schriftelijke vragen FNP - Veiligheid Stationsweg
Een raadslid stelde op 9 september 2025 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- Hoefolle ûngemakken hawwe dit jier oan de Stationsweg plakfûn? → Antwoorden Op de hiele Stationsweg, tusken de oansluting fan it busstasjon en it Zuiderplein, binne yn 2025 neffens de offisjele ûngemakkenstatistiken 5 ûngemakken bard.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2025-149009 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 02 juni 2025. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over ûndersyk fyts en fuotgongers tunnel Stationsweg Ljouwert en feiligens op dit stuit.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Hoefolle ûngemakken hawwe dit jier oan de Stationsweg plakfûn?
Antwoord van het college
Antwoorden Op de hiele Stationsweg, tusken de oansluting fan it busstasjon en it Zuiderplein, binne yn 2025 neffens de offisjele ûngemakkenstatistiken 5 ûngemakken bard. Twa dêrfan fûnen plak by of tichteby de fytsoerstek. It lêste ûngemak fan 31 maaie is noch net opnommen yn de offisjele statistiken.
2.
Hoefolle ûngemakken binne der de ôfrûne 10 jier west oan de Stationsweg?
Op de hiele Stasjonswei, tusken de oansluting fan it busstasjon en it Zuiderplein, binne fan 2016 o/m 2025 neffens de offisjele ûngemakkenstatistiken 79 ûngemakken bard. 38 dêrfan fûnen plak by of tichteby de fytsoerstek.
3.
Is it kolleezje it mei ús iens dat de ferkearsynrjochting gjin reklame is as stêd dy sich profilearje wol as fyts haadstêd?
De ynrjochting fan'e Stationsweg funksjonearret op weifaknivo foar fytsers en fuotgongers prima. De oersteksituaasje foar it stasjon leveret lykwols noch te hege ûngelokssifers op.
4.
Kin it kolleezje krekt as ús as FNP konkludearje dat alle ferkearsmaatregels oant no ta net effektyf west binne.
Ja, spitigernôch moatte wy konstatearje dat de lêste oanpassing fan de fytsoerstek op'e hichte fan it stasjon út desimber 2022 der noch net foar soarge hat dat it tal ûngemakken dúdlik sakke is.
5.
Foar ús as FNP is elts ûngemak ien te folle en wolle no in adequate oplossing, wat is foar it kolleezje de maatstaf om tot aksje oer te gean?
Yn it Beleidskader Mobiliteit is in yntegrale oplossing opnommen foar it hiele Stasjonsgebiet en it Zuiderplein: it ôfsluten fan de Stationsweg foar trochgeand motorisearre ferkear.
Oant dizze maatregel ymplementearre is, sil it stasjonsgebiet in drok gebiet bliuwe mei in protte fuotgongers, fytsers en motorisearre ferkear.
Grutskalige ferbetteringen binne op dit stuit net oan de oarder. Wol ûndersyskje wy yn ’e hjerst de mooglikheid om lytsskalige ferbetteringen te dwaan.
6.
Is it kolleezje ree om sa gauw as mooglik tydlike feiligheids maatregels te nimmen yn de foarm fan ferkearsregelaars as stopljochten oan de Stationswei sa lang der gjin oare oplossingen binne?
Wy stelle foar om it yn fraach 5 oanjûn ûndersyk ôf te wachtsjen. Op basis fan de ûndersiken bepale wy hokker lytsskalige maatregels op koarte termyn helber en needsakelik binne.
Blad 2
Leeuwarden, 9 september, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: de de Jong, Eelke 10/09/2025 10:08:37 CEST {{Signer1}} ID: 3f93497c-83eb-42a5-8677-e2be937b371a Auth: Scribble
secretaris.
Signed By: van Haersma Buma, Sybrand 10/09/2025 16:54:19 CEST {{Signer2}} ID: 3f93497c-83eb-42a5-8677-e2be937b371a Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP - Veiligheid Stationsweg
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.