12 juli 2022 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

snoeien in broedseizoen

Een raadslid stelde op 12 juli 2022 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Om hokker reden wurde dizze beammen snoeid yn it briedseizoen? → Antwoorden De gemeente beheart goed 62.000 beammen (bosken net meiteld) dêr 't likernôch 75% gemiddeld 1 kear yn de 3 jier snoei nedich hat om de feilichheid en kwaliteit op nivo te hâlden.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Zaaknummer: 2022-147239 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 17 juni 2022. De vragen zijn afkomstig van De FNP Ljouwert en gaan over het snoeien van bomen in het broedseizoen.

Vragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Om hokker reden wurde dizze beammen snoeid yn it briedseizoen?

Antwoord van het college

Antwoorden De gemeente beheart goed 62.000 beammen (bosken net meiteld) dêr 't likernôch 75% gemiddeld 1 kear yn de 3 jier snoei nedich hat om de feilichheid en kwaliteit op nivo te hâlden. Om oan dy opjefte foldwaan te kinnen is it nedich om it hiele jier troch te snoeien. Per beamsoart wurdt rekken hâlden mei de meast gaadlike snoeiperioade.

A. Is snoeie tusken novimber en maart gjin bettere tiid?

Foar in soad beamsoarten is it better om yn it groeiseizoen te snoeien. Krekt troch de groeiaktiviteit yn 'e beammen kinne se de snoeiwûnen flugger ôfslute. Der binne ek soarten dy 't better yn de winterperioade snoeid wurde kinne. Yn de planning wurdt dêr rekken mei hâlden.

B. Wie de ferkearsfeiligheid yn it geding troch de leechhingjende tûken en blêden?

Ferkearsfeiligens kin in oanlieding wêze. In soad fan de snoei-yngrepen dy 't de gemeente docht hawwe te krijen mei de feiligens, it ûnderhâld en it frijmeitsjen fan de wetlik ferplichte trochrydhichte.

Wêrom wurde dizze beammen snoeid yn it briedseizoen?

Sjoch antwurd fraach 1A.

A. Wat wurdt der oan dien om nêsten, aaien en piken net te skeinen?

Foarôfgeand oan de snoei wurdt dêrop in tsjek dien. As der nêsten of beskerme soarten yn de beammen sitte wurde dy (en eventueel omlizzende) beammen oerslein. De wurksumheden wurde dan op in oar momint oppakt.

Is der in mearjierreplan oangeande snoei- of kapwurksumheden?

Ja, der wurdt wurke neffens in 3-jierrige behearsyklus fan ynspeksje en snoeiwurksumheden.

A. Sa ja, stiet dêr dan net yn dat we dit op oar in momint yn it jier dogge?

De planning foar it snoeien folget út de ynspeksjes en is ôfstimd op de beamsoarten. Foar kap jildt dat dat safolle mooglik yn de betide maitiid (foar 15 maart) of yn it neijier (oktober oant en mei desimber) útfierd wurdt.

2.

3.

Blad 2

B. Sa nee, is it dêr dan net ris tiid foar?

-

4.

Past it snoeien fan beammen yn blêd yn it briedseizoen by it oars sa foarútstrjibjende grienbelied fan gemeente Ljouwert?

Ja, lykas oanjûn yn de antwurden by fraach 1, 2 A en 5 past it dêr prima by.

5.

Is it snoeien fan beammen yn it briedseizoen wetlik tastien?

Ja, dat is tastien. Ut de Wet natuurbescherming, de Algemene Plaatselijke Verordening (APV) en de gemeentlike beliedsregels is der gjin beswier om yn it briedseizoen te snoeien. Dêrby wurdt der wurke neffens de Gedragscode Bestendig Beheer fan de WNB en de fêststelde Leidraad bestendig beheer en onderhoud.

Leeuwarden, 12 juli 2022,

burgemeester en wethouders van Leeuwarden,

burgemeester.

Signed By: de de Haan, Hein <[email protected]> {{Signer1}} 13/07/2022 20:01:43 CEST ID: 890d9464-9979-4fcd-82f4-c81a7fba13c8 Auth: Scribble

secretaris.

Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> {{Signer2}} 13/07/2022 10:19:00 CEST ID: 890d9464-9979-4fcd-82f4-c81a7fba13c8 Auth: Scribble

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake snoeien in broedseizoen

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden