7 november 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

verkeerssituatie Koarnjum

Een raadslid stelde op 7 november 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Op it oerstekplak foar fytsers (krusing Spoardyk/Skeltedyk) is no allinnich in dykfersmelling. → FNP Ljouwert soe graach antwurd wolle op de boppesteande fragen en dat dizze ferkearssituaasjes better oanjûn wurde sille om de feiligens foar de doarpsbewenners en oare ferkeersdielnimmers…

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Fragen n.o.f. ûngemak by nije ferkearssituaaasje Koarnjum Septimber 2023

Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oangeande ‘de nije ferkearsituaasje yn Koarnjum en in ûngemak op Skeltedyk’ oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglement fan oarder fan de gemeente Ljouwert.

Acht kolleezje, achte rieds- en fraksjeleden, Yn april hawwe der wurksumheden plakfûn oan in oantal diken yn Koarnjum. Op 30 maaie hat de FNP Ljouwert har soarch útsprutsen oer de ûndúdlike ferkearssituaasjes dy’t dêrby ûnstien binne.

Foar in part fan dy ûndúdlike en dêrom gefaarlike situaasjes is no in oplossing realisearre mar dat de nije situaasje op dit stuit noch hyltiid net feilich is, die bliken doe’t der ôfrûne simmer in slim ûngemak barde mei in fytser. In ynwenner fan Britsum seach de fersmelling net en is mei syn holle op de strjitte fallen. Hy is mei haadletsel mei de ambulânse meigongen. En dat by in nije ferkearssituaasje (by de dykfersmelling te hichte fan de Giele Anemoanstrjitte). Dêrneist krijt de FNP Ljouwert fragen fan Koarnjumers oer de nije ferkearssituaasje. Al it ferkear dat fan de Bredyk ôf it doarp ynriden komt wurdt troch dizze en de 2 oare dykfersmellings/blokkades leafst trije kear nei de oare dykhelte twongen op in stik dyk fan noch gjin 250 meter. De dykfersmelling by de krusing Skeltedyk / Giele Anemoanstrjitte is nachts en mar ek oerdeis yn it skaad fan de beammen min te sjen is, foar sawol automobilisten as fytsers. Dit wie ek de oarsaak fan it earderneamde ûngemak.

Fragen:

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Op it oerstekplak foar fytsers (krusing Spoardyk/Skeltedyk) is no allinnich in dykfersmelling. Dêrneist binne der gjin ferkearsremjende maatregels foar automobilisten. Oan de oare kant fan Koarnjum wurdt it ferkear dat oer Joussenwei fanút Britsum it doarp ynrydt ôfremme troch in dykfersmelling én in ferkearsdrompel. Kin it kolleezje útlizze wêrom der op de krusing Spoardyk/Skeltedyk net sa’n soartgelike ferkearsremmende maatregel nommen is?

Antwoord van het college

FNP Ljouwert soe graach antwurd wolle op de boppesteande fragen en dat dizze ferkearssituaasjes better oanjûn wurde sille om de feiligens foar de doarpsbewenners en oare ferkeersdielnimmers te ferbetterjen.

Mei hertlike groetnis, Bauke Beert Keizer Fraksjelid FNP Ljouwert

Bekijk de brief: Schriftelijke vragen FNP inzake verkeerssituatie Koarnjum

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden