28 november 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

schriftelijke vragen FNP begeanberens stoepen

Een raadslid stelde op 28 november 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat in grut part fan de stoepen en paden yn ús gemeente min begeanber en ûnfeilich binne? → Sa nee, kin it kolleezje útlizze wêrom net?

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Saaknûmer: 2023-238476 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen lykas bedoeld yn kêst 42, earste lid, fan it Reglement van Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan'e gemeente Ljouwert, yntsjinne op 26 oktober 2023. De fragen komme fan de FNP en gean oer begeanberens en ûnderhâld stoepen en paden.

Fragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat in grut part fan de stoepen en paden yn ús gemeente min begeanber en ûnfeilich binne?

Antwoord van het college

Sa nee, kin it kolleezje útlizze wêrom net? Sa ja, wat tinkt it kolleezje hjir oan te dwaan en op hokfoar termyn?

Antwurden Nee, de ferhurdingen wurde op “gemiddeld basisnivo“ (= CROW normering) ûnderholden konform it troch de ried fêststelde belied. Mei it útfieren fan de 2-jierlikse dykynspeksjes, yn kombinaasje mei it dykbehearsysteem, ha wy goed yn byld wêr ûnderhâld plege wurde moat. De lokaasjes dêr 't resint ûnderhâld útfierd is, lizze dêrnei op heech nivo. Der binne lykwols dêrmei ek (parten fan) dykfakken wêrfan 't de kwaliteit minder is. As de feilichheid yn it geding is wurdt altyd sa gau mooglik ûnderhâld útfierd. Op dit stuit is der foar likernôch € 8 mln. oan wurk yn útfiering of yn tarieding wêrby 't de klam leit op de fuot - en fytspaden. Dit makket diel út fan de yn de begrutting van 2023 ekstra beskikber stelde middels foar dit doel.

2.

Kin it kolleezje oanjaan wêr’t ynwenners telâne kinne mei harren fragen en klachten oer de begeanberheid en feiligens fan stoepen, paden en diken en op hokfoar wize (oars as 14-058 want dêr hawwe in soad minsken mei wa’t wy sprutsen hawwe gjin goeie ûnderfinings mei om’t dit nûmer net of min te berikken is) en op hokker termyn der reagearre en aktearre wurdt op dizze fragen en klachten?

Njonken it telefoanysk trochjaan oan 14058 is it ek mooglik meldingen troch te jaan fia de webside, email, brief, Whatsapp, chat en social media kanalen.

De meldingen (oer lytse parten fan dykfakken) wurde gewoanwei uterlik binnen 20 wurkdagen oplost. By urginte en gefaarlike situaasjes wurdt dat binnen 1 oant 5 dagen dien.

Grutskaliger ûnderhâld wurdt mearjierrich pland op basis fan de neamde ynspeksjes.

3. Kin it oanjaan hokfoar konkrete stappen der nommen binnen nei oanlieding fan de kolleezjefragen dy’t de FNP Ljouwert steld hat oer de grûnwurksemheden nei de oanlis fan glêsfezel op ferskate plakken yn ús gemeente? Wy hawwe wol antwurden krigen op ús fragen mar der binne gjin ferbetterings neffens ús ynwenners. Kin it kolleezje útlizze wat dêr de reden fan is en wannear’t der wol aksje ûndernommen wurdt?

Yn de antwurden op de eardere fragen is oanjûn dat der troch ús in saneamde graafrustperioade ynsteld is om foar te kommen dat meardere oanbieders flak nei-inoar wurkje. Dit hat der ûnder oare ta laat dat Delta de kar makke hat om gjin netwurk oan te lizzen yn de doarpen dêr 't Glaspoort earst yn de grûn leit.

It geregeld net neikommen fan ferskate ôfspraken troch de oannimmer fan Glaspoort hat derfoar soarge dat wy de wurksumheden tsjin de ein fan de simmer stillizze litten hawwe.

Pas wannear 't de (waar-)omstannichheden ferbetterje sil nei ferwachting yn it foarjier fan 2024 it wurk wer oppakt wurde. Dêrby hawwe wy

Blad 2

de útfieringsôfspraken oanskerpe oangeande de kwaliteit fan it ferhurdzjen en oanfoljende kommunikaasje nei de bewenners.

4. De FNP Ljouwert heart fan ferskate ynwenners dat sy fine dat in soad ferkearssituaasjes yn ús gemeente ûnfoldwaande beljocht en dêrmei ûnfeilich binne. Dielt it kolleezje dizze miening? Sa nee, kin it kolleezje útlizze wêrom net? Sa ja, wat wol it kolleezje hjiroan dwaan en op hokfoar termyn?

Leeuwarden, 28 november 2023, gner2}} boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster, Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 29/11/2023 10:49:32 CET {{Signer1}} ID: c1cafc96-d141-485e-b543-0dce1670d65f Auth: Scribble

siktaris.

Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 04/12/2023 12:33:52 CET {{Signer2}} ID: c1cafc96-d141-485e-b543-0dce1670d65f Auth: Scribble

*Dit dokumint is rjochtsjildich digitaal ûndertekene.

Nee, yn 'e gemeente binne ferskate wegen, fyts- en fuotpaden bewust net ferljochte neffens it troch de ried fêststelde belied. Dit giet bygelyks om rûtes yn it bûtengebiet en ferskate rekreative paden lykas yn parken. Yn it bûtengebiet wurde inkeld de punten, dy 't dat út ferkearsfeiligens of fanwege de oriïntaasje nedich hawwe, ferljochte.

Duorsumens, natuer, kwaliteit fan it tsjuster en de kosten om al dizze diken en paden te ferljochtsjen wage swierder as it mar beheinde effekt fan ferljochting op de ferkears- en sosjale feiligens op dizze lokaasjes.

Binnen de beboude kom binne der in pear lokaasjes dêr 't wurke wurdt oan ferbettering lykas de rotonde by it Hoeksterend. Dy oanpassing sil yn de earste helte fan 2024 útfierd wurde.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP begeanberens stoepen

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden