13 februari 2024 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

Verkeersveiligheid Harlingerstraatweg N353

Een raadslid stelde op 13 februari 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden (1 vragen).

In het kort

1 vragen en wat het college antwoordt

  • Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat de dykmarkearring op dit plak folslein ûntbrekt? → Antwurden Wy binne der fan op ‘e hichte dat op dit plak de ûnderbrutsen middenstreek foar in part ûntbrekt.

Overgenomen uit de brief van het college; hieronder staan de volledige vragen en antwoorden.

Aanleiding

Signed By: Buma, Sybrand 14/02/2024 20:03:26 CET ID: 78d8949a-ae33-42e4-b1ef-a60ce49944ab Auth: Scribble

Signed By: de Jong de, Eelke 15/02/2024 09:47:00 CET ID: 78d8949a-ae33-42e4-b1ef-a60ce49944ab Auth: Scribble

Saaknûmer: 2024-001222 Antwurd fan boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen lykas bedoeld yn kêst 42, earste lid, fan it Reglement van Oarder foar de gearkomsten fan de ried fan'e gemeente Ljouwert, yntsjinne op 3 jannewaris 2024. De fragen komme fan FNP en gean oer it ferkearsfeilichens Harnzerstrjitwei N353.

Fragen

Vragen en antwoorden

Vraag 1

Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat de dykmarkearring op dit plak folslein ûntbrekt?

Antwoord van het college

Antwurden Wy binne der fan op ‘e hichte dat op dit plak de ûnderbrutsen middenstreek foar in part ûntbrekt.

De kantmarkearring lâns de berm, dy by dit soarte ûngemakken it foarnaamste is, is noch wol foldwaande oanwêzich en sichtber. It herstel van de middenstreek stie al yn de planning, mar is troch it minne waar fan ein 2023 útstelt nei kommend foarjier.

2.

Is it kolleezje fan tinken dat dizze bocht better oanjûn wurde moat om hja te warskôgjen foar dizze risikofolle ferkearssituaasje, bygelyks mei ferkearsbuorden dy’t oanjouwe dat hja in skerpe bocht nadert?

De Harnzerstrjitwei foldocht oan de minimale easken fan in Gebietsûntslutingswei 80 km/oere.

Fan ‘e plysje hawwe wy begrepen dat hjir wol inkeldsidige ûngelokken barre, meastentiids troch te hurd riden. Dêrom wurdt de bocht better sichtber makke troch it pleatsen fan reflektorpeallen yn de berm.

3.

Is it kolleezje fan tinken dat it tapasse fan maatregels lykas it oanbringen fan bettere dykmarkearring, in fangrail en/of strjitferljochting needsaaklik binne om dizze ferkearssituaasje feilich te meitsjen?

It tapassen fan in fangrail of ljochtmêsten fine wy net needsaaklik. Dat lêste past ek net yn it troch de ried fêststelde beliedsplan ferljochting. Neist de maatregel neamt by antwurd 2 wurdt de kantmarkearring oan de rjochterkant fan de dyk ferfongen troch in attinsje/ribbelmarkearring.

Dizze soarget foar lûd en wurdt fernommen oan it stjoer sadree 't dizze streek oer hinne gien wurdt.

Ljouwert, 13 febrewaris 2024, boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, boargemaster, sikretaris.

*Dit dokumint is rjochtsjildich digitaal ûndertekene.

Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake Verkeersveiligheid Harlingerstraatweg N353

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden