mei in ôfslach nei de Marshallwei). Oan de iene kant fan de rotonde is der in fytspaad (yn twa rjochtingen) en op it oare part fan de Snekertrekwei moatte fytsers de dyk diele mei autoferkear (rjochting de Helicomwei). Ek is der in brede stoepe foar fuotgongers.
Tsjin de stoepe oan binne no de blauwe markearrings oanbracht. Is it de bedoeling dat fytsers en fuotgongers dêr gebrûk fan meitsje?
En sa ja, wurdt it stik dyk mei de blauwe markearrings foar fytsers in twarjochtingsdyk? Sa ja, hokfoar maatregels sil it kolleezje nimme om dizze yngripende ferkearswiziging foar alle dykgebrûkers dúdlik te meitsjen?
Op de Snekertrekwei tusken de Heliconwei en rotonde Marshallweg is gjin sprake fan in trochrinnend trottoir. Op guon dielen leit oan de súdkant fan de strjitte in trottoir, op oare parten giet dit oer yn in foarsjennings - of parkearstrook.
Mei de blauwe markearring is no in breed trochrinnende stripe oanbrocht dêr't fuotgongers gebrûk fan meitsje meie. De markearring is bedoeld om in ynformele fuotgongersromte te kreëarjen, dy't op in tal plakken ek foarsjoen is fan wite fuotstappen.
Meie auto’s ek op de blauwe markearringsride? Sa nee, bliuwt de Snekertrekwei wol tagonklik foar auto’s? Der passe dan gjin 2 auto’s njonken mekoar op it stik dyk dat oer bliuwt.
Ja, autoferkear mei oer de blauwe markearring ride. By it yn - en útparkearjen is dizze blauwe stripe ek nedich foar it autoferkear. Underfining by sokke stroken is dat automobilisten minder gebrûk meitsje fan dit markearre part fan de rydbaan, omdat se fiele dat se hjir net it primaat hawwe.
Ljouwert, 6 mei 2025, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: de de Jong, Eelke 07/05/2025 10:16:10 CEST {{Signer1}} ID: f6c5fa2e-abd0-4ba3-99e2-d50a6f5e722b Auth: Scribble
secretaris.
Signed By: van Haersma Buma, Sybrand 09/05/2025 13:16:33 CEST {{Signer2}} ID: f6c5fa2e-abd0-4ba3-99e2-d50a6f5e722b Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
De markearring attindearret weibrûkers op it feit dat, sûnt de komst fan de tydlike wenten, it karakter fan it gebiet en de dyk feroare is. Der is sprake fan mear fuotgongers, fytsers en ek jonge bern. Krekt de blauwe markearring jout dizze doelgroep mear komfort op 'e Snekertrekwei en attindearret oare weibrûkers op it feit dat dizze swakkere ferkearsdielnimmer faker oanwêzich is.
Taheakke 1: Rinrûten Snekertrekwei
Rinrûte mei oerstekken fan Snekertrekwei
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen 'Blauwtje lopen Snekertrekweg' - FNP - Fries
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.