zwemtarieven
Een raadslid stelde op 27 februari 2024 schriftelijke vragen aan het college van burgemeester en wethouders van Leeuwarden.
Brief van het college
Deze brief is niet in losse vragen en antwoorden uit te lezen. Hieronder staat de tekst; het origineel staat via de link.
Zaaknummer: 2024-005082 Antwoord van burgemeester en wethouders op schriftelijke vragen als bedoeld in artikel 42, eerste lid, van het Reglement van Orde voor de vergaderingen van de raad der gemeente Leeuwarden, ingediend op 4 januari 2024. De vragen zijn afkomstig van FNP en gaan over tarieven zwemwater.
Vragen
Antwoorden BV Sport hantearre foar no twa soarten fan jierabonnimenten:
Jierabonnemint Bv Sport: jildich op alle trije lokaasjes Jierabonnemint It Gryn / Kalverdijkje, jildich yn dizze twa baden.
1.
Kin it kolleezje oanjaan oer hoefolle abonneminten it giet yn swimbad it Grien yn Stiens?
2.
Wêrom is it jier abonnemint yn it Gryn yn 2024 ôfskaft en omsetten yn moanne abonneminten?
It spesifike jierabonnemint út 2023 fan swimbad Kalverdijkje/It Gryn wie, troch bygelyks de slúting yn’e simmer, fakânsjes, feestdagen en de beheinde iepeningstiden, berekkene op 44 beskikbere wiken.
Yn’e praktyk hat bv Sport ûnderfûn dat de struktuerele swimmer graach trochswimt. Mei it oanbieden fan it nije moanne abonnemint (mei tagong ta tot alle baden en dêrtroch struktureel en útwisselber oanbod) is dit better mooglik makke.
De swimmer dy’t geregeldwei, maar net it hiele jier troch, swimme wol (dus bygelyks 40 wiken per jier) kin neist it perioadike gebrûk fan it (per moanne opsisbere) moanne abonnemint, ek gebrûk meitsje gean fan de geunstige mearbadenkaart of dei-kaart, ôfhinkelik fan de swim-behoefte.
3.
Wêrom is it bedrach fan it jier abonnemint fan 2023 net gewoan troch 12 moanne dielt en hantearre as moanne taryf foar 2024?
De produkten binne net gelyk (sjoch it antwurd op fraach 2). Sa as men wit, binne de kosten fan it swimwetter de ôfrûne jierren bot tanaam. De lege prizen foar jier abonneminten binne allinnich maar yndeksjearre en dêrmei stienen se hieltiid minder yn ferhâlding ta de kosten en de oare tagongsprizen.
Troch de yndeksaasjes binne de ferskate prizen de ôfrûne jierren bot útinoar groeid. Wylst it oanbod (yn dit gefal it banenswimmen) 1 op 1 fergelykber is. Mei it wizigjen fan de prizenstruktuer is dit reparearre.
4.
Is it kolleezje it mei de FNP iens dat in priisstiging fan 87% yn 1 jier gewoan absurd is?
De priisstiging fan de ferskate prizen is net 1 op 1 te fergelykjen. De struktuer fan de abonneminten is feroare. It nije moanne abonnemint kint in tal fan oare betingsten en in rommere beskikberens en fleksibiliteit. De gefolgen sille ek ferskillend wêze, ôfhinkelik fan it gebrûk fan it abonnemint. De swimmer kin sels kieze hokker foarm fan kaartsjes
Blad 2
of abonnemint it bêste by syn of har swimbehoefte past.
Foar de hâlders fan in jier abonnemint 2023 jildt in oergongsregel. Sy kinne harren jier abonnemint ien kear ferlenge. Dit is yn desimber en jannewaris kommunisearre nei alle hâlders fan aboneminten en mearbadenkaarten. Foar harren is it bedrach fan it jier abonnemint wol yndeksearre foar 2024. 2023 2024 Jier abonnemint Kalverdijkje/It Gryn 2023 € 208,00 en 2024 € 222,60 Jier abonemint bv SPORT 2023 € 280,00 en 2024 € 300,50 5.
Yn it koalysje akkoard “vergroenen,verbinden, verwaarden” stiet “daarbij zien we sport en bewegen als belangrijk middel om gezondheidsachterstanden in te lopen” fraach: Hoe ferhâld de 87% priisferheging sich tot dizze tekst?
