verkeerssituatie Koarnjum
Een raadslid stelde op 7 november 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).
In het kort
1 vragen en wat het college antwoordt
- Is it kolleezje op de hichte fan de situaasje en dat de dykfersmelling te hichte fan de Giele Anemoanstrjitte net goed sichtber is? → Antwoorden Ja, wy binne op 'e hichte dat de ferkearssituaasje oanpast is.
Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.
Aanleiding
Zaaknummer: 2023-212760 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 22 september 2023. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over de nieuwe verkeerssituatie in Koarnjum en het ongeval op de Skeltedyk.
Vragen
Vragen en antwoorden
Vraag 1
Is it kolleezje op de hichte fan de situaasje en dat de dykfersmelling te hichte fan de Giele Anemoanstrjitte net goed sichtber is?
Antwoord van het college
Antwoorden Ja, wy binne op 'e hichte dat de ferkearssituaasje oanpast is. Dat de sichtberens net goed wêze soe, wie ús net bekend. Wy binne dêrom op it plak fan it ûngelok west te sjen. Us befiningen steane by fraach 2.
2.
Is it kolleezje fan tinken dat de dykfersmellings better oanjûn wurde moatte en sa ja, kin it kolleezje oanjaan yn hokfoar tiidsbestek dit barre sil?
Ja. Troch fallend blêd is de betonbân dy 't de fersmelling begelied net altyd goed sichtber. Oan wjerskanten fan de fersmelling is op de ljochtmêst wol in blau en wyt skyld oanbrocht. Om de sichtberens te ferbetterjen hawwe wy op 17 oktober ll. in oantal blau wite skylden bypleatst.
3.
Op it oerstekplak foar fytsers (krusing Spoardyk/Skeltedyk) is no allinnich in dykfersmelling. Dêrneist binne der gjin ferkearsremjende maatregels foar automobilisten. Oan de oare kant fan Koarnjum wurdt it ferkear dat oer Joussenwei fanút Britsum it doarp ynrydt ôfremme troch in dykfersmelling én in ferkearsdrompel. Kin it kolleezje útlizze wêrom der op de krusing Spoardyk/Skeltedyk net sa’n soartgelike ferkearsremmende maatregel nommen is?
Tapassen fan in ferkearsdrompel of plato by bebouwing jout altyd in risiko op lûds - en trillingsoerlêst. Faak feroarsake troch swier ferkear dat oer de drompel rydt. Wy binne op dizze risiko's wiisd troch de direkt oanwenjende dy 't yn it ferline hinder ûnderfûn by de spoarweioergong, nettsjinsteande ekstra isolaasje dy’t yn de wenten tapast is. We kinne by de oanlis fan in drompel op dizze lokaasje net garandearje dat in bewenner of bewenners gjin hinder ûnderfynt. Dêrom is der foar keazen om by de komgrins Skeltedyk te kiezen foar in ‘topboog’ mei in fersmelling yn stee fan in drompelplato.
Leeuwarden, 7 november 2023, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: Buma, Sybrand <[email protected]> 09/11/2023 10:46:32 CET {{Signer1}} ID: 8cf23262-6eb6-4137-a97b-7fe943010901 Auth: Scribble
Blad 2
secretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke <[email protected]> 08/11/2023 13:54:24 CET {{Signer2}} ID: 8cf23262-6eb6-4137-a97b-7fe943010901 Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake verkeerssituatie Koarnjum
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.