23 mei 2023 · artikel 35-vragen · gemeente Leeuwarden

vragen FNP oangeande kosten en fergunningoanfraach lytsskalige eveneminten

Een raadslid stelde op 23 mei 2023 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.

Brief van het college

Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.

Zaaknummer: 2023-086196 Antwurd fan Boargemaster en wethâlders op skriftlike fragen as bedoelt yn artikel 42, earste lid fan it Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de ried der gemeente Ljouwert, ynstsjinne op 6 april 2023. De fragen binne ôfkomstig fan de FNP Ljouwert en geane oer de kosten en fergunningsoanfraach organisearjen lytsskalige eveneminten.

Vragen Regeljouwing en fergunningoanfragen foar in doarpsfeest of in lytsskalich evenemint as in braderie hoege net gelyk te wêzen. Wolle jimme ûndersykje of de regljouwing yn de fergunningoanfraach foar lytsskalige eveneminten ek soepeler kin?

Antwoorden

1. De gemeente wurket al mei ferskate kategorieën eveneminten. Foar in Aevenemint (leech risiko evenemint) jilde oare yntsjinningseasken as foar in B (midsgrut risiko) of C (heech risiko) evenemint. Wat ienfâldich kin, hâlde wy ienfâldich. De útgongspunten en kriteria foar in evenemintendraaiboek binne yn oerlis mei adviseurs en tsjinsten sa as de “Veiligheidsregio Fryslân” en plysje opsteld.

Dit is ek opsteld om organisaasjes hânfetten te jaan foar it opstellen fan in goed draaiboek wêryn alle gegevens steane dy nedich binne foar it ferkrijen fan in fergunning. De kriteria en yntsjinningseasken wurde dit jier op‘e nij ûnder de loep naam. Wêr dat mooglik is passe wy deregulearing ta. Foar in kundskipsevenemint jilde al legere yntsjinningseasken , wêrby in formulier mei in plattegrûn foldwaande is.

2.

Soe by him werheljende eveneminten (jierliks weromkommende eveneminten) de hichte fan de fergunningoanfraach net nei beneden bysteld wurde kinne?

2.

Spitigernôch kin gjin ûnderskied makke wurde tusken ienrissige en werheljende eveneminten. Dit is opnaam yn de Algemiene Pleatselike Feroardning (art. 1:7) en ek de Ynspeksje foar Sûnenssoarch en de Ynspeksje foar Feiligens en Justysje adfisearje om gjin mearjierrige fergunningen te ferlienen. Eltse oanfraach moatte wy as gemeente beoardielje sadat wy as gemeente fergewissige binne dat de oanfraach foldocht oan de aktuele omstannichheden. Dêr is tiid en ynset foar nedich wêrfoar leges rekkene wurde.

3.

Soe by him werheljende eveneminten de omfang fan de fergunningoanfraach ek beheind wurde kinne?

3.

Nee. De erfaring leart dat eltse oanfraach op harrensels stiet en dat der altiten wer saken oanpast wurde moatte. Dêrneist is it in feilichheids kritysk proses. De ynspeksje foar “Gezondheidszorg” en de ynspeksje foar “Veiligheid en Justitie” advisearet om gjin mearjierriche fergunnings te ferlienen. De reden is dat de risiko’s foar feiligens en sûnens fan in nije edysje fan in evenemint yn dat gefal net ôfwogen wurde kinne en dêr net

1.

Blad 2

leart wurde kin fan eardere edysjes. De beoardieling sil dêrtroch elts jier op‘e nij pleatsfine. 4.

It soargjen foar foldwaande ferkearsfeiligens troch in ferplichte eksterne partij kostet sa’n €1000,-.

Is it kolleezje it mei ús iens dat by repetearjende, lytsskalige eveneminten sa as braderieën de opdracht ‘Zorg voor afdoende verkeersmaatregelen’ foldwaande is?

Ljouwert, 23 april 2023 boargemaster en wethâlders fan Ljouwert,

boargemaster, Signed By: Buma, Sybrand 24/05/2023 12:53:07 CEST {{Signer1}} ID: fe638627-56ba-4f45-9e14-c68080f78477 Auth: Scribble

siktaris.

Signed By: de Jong de, Eelke 24/05/2023 10:26:50 CEST {{Signer2}} ID: fe638627-56ba-4f45-9e14-c68080f78477 Auth: Scribble

*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.

De te nimmen ferkearsmaatregels hâlde ferbân mei ûnder mear de lokaasje fan it evenemint. At dêr bygelyks in strjitte ôfslûten wurde moat, sil dit mei de juste beboarding op grûn fan de “Wegenverkeerswet” barre moatte.

It oantal te pleatsen ferkeersboarden en yn te setten ferkearsregelaars ferskilt per evenemint. De kosten ferskille dertroch ek per evenemint. Der sil altyd maatwurk-advys levere wurde. “Zorg voor voldoende verkeersmaatregelen” is dus net ôfdwaande. De ferkearsregelaar hoecht net beropsmjittig oansteld te wêzen. Dit mei ek in frijwilliger wêze dy’t in fergeze kursus folget fia www.verkeersregelaarsexamen.nl.

Bekijk de brief: Beantwoording vragen FNP oangeande kosten en fergunningoanfraach lytsskalige eveneminten

Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.

Meer vragen aan het college van Leeuwarden

Alle artikel 35-vragen in Leeuwarden