De prizen fan de swimbaden binne net mei 87% tanaam. Trochsneed binne de prizen foar alle sporttariven mei it troch de gemeente foar 2024 hantearre persintazje fan 7.2% ferhege. Oer it algemien binne de prizen yn de ôfrûne jierren minder tanaam as de gemeentlike yndeksearring.
Júst om it sporten en it bewegen foar elts betelber te hâlden. Dêrneist konstatearje wy dat de stiging fan de kosten fan BV sport mear is dan 7.2%. It gefolch dêrfan is dat in grutter part fan de kostpriis út de algemene middelen betelle wurdt.
6.
Is it kolleezje fan miening dat mei sokke priisferhegings de swimsport foar alle doelgroepen net tagonklik is of bliuwt?
Der is benammen in feroaring yn de stuktuer fan de abonneminten. Ôfhinklik fan it gebrûk fan abonnemint, mearbadenkaart of losse kaart nimt de priis foar in swimmer mei mear of minder dan it yndeksearringsbedrach ta.
Sa feroaret foar de losse (ynsidentele) besiker de priis hast net. Dêrmei bliuwt it ynsidenteel swimmen foar in grutte groep, ek foar ynwenners mei in smelle beurs, betelber. De regelmjittige swimmer kin kieze foar in mearbadenkaart of foar in moanne abonnemint foar maar € 30 per moanne.
Men kin dan foar minder dan € 7.50 per wike ûnbeheind swimme.
De prizen foar reguliere dei-kaarten foar it Gryn binne gelyk bleaun op € 5,70.
7.
Kin it kolleezje útlizze werom überhaupt san priisstiging foar in moannetaryf nedich is?
Sjoch antwurden 6
8.
Yn it koalysjeakkoard stiet op side 19 dat yn it nije sportbelied een nije
De nije fisy op swimwetter sil ûnderdiel wurde fan de letter dit jier fêst te stellen “kadernota sport
Blad 3
visie op de swimbaden komme sil.
Der sil struktureel mear jild frij makke wurde foar BV Sport wurd skreaun. Fraach: wurdt dizze strukturele ekstra bydrage foar BV Sport no troch it kolleezje fuort by ús sporters wei helle troch de tariven extravagant te ferheegjen?
en bewegen”. De ekstra bydrage oan bv Sport út it koalysjeakkoard is útjûn oan it ferleegjen fan de struktuerele tekoarten dy’t der alle jierren wienen by bv Sport. By it opstelle fan it koalysjeakkoard waard dit begrutte op € 450.000 struktuereel. Dit blykte (nei analyze) folle mear.
Overzicht van indexering
Tarieven Tarief kaartje BG Piek Tarief kaartje BG Piek online Tarief kaartje BG Dal Tarief kaartje IG Buitenbad seizoen Tarief kaartje IG Tarief kaartje KD
2020 € € € € € €
6,00 6,00 6,00 5,00 5,00 4,00
2021 € € € € € €
6,20 6,20 6,20 5,20 5,20 4,20
2022 € € € € € €
6,60 6,60 6,60 5,50 5,50 5,00
2023 € € € € € €
7,00 7,00 7,00 6,00 5,70 5,50
2024 € 8,00 € 7,50 € 7,00 € 6,50 € 5,70 € 5,70
Note:
- Sinds 2024 zijn de tarieven verder gedifferentieerd waarbij sporten c.q. banenzwemmen minimaal zijn gestegen en recreatief wel is geïndexeerd.
- Piek en dal tarief is ingevoerd per 1-1-2024
Leeuwarden, 27 februari 2024, burgemeester en wethouders van Leeuwarden,
burgemeester.
Signed By: Buma, Sybrand {{Signer1}} 27/02/2024 21:52:38 CET ID: f8eeee7a-b93c-43e2-9d06-d545cf61ec1a Auth: Scribble
secretaris.
Signed By: de Jong de, Eelke {{Signer2}} 06/03/2024 15:52:04 CET ID: f8eeee7a-b93c-43e2-9d06-d545cf61ec1a Auth: Scribble
*Dit document is rechtsgeldig digitaal ondertekend.
Bekijk de brief: Beantwoording schriftelijke vragen FNP inzake zwemtarieven
Bron: raadsinformatie van de gemeente Leeuwarden (Open Raadsinformatie). De vragen en antwoorden zijn automatisch uit de brief gelezen; het origineel is leidend.