13 september 2022 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

sluitingstijd La Venezia

Een raadslid stelde op 13 september 2022 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

Skriftelike fragen fan de FNP Fraksje Ljouwert oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders sa as bedoeld yn artikel 41, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert. 8 july 2022 Underwerp: slutingstiid La Venezia Achte lêzer, Nei oanlieding fan it ûndersteand berjocht op de webside Welkom In Leeuwarden hawwe wy as FNP Ljouwert in oantal fragen oan it kolleezje oer de gong fan saken (link nei it folsleine artikel stiet ûnder de ôfbielding). https://www.welkominleeuwarden.nl/zin-inzon-lekker-ijsje-van-la-venezia-kom-dan-optijd-want-de-locatie-moet-dagelijks-om-2200-uur-sluiten-van-de-

gemeente/?fbclid=IwAR0YKoBTwzIKNNcICpcPZBbFqhWoVNMeCw7bXtFZleJLhEf Ghy_9LoS4N8 Earst in oantal saken op in rychje: op 5 july waard it boppesteande artikel publisearre. Under oaren op sosjale media wie der ferûntwaardiging grut mar ek by de iissalon sels wie hja net bliid. Sa docht wol bliken út de toan fan it bryfke dat op de doar plakt is (sjoch ôfbielding) mar ek yn it petear dat ûnderskreaune mei ien fan de meiwurkers fan de saak hie waard dit befêstige. Sy ervare dit sels as 'ûndernimmertsje peste'.

Wat fergunnings oanbelanget falt La Venezia skynber ûnder 'Daghoreca', wat betsjut dat sy (yn dat diel fan de stêd) bûn binne oan iepeningstiden fan 8:00o. oant 22:00o.

No kinne Friezen der wolris wat nuvere gewoantes op nei hâlde mar wy leauwe net dat in iisko by it moarnsiten in Ljouwerter gewoante is of ea wêze sil, sels net as it sa'n ambachtlik lekkernij dat noch hieltyd nei in âld Italiaansk resept makke wurdt oanbelanget. No is it sa dat de saak earder oant 23:00o. iepen wie yn de simmermoannen. En dat der ek jûns let in soad minsken binne dy't (bygelyks nei in teaterfoarstelling of in bioskoopfilm) spesjaal nei De Nieuweburen ta kuierje om in kâlde fersnapering te heljen by dizze ikoanyske iissalon.

Wy wolle dizze saak graach ûnder de oandacht bringe by it kolleezje om't de frustraasje by dizze ûndernimmers en har klanten oprint. De FNP Ljouwert is fan tinken dat wy as gemeente goeie ûndernimmers koesterje moatte, ynstee fan dwers sitte. Ien fan de punten dy't dêryn in rol spylje is de frijheid om sels de iepenings- en slutingstiden te bepalen.

Konkreet hawwe yn de folgjende fragen formulearre:

- Snackbars, coffeeshops en saken mei in alkoholfergunning meie wol langer iepen en oant in moanne lyn mocht La Venezia dat ek. Mar no't de simmer (de pykmoannen fan dizze saak) der oan komt, wurdt sawol de ûndernimmer as de boarger beheind troch dizze gong fan saken. Hokfoar mooglikheden binne der yn it kader fan útsonderingen om de salon yn 'e simmermoannen dochs langer iepen te litten?

- De eigenaren én de klanten fan La Venezia fine dat de iissalon hjir beheind en beneidield wurdt en it falt swier dat de gemeente soks samar oplizze kin.

Erkent it kolleezje dit gefoel en stiet it kolleezje iepen foar in petear mei dizze en oare ûndernimmers yn in soartgelike situaasje om harren winsken te hearren en in útkomst te bieden dy't foar eltsenien goed fielt?

Mei freonlike groetnis, Bauke Beert Keizer Riedslid FNP Ljouwert

Bekijk de brief: Schriftelijke vragen FNP over sluitingstijd La Venezia

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden