27 februari 2024 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

tarieven zwemwater

Een raadslid stelde op 27 februari 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

De Fraksje fan de FNP skrikt fan priisstiging 87% swimbad it Gryn Stiens Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oer de priisstiging fan de swimbaden fan BV Sport yn de gemeente Ljouwert oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglement fan oarder fan de gemeente Ljouwert.

Acht kolleezje, Meardere minsken hawwe ús as FNP benadere mei it ferhaal dat by BV Sport beheerder fan u.o. swimbad it Gryn yn Stiens súnt jannewaris 2024 de jier abonneminten foar swimbad it Gryn yn Stiens ferfalle litten hawwe en omsetten hawwe yn moanne abonneminten.

Yn 2023 wie de priis foar in jier abonnemint yn swimbad it Gryn yn Stiens €208,No yn jannewaris 2024 kostet in moanne abonnemint €30,- per jier dus 12x€30,- = €360,- dit is yn 1 jier in priisstiging fan €152,- !

Mei oare wurden hiene jo yn 2023 in abonnement dan koene jo swimme foar 4 euro yn de wike (€208:52 wiken=€4,-) Foar 2024 jout BV Sport yn in mail oan dat men foar €7.50 yn de wyke swimme kin. Dit is yn 1 jier in ferheging fan 87%.

De fraksje fan de FNP Ljouwert hat oer it boppesteande de folgjende fragen oan it kolleezje. 1- Kin it kolleezje oanjaan oer hoefolle abonneminten it giet yn swimbad it Grien yn Stiens? 2- Werom is it jier abonnemint yn it Gryn yn 2024 ôfskaft en omsetten yn moanne abonneminten? 3- Werom is it bedrach fan it jier abonnemint fan 2023 net gewoan troch 12 moanne dielt en hantearre as moanne taryf foar 2024? 4- Is it kolleezje it mei de FNP iens dat in priisstiging fan 87% yn 1 jier gewoan absurd is? 5- Yn it koalysje akkoard “vergroenen,verbinden, verwaarden” stiet “daarbij zien we sport en bewegen als belangrijk middel om gezondheidsachterstanden in te lopen” fraach: Hoe ferhâld de 87% priisferheging sich tot dizze tekst? 6- Is it kolleezje fan miening dat mei sokke priisferhegings de swimsport foar alle doelgroepen net tagonklik is of bliuwt?

7- Kin it kolleezje útlizze werom überhaupt san priisstiging foar in moannetaryf nedig is? 8- Yn it koalysjeakkoard stiet op side 19 dat yn it nije sportbelied een nije visie op de swimbaden komme sil. Der sil struktureel mear jild frij makke wurde foar BV Sport wurd skreaun. Fraach: wurdt dizze strukturele ekstra bydrage foar BV Sport no troch it kolleezje fuort by ús sporters wei helle troch de tariven extravagant te ferheegjen?

(as fraksje ferwachtsje wy gjin nee/ja antwurden mar antwurden mei in goeie ûnderbouwing)

Groetnis, Jan-Willem Tuininga Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

Bekijk de brief: Schriftelijke vragen FNP inzake tarieven zwemwater

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden